7,185 datasets found
Dutch Keywords: spokerij Narrator Gender: female Place of Narration: De Westereen
Yn Grinslân wie in pleats, dêr hearden se nachts altyd de tsjernmoune gean. Der waerd al sûnt jierren net mear tsjerne, mar de lûden wienen der alle nachten noch. Ek it rinnen fan it hynder yn 'e rounte hearden se. Dat wie spûkerij.
nl.verhalenbank.36527
In omke fan my fortelde ús, op 'e Boppewei ûnder 'e Westerein dêr spoeke jouns altyd in âlde hear om. Dy kom alle jierren ien hoannestap tichterby. Se seinen ek wol dat it in pleachbeest wie.
nl.verhalenbank.36324
Yn Hurdegaryp, op it hiem fan dokter Bontekoe, stie in hekke, dy koenen se nachts noait ticht hâlde. Dêr moest in pleachbeest lâns. In pleachbeest seach der út as in grouwe, swarte houn.
nl.verhalenbank.36325
Yn 'e Westerein spoeke nachts in greate, swarte houn.
nl.verhalenbank.20919
To Hurdegaryp is in hekke foar Bennema-state, dêr't dokter Bontekoe wenne hat; dy hekke koenen se noait ticht hâlde. Myn man ried dêr faek mei de bargewein lâns nei Ljouwert ta. Doe ha se in kear bisocht him ticht to hâlden, mar hy gong wol wer iepen, sa fêst koenen se him net sette. Hja ha dêr letter noait wer by west.
nl.verhalenbank.30069
Us mem wie ris mei har kammeraetskes nei Feanwâldster merke. Op 'e weromreis wie 't tsjuster. Ûnderweis roan der mem in ding foarby, dat hie in bern op 'e earm. It hie net op in minske like, sei mem. It hie twa donkere strepen oer de lea hawn, fan boppe nei ûnderen ta. It hie ek hwat roppen en it sweefde min of mear.
nl.verhalenbank.34550
Oan 'e Boppewei sit in kiste mei jild yn 'e groun. Yn Uthuzen wie in spûkskuorre, dêr doogde it net. Dêr woe noait ien sliepe.
nl.verhalenbank.36877
Op 'e Boppewei spoeke de âlde hear. Dy koe de rêst net krije, omdat der in skat yn 'e groun siet. Dy moest dêr earst wei.
nl.verhalenbank.36330
Yn 'Westerein roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Yn dy brijpot siet in sleef.
nl.verhalenbank.20571
Op in sneintojoun kom ik mei myn kammeraetske hjir oer in brechje, dêr't se fan seinen dat dêr altyd wearwolven tahâldden. Dy jouns ha wy tige dúdlik kôgjen heard, mar wy ha neat sjoen.
nl.verhalenbank.30077
Dêr't Mient de Haan wennet - hjir yn 'e Westerein, binne froeger in pear berntsjes formoarde woarn. Dy stumperkes koenen doe gjin rêst krije. Sy dwelmen nachts om. Mient de Haan hat se in kear sjoen op in joune let. Hja hienen klean oan hawn.
nl.verhalenbank.34554
To Feankleaster, by de beide slotten, dêr spoeket it. Guon ha dêr wite wiven spoekjen sjoen. By de daem hingje soms sokke wiven mei de earms oer de hekke hinne.
nl.verhalenbank.20537
By de boer Biesterveld yn Uthuzen wie ek in spûkskuorre. Dêr ha wy ek wol slept. Ik en myn man wienen doe noch net troud. Myn man en syn maet sliepten njonken elkoar. Hja hienen har horloazjes op in joun by elkoar lein yn 'e pet fan myn man. De oare deis koenen se de kettings fan 'e horloazjes net wer útelkoar krije.
nl.verhalenbank.30091
Op 'e Lange loane yn 'e Westerein hat Anne Elzinga (in man) in hiele protte folk sjoen, dat lang al dea wie.
nl.verhalenbank.20914
To Hurdegaryp is in hekke, dy't se net ticht hâlde kinne. Yn 'e nacht giet er fansels iepen.
nl.verhalenbank.36526
Yn Hiltsjemoaiwâlden is in daem, dêr spûke altyd in wite juffer.
nl.verhalenbank.36521
Myn man wie mei nòch ris ien mei hynder en wein achter Kollum. Doe kommen se op in plak, der koenen de hynders noait fierder. Dêr wie hwat dat net doogde. Myn man koe 't net sjen, mar de hynders wòl. Dy wienen binaud.
nl.verhalenbank.36522
In omke fan mij hie yn syn feintetiid ris nei Feanwâlden nei de froulju ta west. Hy moest troch in loane. Doe't er sahwat op healwei wie hie dêr in hiele grouwe, swarte houn stien. As in keal sa great. Hy stie dwars foar him. Woe omke him rjochts foarby dan gong er dêr stean. Gong er oan 'e linker kant stean, dan stie de houn ek links. Omke koe net in...
nl.verhalenbank.36523
Der wenne in frou yn 'e Westerein, dy koe net bêst mei har man oer de wei, se hienen faek spul togearre. Dy frou kom to forstjerren. In skoft letter sei 't buorfamke tsjin har mem: "Mem, ik ha buorfrou stean sjoen. Hja stie dêr en dêr. Hja wie yn 'e nachtpon."
nl.verhalenbank.36329
Yn Twizelerheide stie in arbeidershûs, dêr wenne Wytse Sakesfolk yn. Dêr spoeke it. Der ha letter noait wer minsken yn dat hûs wenje wold. Sy ha it ôfbrutsen, hwant it stie altyd leech. It wie neat wurdich. 't Stie tichte by de feart. Alde Folkert hat der yn wenne.
nl.verhalenbank.20565