18,749 datasets found
Dutch Keywords: sterven Narrator Gender: male Place of Narration: Twijzelerheide
Doe't myn frou stoar hie se ek alles al fan tofoaren sjoen. Hja wie doe útfanhûs by har dochter yn Bûtenpost.
nl.verhalenbank.34462
As in tsjoenster dea is, is 't in slap popke. Us mem hat yn 1918 mei de Spaenske gryp in tsjoenster ôflein. Se woarde net stiif en bleau like slap as in flarde.
nl.verhalenbank.10688
Ik haw in frou kend, dy seach wit hoe faek in lykstaesje. Dan woarde se optild en oan kant set. Hja libbet noch en wennet yn 'e Westerein. Hja hat twa kear de man forlern en noch fiif bern.
nl.verhalenbank.28701
Dy't net stjerre koe, hie hwat oan, dat op snein naeid wie. Men moest der dan in knip yn dwaen.
nl.verhalenbank.38327
Wy mochten thús net neilknippe op snein, hwant, sei heit letter, as wy dea wienen moesten wy al dy stikjes neil wer opsykje en byelkoarfandelje.
nl.verhalenbank.34483
Kij Plantinga fan Hiltsjemuoiwâlden is myn skoanheit. Dy syn skoansuster, Hiltsjemuoi, wennet oan 'e greate strjitwei by de Koaten. Hiltsjemuoi wyt mear as in oar. Yn 1936 krigen wy in famke, dat woarde dea geboaren. Wy kamen faek by Hiltsjemuoi, dat ik gong dêr hinne om it to sizzen. Sa't ik der by har stie - ik hie noch neat sein - doe sei se: "'t Is...
nl.verhalenbank.34461
As in houn spokgûlt, is der in sterfgefal op til. Soms giet er lizzen foar de doar fan deselde, dy't gau stjerre sil. Wy ha 't faek meimakke.
nl.verhalenbank.28449
By de Spoarbrêge matte twa famkes forsûpt wêze. Letter kuijeren dy beide famkes jouns op 'e spoarbrêge. Guon ha se dêr rinnen sjoen.
nl.verhalenbank.34467
Tusken Harkema en Surhústerfean by de feart, sahwat by Buma, ha se trije kear 'Help!' roppen heard. Mar dêr wie net in minske to sjen. Letter is dêr de frou fan Marten Veenstra yn 'e feart rekke. Dat wie sahwat sawn, acht wiken letter. Dy is dêr doe forsûpt. Dat minske hat doe ek om help roppen.
nl.verhalenbank.10677
In wearwolf is in forbastering fan in houn en in minske. It is in minske dy't dea is. Dy syn siele krijt gjin rest. Hwant hy hat oars neat as forkeards dien. Dat docht er nei syn dea nòch. Hy hat it gesicht fan in minske, mar it gedrach fan in wolf. Hy raest ek as in wolf. Hy mat de boel forniele. As der in skiep forskuord wie krige de wearwolf de skuld.
nl.verhalenbank.34473
As der ien stoarn wie en dy hie noch in bigearte, dan oppenearre sa'n ien him letter. Dan moesten se datselde, hwat er bigearde, op it graef dellizze. 't Wienen yn 'e regel klean.
nl.verhalenbank.28439
Der wie ris in man, dy lei op syn stjerbêd. Hy wie earnstich siik. It wie in frijmetseler. Der kom in stem ta him, dy sei: "Astû dy net bikearste, dan bistû forloaren." Doe't de need op it heechst wie, stjûrde er syn frou nei dy organisaesje fan 'e frijmetselaren ta. Hy moest dêr by wei. It minske kloppe dêr oan by dat gebou en sy die har boadskip. Sy...
nl.verhalenbank.28765
Dy't hwat oan hat op it stjerbêd dat op snein makke is, kin min ta stjerren komme.
nl.verhalenbank.29480
Se gongen froeger hjirwei in bulte nei de Grinzer klaei ta to arbeidzjen. Op in kear hie skoanmem ek mei west dêr hinne. Sy kommen op in joun let werom. 't Wie in hiel ein rinnen. Sy roannen op 't spoar, dat wie 't koartste. Dat gong rjocht op 'e Westerein oan. Doe't se omtrint oan 'e Westerein ta wienen, doe seach skoanmem twa mannen yn 't swart rinnen,...
nl.verhalenbank.28760
Myn wiif hie froeger in kammeraetske. Dy har pake wie in apart man. Hy hie in kammeraet. Dy beiden hienen elkoar biloofd, hwa't it earst stoar fan har beiden, dy soe werom komme en dy soe sizze hoe't it dêr yn 't hjirneimels wie. Dy kammeraet fan har pake stoar. In pear nachten letter woarde der hyltyd by har pake kloppe, midden yn 'e nacht. Har pake wie...
nl.verhalenbank.28762
As Bontsje Keke tynge krige fan in lykstaesje mòest er dêr op 'e tiid wêze. Hy mocht net to let komme, hwant dan wie 't mei himsels gebeurd. Dat wist er wol. Dêrom hied er altyd sa'n haest.
nl.verhalenbank.37660
Tsearde Antsje fortelde ek: "Myn man Tseard wie dea. Op in nacht mei ljochtmoannewaer kaem hy der oan. Earst fóár hûs, doe njonken it hûs lâns en doe achter it hûs. En dêr waerd er wei. Ik haw him mei de egen folge."
nl.verhalenbank.22118
Spûkgûlt der in houn, dan mat der ien tichteby stjerre.
nl.verhalenbank.38657
Myn âldste suster wie twa jier âlder as ik. Sy stoar. Myn broer en ik leinen op bêd. Krekt in ûre foardat se de kiste foar myn suster brochten, hearde ik tige klear en dúdlik dat se 't hynder by ús útsloegen. De izeren sile foel op 'e groun. 't Wie jouns. Doe hearde ik dat se hwat tilden en dat yn 'e hûs brochten. "Dêr binne se", sei 'k tsjin myn broer....
nl.verhalenbank.27373
Bern, dy't gjin deadsklean meikrige ha, spûkje ek.
nl.verhalenbank.10694