It Bûtenfjild, dat wie froeger allegearre sompe en wetter. It lei achter Feanwâldsterwâl. As jy dêr op it hynder trochhinne rieden seagen jy dêr by jountiid de dwaelljochtsjes (wylde lantearnen). As jy dy ljochtsjes folgen, dan gongen jy ûnherroepelik it moeras yn en seagen se jin net wer. 't Wie de duvel dy't jin dêr hinne lokke.
nl.verhalenbank.31012
Krekt oer de feart to Feanwâldsterwâl roun in fôlle mei in brijpot om 'e nekke.
nl.verhalenbank.29663
Hjir en dêr binne plakken dêr kin men bislist net oanlizze. Op sa'n plak komt dan soms in paed út, dat fan 't tsjerkhôf komt. Dêr wurdt it lyk lâns brocht en in lyk mat altyd frij paed ha, dêr mat alles foar wike.
As men dêr lizzen gong, dan gong it altyd raer en it skip rekke fêst los. Gong men in eintsje fierder lizzen, dan wie it goed.
nl.verhalenbank.29689
Dêr wie in fisker, in sekere Bylsma, dy moest mei de boat fan Warten nei Earnewâld. Doe wie dêr in reizger, dy moest ek nei Earnewâld ta, mar dy moest rinne.
De fisker sei tsjin him: "Jo kinne wol mei farre, dan binne jo in hiel stik gauwer to plak." Dat gong oan, de reizger stapte yn 'e boat. De reizger naem ûnderweis in prûmke tabak út 'e doaze en doe't...
nl.verhalenbank.31978
Yn Hurdegaryp wie in hekke by it hûs fan dokter Bontekoe, dy koenen se noait tichthâlde. Tichteby hat in âld hûske stien, dêr mat ris ien yn formoarde wêze en dy selde koe letter gjin rêst krije. Dy moest dan troch dy hekke. Der ha wol guon west dy makken de hekke fêst, dan hâldden se de wacht der by. Mar as se der dan even net om tochten, dan gong de...
nl.verhalenbank.38126
By de Lange Sleatten spûke it. Dêr hat in man tahâlden, dy wenne dêr mei syn dochter yn in aek. Op in kear wie dy man net thús. Syn dochter wie allinne yn 'e aek. Doe seach se dat der oan 'e oare kant fan 'e feart ien stie to winken. Dy woe oerset wurde. 't Wie skimerjoun. Hja roeide nei him ta, mar doe't se tichterby kaem seach se dat er gjin fuotten...
nl.verhalenbank.36733
Yn Noardermar wennet Goaitsen de Vries. Op dy syn buorkerij wie 't froeger net plús. Dêr ried nachts de wein samar út himsels troch de skuorre, sûnder hynder der foar.
De minsken doarsten dêr nachts net troch de skuorre hinne.
nl.verhalenbank.38135
Yn Noardermar wenne âlde Iebeltsje. Dy hie in dochter, dy waerd kranksinnich. Doe liet hja dy dochter wenje yn in gat, dat se yn 't hea makke hienen, dêr koe se net wer út komme. Dêr krige se har iten en dêr die se har bihoeften. Klaske hiet se, mar se seinen Kajje tsjin har.
Letter doochde it dêr net mear yn 'e skuorre. Doe spoeke Kajje dêr, dy't doe al...
nl.verhalenbank.31234
Oan 'e Langeastloane is 't Klaesboskje. Dêr hat ien him ris ophong. Sûnt hinget er altyd jouns oer de hekke hinne.
nl.verhalenbank.31404
Yn Burgumerheide is in poel, dy't net to bidjipjen is.
Yn Burgumerheide is ris in bern fordronken. Letter ware dat bern dêr soms om. Guon ha dat sjoen.
nl.verhalenbank.31200
By 't spoar yn 'e Westerein wie in greate bult. Ut dy bult kamen nachts in pear famkes mei reade doekjes om 'e hals, dy spoeken dêr om. Dy famkes wienen dêr formoarde woarn. Se hienen har de hals útsnien en nou koenen se net rêste. Hja sweven oer de spoarbrêge hinne en sa gongen se by 't spoar lâns en werom.
Guon ha har dêr wol sjoen.
nl.verhalenbank.38154
Yn Eastemar, tusken Skûlenburch en de Sawn húskes dêr't nou sahwat de bensinetank stiet, roan froeger altyd in houn om mei in brijpot om 'e kop. 't Wie in houn mei hiel gleone egen, seinen se. Wy wienen der as bern stjerrend binaud foar.
nl.verhalenbank.21955
Der wienen twa Amerikanen, dy gongen nei de griezelkelder to Ljouwert, dy stie yndertiid op 'e hoeke fan 'e Twabaksmerk en de Koaningsstrjitte, tsjin it museum oer. Doe't se dêryn kamen, skopte ien fan 'e beiden by ûngelok tsjin in lyts katsje oan. Dat kaem sa bot oan, dat it katsje wie dea. Dat seach de memmekat en dy roun dy Amerikaen iderkear...
nl.verhalenbank.31090
To Bennema-state yn Hurdegaryp - nou in tehûs foar âlden fan dagen - stiet in hekke, dy't se noait ticht hâlde kinne. Docht men him ticht, dan giet er klokslach 12 ûre yn 'e nacht wer iepen. Mar as men hwat roggestrie om it slot hinne wuollen, dan bleau er ticht.
De man dy't yn Bennema-state wenne hat, hie him oan 'e duvel forkocht. Doe't dy dea wie...
nl.verhalenbank.31032
Jehannes van der Zee wenne op Sumarreheide. Hy wie fêste arbeider by in boer yn Sumar. Op in moarn, doe't it noch tsjuster wie, gong er de heidereed by Jelke fan Sjoerd Bonnes lâns. Doe wie dêr hwat njonken him.
Jehannes sei: "Goeije morgen."
Mar hy krige neat to hearren fan dy oare. Hy sei nochris goeije morgen, oant trije kear ta.
Doe sei er foars:...
nl.verhalenbank.31581
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun.
By de Falom stie in slot. De âlde mynhear dy't dêr yn wenne wie tige ryk. Dêr logearden nachts wolris guon. Dan hellen se fan alles út. Der wurdt biweard dat der wol ris guon deamakke waerden. Dy waerden dan biroofd. Dêr waerd dy âlde mynhear sa ryk fan.
Letter spokke it dêr. De kelder ha se útgroeven...
nl.verhalenbank.29666
As wy ticht by 't wetter kamen, sei ús mem: "Tink der om, aenst pakke de kikkerts dy."
Us heit sei, as wy allinne nei 't wetter gongen op it Bûtenfjild: "Tink der om, foar donker wer thús wêze, oars pakt de griene man dy."
Ek: as jy by 't donker thús komme ha jy kâns dat de wettergeast jin pakt.
nl.verhalenbank.31001
Tamme Wobbes wenne to Eastemar, yn 'e buorren. Nachts gong er faek to pûren. Op in nacht wie dat wer it gefal. 't Wie oer tolven. Hy gong achter de feart nei de Lits ta. Doe bigoun dêr in houn to spûkgûlen. Der waerd er kjel fan. Hy stiet noch even to pûren en fangt noch in pear ielen.
Dan heart er ynienen in fremd lûd. Ut 'e Mar wei sjocht er in soarte...
nl.verhalenbank.31399
In ynwenner fan Aldegea (H.O.) hie nei de slûs ta west, nei de Fluesen. 't Wie yn 'e winter. Hy hie riden en kaem werom.
't Wie op jountiid. Healwei Aldegea seach er in frjemd ljocht. Hy sette der achteroan. It sweefde. It gong de polderdyk del. De man moete net ien. It ljocht gong troch it doarp en sweefde nei 't tsjerkhôf ta. Dêr waerd it wei yn in...
nl.verhalenbank.31303
Nachtmerjes komme by de hynders. Dy ha flechtsjes yn 'e moanjes, as de nachtmerjes der west ha.
It geraemte fan in hynstekop boppe de doar jowt biskerming tsjin kweade geasten (Eastemar).
Ek in flearbeam op 't hiem biskermet de minsken tsjin kweageasten.
nl.verhalenbank.31304