3,075 datasets found
Dutch Keywords: overlijden sterven
Hy fortelde it yn Eastemar. Dêr forstoar ridlik gau neitiid in kreamfrou, mar dy wie it net. Letter forstoar der wer ien, dy wie 't ek net. Nòch letter forstoar der foar de trêdde kear ien. Ek dy wie it net. De fierde dy't kaem to forstjerren, dy wie it. Dy wie troud mei in broer fan syn wiif. Mar dat barde earst twintich jier letter. Alles wie krektengelyk.
nl.verhalenbank.32490
As in tsjoenster dea is, is 't in slap popke. Us mem hat yn 1918 mei de Spaenske gryp in tsjoenster ôflein. Se woarde net stiif en bleau like slap as in flarde.
nl.verhalenbank.10688
Telefoontjes uit het hiernamaals Sommige mensen beweren dat kort na het overlijden van een dierbare, de telefoon ging, en dan de overleden persoon aan de lijn was. Dit schijnt een fenomeen te zijn wat regelmatig voorkomt.
nl.verhalenbank.45869
Een nichie van m'n moeder, die d'r vader was gestorven. En ze kwam van 't station, ze was op 't bruggetje, ze had in de geest haar vader gesproken. Dat had ze zich zo aangetrokken, ze heb dat uitgemijmerd en een poosje later is ze zelf daaraan gestorven.
nl.verhalenbank.126160
Knipt men op snein de neils ôf, dan mat men dy letter, as men dea is, allegear wer opsykje.
nl.verhalenbank.30323
Fan 'e tsjoensters moest der om 'e sawn jier ien dea, oars gong se der sels oan.
nl.verhalenbank.29506
Als iemand bij het sterven niet van de wereld af kan komen, moet men “goeie werke doew”.
nl.verhalenbank.47582
It gebeurde ris op in kear yn 'e nacht, doe kom in sekere Praamsma by de faem wei. Hy kom troch de Bosk yn 'e Harkema. Doe krige er dêr in lykstaesje to sjen. Hy wie sa binaud woarn, dat, doe't er letter thús kom, wied er by syn mem op bêd sprong. Even letter kom âlde Melle Dieuwke yn 'e Bosk to forstjerren. Dêr hie hy de lykstaesje fan sjoen.
nl.verhalenbank.28497
Doe't myn skoanmem stoar, is der op 't selde momint by ús in wite knyn stoarn.
nl.verhalenbank.29562
Dêr op Burgumerdaem hienen minsken mei in deakiste omtôge. Dat wienen frijmitselers. Dy't yn 'e kiste lei wie ek in frijmitseler, dat wie in Ferf fan Burgum. Dy lju ha dêr in grafkelder op 'e Nijstêd.
nl.verhalenbank.24495
Ritske Bottinga wie frijmitseler. Dy moest alle jierren hwat nijs bouwe. Hy moest altyd mar timmerje oan 't hûs. Die er it net, dan moest hy der sels oan.
nl.verhalenbank.25432
Tichte by ús wenne in tsjoenster. It wie ús buorfrou. Dêr stienen mar twa huzen tusken uzes en harres. Op in kear wienen heit en ik yn Holwert oan 't wurk. Doe't wy op in sneintojoun weromkamen wienen alle 32 piken fan ús dea. Dy hie dat minske deatsjoend. Ien hoantsje, dat leefde noch, mar dat gong èk dea.
nl.verhalenbank.30375
Tsjoensters matte elke sawn jier op syn minst ien deatsjoene, oars geane se der sels oan.
nl.verhalenbank.24842
Spûkgûlet in houn, dan komt der ien to forstjerren. In soad minsken hâlde stellich fol dat it sa is.
nl.verhalenbank.31903
Frijmitselders matte de dodenrit meitsje, en dat is net bêst. As men yn sa'n klub sit mat men wol wite dat der om 'e sawn jier ien dea mat. Dêr wurdt om lotte.
nl.verhalenbank.22994
Tsjoensters matte alle sawn jier op syn minst ien deatsjoene. Dogge se dat net, dan gean se der sels oan.
nl.verhalenbank.25433
As in fûgel it paedtsje fan in hûs lâns komt, dan bitsjut dat, dat der in deaden komt.
nl.verhalenbank.21864
Mem hie in muoike, dat wie Hiltsje Alles Adema. Hja wie troud mei Hidde van Houten, in timmerman to Grins. Hiltsjemoai forstoar yn 1883 en kom yn Garyp ûnder 'e ierde. Us mem wie doe swier fan myn jongere broer Tseard. Mar sy woe by de biïerdiging fan Hiltsjemoai yn Garyp wêze en sy hat der ek hinne west. Mar doe't Tseard geboaren woarde, wie dy alhiel...
nl.verhalenbank.22982
Bleeker fan Surhústerfean hie in âld houn. Dy spûkgûlde altyd as der in minske stjerre soe. Nachts seach dat beest it blykber.
nl.verhalenbank.31915
Guon hearden hjir froeger de dea klopjen. As der trije kear kloppe woarde, dan koe men der mar fan op oan dat de dea jin ophelle.
nl.verhalenbank.24840