5,833 datasets found
Dutch Keywords: man sterven
Boardzer Bruining, hjir fan'e Loane, kin faek fan tofoaren sizze dat der in sterfgefal komt.
nl.verhalenbank.28128
Ritske Vellink fortelde oan ien dy wenne op it streekje: "Hjir by W. komt in sterfgefal." Even letter stoar dêr in famke. Dat hie er in pear dagen foarút al sjoen. 't Wie yn Ikkerwâld.
nl.verhalenbank.24007
Hinse Jehannes de Boer moest wolris it tsjerkhôf yn de Pein foarby. As er dêr wie, sei er: "Ik mat ek even mei myn broer prate." Dat wie Abele. Dy lei dêr op it tsjerkhôf.
nl.verhalenbank.33790
Rudolf de Mepsche van 't Faan geraakte tijdens zijn laatste levensjaren geheel in 't ongemak. Daar is hij ook aan gestorven. Twee en twintig mensen zijn door hem om 't leven gekomen.
nl.verhalenbank.28033
Piter de Graaf wie mei de helm geboaren. Dy wist altyd to sizzen hwer't mei koarten ien stjerre soe. Hy hat wenne oan 'e Dwarsfeart to Drachten.
nl.verhalenbank.29416
Piter Scheper nom de minsken de koarts ôf. Dat wie gjin smoesje. Hy brocht de koarts op in beam oer. Dy beam gong dan letter dea.
nl.verhalenbank.27581
Kij Plantinga fan Hiltsjemuoiwâlden is myn skoanheit. Dy syn skoansuster, Hiltsjemuoi, wennet oan 'e greate strjitwei by de Koaten. Hiltsjemuoi wyt mear as in oar. Yn 1936 krigen wy in famke, dat woarde dea geboaren. Wy kamen faek by Hiltsjemuoi, dat ik gong dêr hinne om it to sizzen. Sa't ik der by har stie - ik hie noch neat sein - doe sei se: "'t Is...
nl.verhalenbank.34461
Doe't ik yn Westergeast wenne, hearde ik dêr altyd dúdlik de klok lieden. Dan wist ik altyd krekt as der wer ien stjerre soe. Dat hearde ik oan it lieden.
nl.verhalenbank.21440
Ik haw in omke hawn, dy wenne op 'e heide. Nachts dan moest hy der faek ôf om hwat to sjen. Dan wie 't krekt as woarde er roppen. Dan gong er oan 'e kant fan 'e wei stean. Dan seach er in lykstaesje. Hy telde altiten de minsken, dy't achter it lyk oanroannen. Mar hy wist noait hwà't der stoarn wie.
nl.verhalenbank.19545
Yn 'e Pein wie in man, dy moest stjerre en hy koe net stjerre. Doe gongen se der allegear út, op ien fan 'e famyljeleden nei. Dy sei: "Hat er ek klean oan dy't op snein makke binne?" Dat wie 't gefal. Doe ha se him der hwat oars foar oan dien en doe wied er samar wei.
nl.verhalenbank.27509
In suster fan myn heit wie ris op in dei hiel bot oerstjûr. Hja hie 't gefoel dat har man dea wie. Mar 't wie sa net, hy leefde en der skeelde him neat. Mar in deimennich letter wie er dea. Heit hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.33595
Boardzer Bruining hie 't altyd oer lykstaesjes, dy't er fantofoaren seach. Hy wist altyd krekt yn hwat hûs as der ien stjerre soe. Mar dêr praet er nou net mear oer.
nl.verhalenbank.25877
Jurjen Keuning wie in hiel apart man. Doe't er in skoft dea west hie, seinen se: "Jurjen is ek werom. Hy is werom kom as in protter."
nl.verhalenbank.23382
Vader vertelde dat er in Middelburg een man woonde, die zei dat twee dagen nadien die en die persoon zou sterven en hij noemde precies alle mensen op die dat lijk naar 't kerkhof zouden volgen. Vader had het van zijn vader. Die man was met de helm geboren.
nl.verhalenbank.33392
Ik wie sahwat in sawntsjin, achtsjin jier, doe wenne ik op 'e Gordyk as bakkersfeintsje. Myn domisily hie 'k yn Boarnburgum. Dêr yn 'e Gordyk wie in frou ûnforwacht stoarn. De forhâlding tusken har en har man hie tige min west. Der wie ien jonkje, dat hie gjin forstân. Doe't dy frou stoarn wie, kom se jouns by skimertiid werom. Guon ha har sjoen. Ik bin...
nl.verhalenbank.25679
Yn 'e Rottefalle wenne in man, dy seach altyd de lykstaesjes. Dan sei er: Dêr en dêr ha 'k it sjoen, mar dy of dy wie der net by. Dan wie 't altyd dyselde dy't der net by wie, dy't stoarn wie (stjerre soe).
nl.verhalenbank.33158
Myn eigen heit lei op stjerren. Mar hy hie al in pear dagen sa lein sûnder dat er stjerre koe. Doe gongen se nei of er ek hwat oan ha koe dat op snein makke woarn wie. Dat wie it gefal. Sy ha it him útlutsen en hy krige der hwat oars foar yn 't plak oan. Doe wie 't samar klear.
nl.verhalenbank.27528
By de grifformearde tsjerke yn Surhuzum wie ris in man forsûpt. Nei dy tiid spoeke hy dêr altyd noch, seinen se.
nl.verhalenbank.27661
Alde Hofstra fan Skoat is troch de wjerljocht forûngelokke. Dat hat er sels allegear fan tofoaren sjoen. "Allegear fjûr", sei er. Wylst er ûnder in koe siet woarde er troffen.
nl.verhalenbank.28354
Myn beppe fortelde, dat der hie in man yn Sumar wenne dy seach in bigraffenis. Dat hat west yn 1897. Hy neamde mar op en hy neamde mar op dy't achter it lyk oanroannen, hy koe se allegear by namme. Mar hy wist net hwa't der yn 'e kiste lei. In fjirtsjin dagen letter hied er sels dea west. 't Wie syn eigen bigraffenis, dy't er sjoen hie.
nl.verhalenbank.32916