5,656 datasets found
Dutch Keywords: man voorteken
As heit hwat oan mem fortelde, dan paste mem der op of it ek neikomme soe. Hwant hja twifele soms oan syn wurden. Mar it kom altyd út. Hwat hy fan tofoaren sjoen hie, dat gebeurde letter.
nl.verhalenbank.34547
Sémearminnen kinne sa moai sjonge. Sirene-gesang neamt men it. Sy lokje de manlju. As de sémearminnnen sjonge en tichte by de minsken komme, giet it mis, sizze se.
nl.verhalenbank.28582
Heit gong der jouns wol gauris út, dan seach er nei de stjerren. It gebeurde dan wol us, dat er allegear ljochten oan 'e loft gewaer woarde. Dat binne letter de ljochten (strjitlampen) oan 'e wei woarn.
nl.verhalenbank.23057
Alde Roel fan 'e Harkema sei, hy hie in fordekte wein sjoen sûnder hynders der foar en 't gong hurd, hurd, hurd. Letter kommen de auto's.
nl.verhalenbank.23527
Yn syn eigen hûs gong it ek op in timmerjen yn 'e nacht, sûnder dat der hwat to sjen wie. Hy koe 't him net bigripe hwat dat wie. Letter woarde it hûs fortimmere.
nl.verhalenbank.17721
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane hat fan tofoaren in hûs yn 'e brân sjoen. Hy sei: "Dat hûs haw ik brânnen sjoen", en letter brânde it op.
nl.verhalenbank.24671
Op in nacht hearde heit timmerjen en klopjen. Hy gong der ôf en nei de jonges ta. Hy sei: "Hwat wie dat? Hwat dogge jimme?" Mar de jonges leinen to sliepen, der wie alhielendal neat. Doe't heit op bêd gong bigong it timmerjen en sa wer opnij. Letter is 't hûs fan binnen fortimmere woarn. 't Gebeurde yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema.
nl.verhalenbank.23518
As der in ramp komt fan it iene of oare flychtúch of sa, dan wyt ik dat ek altyd fan tofoaren. Dan hear ik dat oan 'e radio. Dan siz ik: "Der komt wer in ûngelok." It komt altyd nei.
nl.verhalenbank.21441
Piter Prikke biwearde altyd, dat er, foardat de tram ried, hy de lantearnen wol oankommen sjoen hie. 't Hienen wylde lantearnen west.
nl.verhalenbank.25627
Klaes Kooistra hie trije jier yn 'e gefangenis sitten. Mei syn swager Tseard kom er thús. Doe't se oan 't plak ta wienen, dêr't nou it nije tsjerkhôf is yn 'e Harkema, sei er tsjin Tseard: "Kear dy om. Der komt in lykstaesje oan." Mar Tseard seach it net. In pear dagen letter kom de echte lykstaesje. Doe koe Tseard it èk sjen.
nl.verhalenbank.27408
Master Veenstra fan Stiensgea fortelde us: Ik wie noch in jonge man. Us mem wie widdou. Doe roan ik us by de Feanster feart lâns. Dêr lei in wenskipke, dêr't in âld man yn wenne. Der kommen rare gelûden út dat wenskipke wei. Letter is dêr in âld man oerfallen, doe woarden dyselde rare lûden heard. 't Wie sahwat yn 1910.
nl.verhalenbank.23647
Doe't ik yn Westergeast wenne, hearde ik dêr altyd dúdlik de klok lieden. Dan wist ik altyd krekt as der wer ien stjerre soe. Dat hearde ik oan it lieden.
nl.verhalenbank.21440
Pake fortelde, 't wie faek gebeurd, dat se yn 'e nacht terskjen hearden op it lân. Dan woarde der in dei of hwat letter ek werklik tursken.
nl.verhalenbank.22175
Boardzer Bruining seach op in kear in lykstaesje midden yn 'e nacht fan 'e kapper (oan 'e Spekloane) ôf oan Hindrik de Haan ta (oan 'e Houtigehaechsterwei). In wike letter wie dêr in èchte bigraffenis.
nl.verhalenbank.28313
Us heit wie noch net troud, hy hie al forkearing mei mem. Op in joun wie er nei har ta, doe ried sa mar ynienen de tram by harren lâns, hoewol dêr hielendal gjin tram wie. Twa jier letter kaem de tram der lâns; hja hienen dat dus fan tofoaren al sjoen.
nl.verhalenbank.31480
Olle Jelle fan 'e Bosweg zag voor lange tijd in hele rige lichtsjes aankoomn. 't Was bij oavend. Loater is doar de tram gekomen. Hy het dat fan te foren sien.
nl.verhalenbank.27326
In omke fan myn mans kant wie skeper op Driemunt. Dêr wie 't doe yndertiid allegear noch heide. Op in kear sei er tsjin my: "Ik ha justerjoun in wylde lantearne sjoen. Hy kom fan Mearum en gong de kant út nei Drachten." Hy hat it letter noch faker sjoen. "Der komt hwat to rinnen fan Mearum op Drachten yn", sei er. Ik sei: "Merakels allegear." Mar letter...
nl.verhalenbank.27483
In suster fan myn heit wie ris op in dei hiel bot oerstjûr. Hja hie 't gefoel dat har man dea wie. Mar 't wie sa net, hy leefde en der skeelde him neat. Mar in deimennich letter wie er dea. Heit hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.33595
Boardzer Bruining hie 't altyd oer lykstaesjes, dy't er fantofoaren seach. Hy wist altyd krekt yn hwat hûs as der ien stjerre soe. Mar dêr praet er nou net mear oer.
nl.verhalenbank.25877
Us pake - Fokke Ulkes Boijus - wenne hjir achter de Bosk. Hy seach ljochten fleanen en wist doe net hwat dat wie. Letter woarde it him dúdlik. It hienen de foarboaden west fan 'e lettere autoljochten.
nl.verhalenbank.27668