Op 'e Heideloane by 't swarte krús (poepekrús) oan 'e Simmerdyk fan Burgum nei Hurdegaryp spoeke it.
nl.verhalenbank.31246
Yn 'e Foksegatten wienen ek spûken.
Ek by de Skilige Piip spokke it.
nl.verhalenbank.29664
Yn Jistrum wienen froeger huzen, dêr spoeke it yn. Ek yn 'e Westerein wie sa'n hûs. De bern mochten dêr net komme, dat wie net fortroud.
Ek yn 'e Koaten stie sa'n hûs, dêr wennen in broer en in suster yn.
nl.verhalenbank.31197
Hurdegaryp - de iepen hekke fan dokter Bontekoe.
nl.verhalenbank.21964
De hekke by 't hûs fan dokter Bontekoe to Hurdegaryp gong altyd fansels iepen. Dêr passearde hwat lâns dat se net seagen, dêr moest de hekke foar iepen.
nl.verhalenbank.31977
Op Bennema-state to Hurdegaryp wenne froeger dokter Bontekoe. Yn dy tiid koenen se de hekke foar 't hiem noait ticht hâlde. Dy gong altyd fansels wer iepen as se him ticht dienen.
nl.verhalenbank.31608
Der wie in hûs yn Feanwâldsterwâl, dêr spokke it. Dêr dounsen nachts de turven yn om.
nl.verhalenbank.29671
Sûnt de Strjitwei fan Jistrum nei Eastemar oanlein wie, binne de spoeken ûnder dy wei bigroeven, plichte ús mem to sizzen.
nl.verhalenbank.21956
To Hurdegaryp stie altyd in hekke dy koenen se mei gjin mooglikheit ticht hâlde, dy gong altyd fansels wer iepen. Dat wie by it hûs fan dokter Bontekoe.
nl.verhalenbank.31245
Der spoeke by Aldegea (H.O.) in wylde baerch, dêr't de lju o sa bang foar wienen.
nl.verhalenbank.21965
Yn Hurdegaryp wenne dokter Bontekoe. Dy hie in hekke foar syn tún, dy woe noait tichtbliuwe. Dat doogde fansels net. Dy hekke stie altyd iepen.
nl.verhalenbank.29686
To Hurdegaryp, by it hûs fan dokter Bontekoe, wolle de hekken noait ticht bliuwe. Dêr hat de duvel ek mei to meitsjen.
nl.verhalenbank.31195
As der wite skûmkoppen op 'e baren fan 'e mar sitte sizze wy: dêr ride wite wiven op.
nl.verhalenbank.31185
Fan 'e hoeke fan Gariper heide ôf en Garyp, dêr't de pleats fan Sjoerd Brandsma stiet, rint in paedtsje nei de Inialoane ta. Men mat dan oer in sleat en dêr leit it bucheltsje hout oer. Myn omke gong dêr ris lâns, doe't er noch feint wie. Hy kaem razendewei thús en sa wyt as in deaden. Dêr hie sa'n raer ding op it paedtsje lein as hy noch noait sjoen hie.
nl.verhalenbank.31964
Yn Kûkherne spoeke in hynder by nacht. Deis wie it der net. Mar nachts dan hearden se it wrinzgjen.
nl.verhalenbank.31203
Tusken 12 en 2 ûre yn 'e nacht legen pake en dy (fiskers to Feanwâldsterwâl) de netten noait, hwant dan kaem 't net goed.
nl.verhalenbank.31000
It âlde Talma-hûs to Feanwâlden is in spookhûs. Dêr hat alear in notaris yn wenne, mynhear de Clerq. Myn omke (Albert-om) wie dêr húsfeint. Dy fortelde, dêr spûke altyd in frou, in dame, yn dat hûs om.
nl.verhalenbank.31017
Tusken Jistrum en de Grinzer Strjitwei, by in bocht tichte by 't Harstepaed, waerd altyd in wite forskining sjoen. Ien is dêr alris sa kjel fan woarn, dat hy is hals oer de kop thúsfleanen kaem.
nl.verhalenbank.21957
Oan 't Spûkeloantsje to Jistrum spoeke altyd in wite juffer, woarde der sein, mar ik ha 't noait sjoen.
nl.verhalenbank.27556
By Bontekoe yn Hurdegaryp woenen de hekken noait ticht bliuwe. Hoe koe dat nou?
nl.verhalenbank.23619