7,336 datasets found
Dutch Keywords: spokerij Narrator Gender: female Place of Narration: Boelenslaan
Op Surhústerfean, op 'e hoeke fan Boelensloane stiet in boereplaets, dêr wennet nou Hânsma yn. Dêr wie in doar yn dy plaets, dy koenen se noait ticht hâlde. Al dienen se him noch sa bot op slot de jouns, de oare deis stie er iepen.
nl.verhalenbank.32783
Oan it lêste eintsje fan 'e Boelensloane, tichte by it Blauhûs dêr spûken altyd in keal en in swarte houn. Gong dêr ien lâns, dan roan dy houn in ein mei. As er in ein mei roan hie, bleau er stean en gong werom.
nl.verhalenbank.28315
Noait midden op 'e wei rinne, hwant as der hwat is, dan rint men dêr by op en falt men der achter wer by del. Dat jildt foaral foar nachts foar tolven.
nl.verhalenbank.21905
By 't Blauhûs roan in pleachbeest. 't Wie krekt in grouwe houn. Net ien doarst dêr jouns allinne lâns.
nl.verhalenbank.32419
Tichte by 't Blauhûs wienen froeger houtsjes. Dêr spoeke nachts altyd in bûnte stabijhoun.
nl.verhalenbank.17738
As der in pleachbeest by jin komt, mat men in koarste brea oer 't linker skouder hinne smite.
nl.verhalenbank.19308
It spukgûlen fan in houn, it geskatter fan eksters, en it rare lieden fan in klok binne oanwizings fan in sterfgefal.
nl.verhalenbank.21906
Us mem fortelde, der wie in jonge feint, dy moest moarns altyd nei 't lân ta to skiepmelken. Op in kear kom der in wite gedaente op him ta. Dêr wie dy jonge binaud foar en hy gong werom. Dat gebeurde de oare deis wer. Doe sei de arbeider fan 'e boer, dêr't dy jonge wie: Nou sil ik dêr ris hinne. Hy hie in stik izer by him. Hy wachte by de barte dy't oer...
nl.verhalenbank.28319
Germ Smous roan mei syn jonge by Bearne daem. 't Wie jountiid. De jonge sei: "Heit, ik sjoch dêr hwat. Dat liket gjin goed spul." "Ik sjoch it net. Sweeft it of giet it?" "It sweeft." "Set dan sok."
nl.verhalenbank.17354
Yn 'e Houtigehage wie us ien stoarn, dy kom nei de dea hyltyd wer. Doe ha se in dûmny ophelle dy't dyselde forstoarne oansprutsen hat. De dûmny frege hwat syn bigearte wie. Doe sei er, hy hie gjin deaklean meikrige doe't er stoarn wie. Doe ha de minsken op oanrieden fan 'e dûmny op in joun deaklean foar him op 'e tafel lein. Dy nachts kom de forstoarne en...
nl.verhalenbank.17735
Hindrik Kooistra fan Boelensloane soe nei de boer ta, dy wenne op it Fean. Doe't er sahwat oan 't Blauhûs ta wie, oan 'e oare kant Sierd Pool, gong der ien njonken him yn 't wyt, dy sweefde sahwat. Hindrik sei "Morgen", mar dyselde hie neat werom sein. Doe waerd Hindrik bang en makke hurd dat er by de boer kaem. Dat wie Wytse van der Lei, dy fortelde hy...
nl.verhalenbank.17326
Fan 'e Boelensloane nei 't Blauhûs ta spûke in houn.
nl.verhalenbank.25655
Oan 'e Trije Roede spoeke it ek. It is sahwat op Bearnedam. (skieding Boelensloane - Surhústerfean)
nl.verhalenbank.21403
Yn Hurdegaryp wie in hekke, dy koenen se net sa fêst meitsje dat er ticht bliuwe koe. 't Wie in izeren homeije, hy stie altyd iepen.
nl.verhalenbank.24389
Yn Hurdegaryp wie in hekke dy't samar fansels altyd iepen gong.
nl.verhalenbank.36205
To Diepswal, oan dizz' kant de Like, is al us ien smiten woarn.
nl.verhalenbank.19597
Op 'e Goudberg roan in neaken bern om. Dat spoeke dêr. Boardzer Bruining hat it sjoen, biweart er.
nl.verhalenbank.21414
De spoeken komme út 'e ruskepôllen wei.
nl.verhalenbank.28142
Ek spûke dêr in houn ûnder in damke. Hy bleau dêr altyd en blafte soms.
nl.verhalenbank.28136
Ik wie ris in kear op 't Wytfean mei myn beide maten. Wy gongen skeanoer en doe troch in droege sleat. Myn beide maten wienen der al troch. Doe't ik der troch soe gong der in gedaente deun foar my lâns. It wie hwat dat sweefde. Noait ha 'k witen hwat dat wie.
nl.verhalenbank.28324