De hekke fan dokter Bontekoe yn Hurdegaryp gong altyd fansels iepen. Dat wie spûkerij.
nl.verhalenbank.21988
Klaes Wybenga hie forkearing mei in faem, dy wenne op 'e Frijstêd. Doe't er dêr foar de earste kear hinne gong seinen de minsken tsjin him, hy moest foarsichtich wêze, hwant dêr roan in strûpt hynder. Mar Klaes swearde by heech en by leech dat it him neat skele koe.
Op in snein-to-joun soed er wer ris nei de faem ta, doe seach er dêr it strûpte hynder...
nl.verhalenbank.33426
Op 'e Koopmanswei yn 'e Westerein spûke nachts altyd in houn.
nl.verhalenbank.23775
Yn 'e Westerein oan 'e Langereed wie in plak, dêr moest men by nacht net lâns, seinen se, hwant dêr spoeken altyd twa berntsjes.
Op 'e Langeloane spûke it ek.
nl.verhalenbank.23769
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp gongen de hekken altyd sa mar fansels iepen.
nl.verhalenbank.22127
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp koenen se de hekke noait ticht hâlde.
nl.verhalenbank.22157
Kij wie yn Dútslân oan 't wurk. Ik wie allinne thús en doe soe 'k op in joun nei Kij syn mem ta. 't Wie donker, mar ik koe wol sjen. Ik hie in line achter hûs spand. De iene linepeal stie foar de reed oer. Doe't ik dêr oan ta wie stie dêr in minske, alhiel yn 't wyt. Ik bin werom gong yn 'e hûs.
De oare moarns bin 'k nei Kij syn beppe ta gong. Dy sei, ik...
nl.verhalenbank.33514
Wy ha yn 'e Falom wenne yn 't hûs fan âlde Knjillis. Doe't ik dêr hinne soe, seinen de minsken: "Dû mast dêr net hinnegean hwant it spokket dêr."
Dêr ware alle nachten in frou om yn dat hûs, mei in bûnte skelk foar. 't Wie âlde Knjillis syn wiif. Knjillis wie froeger skipper. Doe't dy stoar binne wy yn dat hûs kom.
nl.verhalenbank.33425
De heit fan myn skoandochter hat faek nei de Grinzer klaei ta west to arbeidzjen op 'e bou. Hy hat dêr ris yn in spûkskuorre oernachte.
Se hearden dúdlik dat der dêr midden yn 'e nacht yn dy skuorre terske woarde. De skuorredoarren gongen iepen en de hynder-en-wein kom der oanriden; en dan waerd der sein: "Fuort, kedde!"
Dat hied er allegear klear heard.
nl.verhalenbank.23767
Anders Feltsje kaem us op in nacht by de faem wei. Dy faem wenne yn 'e Westerein. Hy wie noch mar in eintsje ûnderweis, doe kaem der him in hiele grouwe koalle fjûr op side. Dy gyng mei him oan 'e doar ta. As hy hurder roan, dan gyng dy koalle fjûr ek hurder. (feltsje is in bynamme)
nl.verhalenbank.22125
Yn 'e buert fan Burgum wie in lânne, dêr spokke it altyd yn. Jochum bargekoopman kaem dy kant út wei. Dy fortelde it ús. Hy sei, syn heit wie dy lânne us yn gong. Dy woe der mear fan witte. Hy seach it spoek en spriek it oan. Hy sei:
"Bist fan God, spreek. Zijt ge van de satan, wijk."
It spoek wie útnaeid en 't hie dêr noait wer west.
nl.verhalenbank.22154
Ast' bûten komste en der komt dy in swart ding op side, dan is dat forkeard.
As 't yn 't wyt is, is 't goed.
nl.verhalenbank.22153
Myn broer kaem us op in nacht by de faem wei út Burgum. Doe't er by 't Wyldpaed wie by Arentsfeart seach er yn 'e berm in houn sitten. Earst koed er net sjen hwat it wie. It wie in beest noch greater as in keal. En 't wie rûch en swart. 't Hie hiele greate egen yn 'e kop. En de kop wie sa great as dy fan in bolle. En 't hie greate tosken. Myn broer stapte...
nl.verhalenbank.22128
Oan 'e West-kant fan 't spoar yn 'e Westerein spoeken twa famkes mei reade skelkjes foar.
nl.verhalenbank.23418
Myn mem hie in suster, dat wie myn muoike. As dy nachts nei de plé ta gong kom der altyd in neaken popke by har opkrûpen en gong by har op 'e skoat sitten. De plé stie bûtendoar.
Sjoukjemoai wie oars net sa gau fan 'e wize, mar ien kear ha se har dêr weihelle, doe wie se biwusteloas delfallen.
Doe fortelde se ús heit en mem fan dat popke.
Dat berntsje wie...
nl.verhalenbank.33435
Der sieten ris twa Westereinders op in joun yn in boatsje in eintsje fan 't spoar ôf op 'e Swemmer. Doe seagen se dat dêr op it spoar in ding hinne en wer roan.
It wie in wyt ding, dat gong by de brêge del en kom flak by de boat yn 't wetter. Doe soenen se der op slaen mei de rym (= spaan), mar doe wie 't ding fuort.
(in swager fan my wie ien fan dy beide...
nl.verhalenbank.23768
Yn Kloosterburen wie in skuorre, dêr spûke it yn. Dêr woarden se fan 't iene plak nei 't oare smiten, as se dêr oernachten. Dêr moest rûmte makke wurde, hwant dêr moest hwat lâns.
nl.verhalenbank.20103
Doe't ik yn Kloosterburen by de boer wenne, wie dêr nachts faek 'voorbereiding'. Dan koe 'k net sliepe. Dan gong de tsjerne sa'n hiele nacht troch, wylst der net ien by wie. Hwant oeral is nachts 'voorbereiding' fan.
nl.verhalenbank.20102
Yn 'e Houtigehage ha minsken wenne, dy hienen twa berntsjes forlern. Dy berntsjes wienen bigroeven woarn sûnder deakleantsjes oan. Doe kommen dy berntsjes dêr nou en dan to boartsjen mei de oare bern. Dan wienen se alhiel neaken. Doe hat de mem op in joun deakleantsjes dellein op 'e stoel, dy't yn 'e hoeke stie.
De oare moarns wienen de deakleantsjes...
nl.verhalenbank.20100
By de Boelensloane wie in hiem mei in hage. Dêr siet in gat yn dy hage, dat koenen se noait ticht krije. Hwat se der ek yn planten, it gong altyd dea. It gat koe noait ticht.
Op in kear stie der in frommes yn dat gat.
Hja sei tsjin 'e frou dy't dêr wenne: "Durft gij wel sterven?"
"Jawol", sei dy.
"Dan is uw rustplaats hier", sei doe dat minske wer.
Doe...
nl.verhalenbank.20118