In marmin is in bern, dat miswoechsen geboaren wurdt.
nl.verhalenbank.16938
Yn 'e tiid doe't ús beppe leefde, wie 't hjir allegear noch heide. Op in kear seach se in dikke njirre yn 'e heide. Sy krige de lodde en stuts de njirre dwarstroch. Doe die se de earmen oer inoar om der nei to sjen. Sy wie doe swier fan omke Germ.
Doe't Germ geboaren woarde, hie dy it hiele teken fan 'e slange op 'e earms sitten.
nl.verhalenbank.16095
Hjir yn 'e Homear woarden nachts altyd twa lytse neakene berntsjes yn in kroade hinne en wer riden. Dy kroade gong soms hiel hurd hinne en wer, krekt as woarde der mei dy bern boarte.
nl.verhalenbank.27291
Op 't Bomkleaster roannen /spoeken froeger altyd twa neakene berntsjes om. Doe ha se der in dûmny by helle om dy berntsjes oan to sprekken. De dûmny frege hwat se bigearden. En doe seinen se, dat se hienen gjin deaklean meikrigen. Doe hat de dûmny der foar soarge dat dy der kamen. Doe ha de berntsjes har net wer sjen litten.
nl.verhalenbank.17392
Der wie hjir in frommeske, dat siet altyd to kaertspyljen. Doe't se in bern krige, hie dat alle kaerten as merk op it boarst.
nl.verhalenbank.16909
Antsje Pluk siet yn 'e rogge. Wy doarsten der as bern net yn to kommen.
nl.verhalenbank.21158
Op 't Surhústerfean is foar in pear jier noch in jonkje bitsjoend. Hy hie in krâns yn 't kessen. Dy krâns hat dêr foar 't glês lein. It bern hie hwat fan 'e tsjoenster yn krige, dêr't it fan bigoun wie to kwinen.
nl.verhalenbank.16086
De minsken dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompel, sa bang wienen se foar tsjoensters. En de bern droegen duveldrek op 't boarst.
nl.verhalenbank.26353
Wy mochten net by in dobbe komme, hwant dêr siet Swarte Harm yn.
nl.verhalenbank.21159
De bern mochten net by 't wetter komme, hwant de sémearmin lokke har der yn. De mearminnen koenen prate. Sy namen de bern mei. De séhounen pakten de bern ek.
nl.verhalenbank.12345
Myn bern mochten noait op 'e Liuwepoel komme to riden. Dat woe 'k net lije. Hwant dêr soe ien yn fordrinke. Sy mochten ek net in read mûtske op ha. Hwant deselde dy't dêr fordrinke moest soe in read mûtske drage.
nl.verhalenbank.12344
Berntsjes, dy't har léguod net krigen hienen, kommen letter wer. Men moest dan de tange krije en dêr it léguod mei tarikke. It brânde dan by de tange omt ôf.
nl.verhalenbank.12322
Op 'e Roekekamp spoeken trije neakene lytse berntsjes.
nl.verhalenbank.23677
De bern hienen in pûdtsje duveldrek op it boarst en roggekerls binaeid yn 'e seamen fan 'e klean.
nl.verhalenbank.23446
As in bern lêst hat fan termynsetten dan mat men in levende dou iepensnije en dan fuort om 'e fuotsjes fan it bern hinne dwaen.
nl.verhalenbank.23917
As Alle Tet der oan kom setten wy as bern altyd in krús op 'e wei mei de klomp. Wy tochten, dat se dêr net oerhinne komme koe.
nl.verhalenbank.21643
Alde Bouke Schievink rekke in ponge mei jild kwyt. Hy gong nei Antsje Snipel ta, dy seach mear as sljochtwei. Antsje sei: "Dû hoechst net bang to wêzen. Dat jild krije jim troch de bern wol wer."
De maitiids dêroan rekke de dochter oan 't húshimmeljen. Doe kom de ponge mei jild út it strie fan 't bêdsté wer foar 't ljocht.
nl.verhalenbank.17454
Yn 'e Bosk - hjir yn 'e Harkema - roannen nachts twa neakene berntsjes om. Dy spoeken dêr. Foppe de Haan hat se dêr alris troffen. Hy doarst der letter noait wer by nacht lâns.
nl.verhalenbank.25742
Der binne bern dy wurde geboaren mei in flues om 'e holle.
Sokken, seit men, binne mei de helm geboaren. As se dat flues achteroer lûke matte sokke bern letter alles sjen.
As se it foaroer lûke, dan net. By de Petten yn 'e Harkema hat in frommes wenne dat mei de helm geboaren wie. Dy moest der nachts ôf as der letter in sterfgefal wie.
nl.verhalenbank.33297
Hindrik Pyk hat ek ris in kear by Albert van der Veen west. Doe kom er ek by 't bern dat yn 'e widze lei. De oare deis wie 't bern siik.
Hindrik Pyk wienen wy as bern tige bang foar. Wy doarsten net by him op 't hiem to kommen omdat it in tsjoenster wie.
Syn skoandochter Jitske hie 't himd altyd omkeard oan, oars koe Hindrik har miskien ek wol bitsjoene,...
nl.verhalenbank.33409