Yn 'e Westerein oan 'e Langereed wie in plak, dêr moest men by nacht net lâns, seinen se, hwant dêr spoeken altyd twa berntsjes.
Op 'e Langeloane spûke it ek.
nl.verhalenbank.23769
Myn mem hie in suster, dat wie myn muoike. As dy nachts nei de plé ta gong kom der altyd in neaken popke by har opkrûpen en gong by har op 'e skoat sitten. De plé stie bûtendoar.
Sjoukjemoai wie oars net sa gau fan 'e wize, mar ien kear ha se har dêr weihelle, doe wie se biwusteloas delfallen.
Doe fortelde se ús heit en mem fan dat popke.
Dat berntsje wie...
nl.verhalenbank.33435
Yn 'e Houtigehage ha minsken wenne, dy hienen twa berntsjes forlern. Dy berntsjes wienen bigroeven woarn sûnder deakleantsjes oan. Doe kommen dy berntsjes dêr nou en dan to boartsjen mei de oare bern. Dan wienen se alhiel neaken. Doe hat de mem op in joun deakleantsjes dellein op 'e stoel, dy't yn 'e hoeke stie.
De oare moarns wienen de deakleantsjes...
nl.verhalenbank.20100
Doe't myn âldste suster in popke wie krige se in fearren kessentsje fan mem har mem. Dat moest it popke yn 't weintsje ha, sei se.
Elke joun as hja yn 't weintsje lei, dan hearden heit en dy ien om 't hûs hinne rinnen. Mar dêr woarde net folle notysje fan nom. Mar dan bigong de poppe to gûlen. Dat die se elke joune. Doe't se al in stik âlder wie die se 't...
nl.verhalenbank.33424
As der in bern bitsjoend wie, gongen se nei âlde Ulke fan 't Wyldpaed. Dy joech in drankje mei yn in flesse. As de flesse ûnderweis stikken gong, dan wie dat it biwiis, dat it bern bitsjoend wie.
nl.verhalenbank.23771
As in bern altyd op bêd pisse, moest der in fleske mei wetter fan dat bern by in deaden yn 'e kiste set wurde.
Hjir wenne yn Hiltsjemoaiwâlden in winkelman, dy hie in famke, dat altyd op bêd pisse. Doe't der in âld man forstoar, gong hy der mei 't famke hinne. It bern moest sels it fleske mei har wetter by 't lyk yn 'e kiste sette.
Doe't se dat dien hie,...
nl.verhalenbank.21983
Myn man wie in great jonge, syn heit en mem leefden noch. Doe sei er op in kear: "Hearre jim Baeije wol roppen en razen?" De oaren seinen: "Wy matte der gau us hinne to sjen." Mar doe't se der hinne gongen wie der neat to rêdden mei Baeije.
Mar in skoft letter raesde se krekt sa as dy kear. Doe wie har bern forstoarn.
nl.verhalenbank.23415
Fan 'e tsjoensters mat der om de sawn jier ien dea.
Der hat my us in tsjoenster topakken hawn.
Ik moest bifalle, ik krige in pop, dat wie in jonkje. Doe sei mem: "Nou hoop ik net dat Tsjallings Gjetsje hjir hjoed komt." (Tsjallings Gjetsje wie in tsjoenster). Dêr hie mem it net op bigrepen. En fordomd, om goed healwei fiven komt se der yn. Sy krijt fuort...
nl.verhalenbank.22008
Ik en myn man ha twa jier yn in wein wenne. Doe sei er us op in moarn: "'t Is hjoed Drachtster merke, dêr wol 'k hinne."
't Wie sutrich waer. Ik sei: "Hwat silst dêr hinne dwaen." Mar hy sette syn sin troch. De jouns stie 'k út to sjen. Op 't lêst, dêr kom er oan. Heal bisopen.
Wy sieten even. Doe sei er: "Ik ha yn 'e waarseggerije west. Ik en Durkje...
nl.verhalenbank.20114
Alde Knjillis Veenstra wenne by 't spoar. Hy wie mei de helm geboaren. Hy útfanhûze wol gauris by syn suster.
Dy hat wolris forteld, as hy kom, dan rûme hja bûten alles op, hwat mar yn 'e wei lizze koe. Hwant it gebeurde wit hoe faek dat hy der nachts op út gong, en dan koe 't wolris gebeure, ornearre se, dat er oer dingen yn 't tsjuster stroffelje soe....
nl.verhalenbank.23770
Tsjoensters tsjoene krânsen yn de kessens fan deselden dy't se bitsjoene. Sa'n krâns sit fan alles yn fan hwat se deis by de ein ha. As der trije foltoaid binne, dan binne de minsken kapoerus. Binne se noch net foltoaid, dan mat men dy krânsen opbrânne. Dan makket de hekse in rare reis.
Jeltsje en Lutske fan 'e Houtigehage hienen poppen, dy't se sels...
nl.verhalenbank.20107
Op 'e Houtigehage wennen in mem en in dochter, dy koenen beide tsjoene. De mem hiet fan Jeltsje en de dochter Lutske. Net ien fan uzes dy't dêr hwat opite doarst, bihalve ús Boardzer.
Mem warskôge him wit hoe faek, mar dêr steurde er him net oan.
Ritske en Aeltsje wienen tige earme lju, mar Lutske en har man koenen it skoan rêdde.
Doe liende Aeltsje...
nl.verhalenbank.20097
"As jimme ondogens binne, komme de wjerwolven", seinen se froeger tsjin 'e bern.
nl.verhalenbank.38651
To Hurdegaryp, by 't hûs dêr't froeger dokter Bontekoe wenne, is in hekke, dy koe noait ticht fanwege de berntsjes, dy't dêr formoarde wienen.
nl.verhalenbank.28441
Op it Formanjepaed tusken Damwâld en de Falom, dêr sweefden in pear neakene berntsjes om.
nl.verhalenbank.28440
Yn 'e Broek wennen in man en in frou mei bern. Ien fan dy berntsjes wie ûngelokkich.
De frou forstoar en de man bleau mei de berntsjes achter.
Sy hienen in folkstúntsje. Dat hierden se. Dat moesten dy berntsjes ûnderhâlde.
As dy berntsjes dêr oan 't wurk wienen, seagen se har mem. Dat gebeurde sa nou en dan.
Sy fortelden it thús, mar har heit woe 't earst...
nl.verhalenbank.21992
As der ergens pasgeboaren bern wienen, dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. Dat wie om de tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.27379
Foar âlde Minne Ael wienen guon spookbinaud. Omdat sy de bern bitsjoende, nei't se mienden.
Guon seaden spjelden yn in griene têst oer 't fjûr. Dan hie de tsjoenster gjin macht mear oer 't bern, seinen se.
Der is in foardracht fan froeger, mei dizze wurden:
Ik ried dy oan en doch dyn bêst:
Sied spjelden yn in griene têst!
nl.verhalenbank.27380
Hjir op 'e reed, dêr't wy wenje spûket in fôlle mei de brijpot om 'e hals. Dêr waerden wy as bern bang mei makke.
nl.verhalenbank.38639
By Agehekken, op 'e hoeke fan it Wyldpaed, spûke it altyd. As bern wienen wy dêr deabinaud. Dêr roan jouns in wyt famke om.
nl.verhalenbank.38641