1,902 datasets found
Dutch Keywords: kind Place of Narration: Buitenpost
Doe't it Knjillisdjip groeven woarde, wienen der twa Westfalen, dy groeven ek mei. Sy wienen by in widdou yn 'e kost. Op 't lêst wie 't karwei dien. Mar de beide Westfalen bleauwen by de widdou. Hja krige gjin kostjild mear. Dat koe net út en 't minske woe dy twa graech slite. Sy sei 't tsjin 'e plysje. Doe kommen der twa plysjes, dy seinen út namme fan...
nl.verhalenbank.21282
Ek in kear doe soe Hearke nei de faem ta. Mar syn heit wie dêr op tsjin. Dy sei: "Dû komst dêr net hinne, dat is gjin goed folk." Hearke sette it tsjin him yn 'e kant. Doe pakte de heit Hearke foar by 't boarst. Dy wie ek ôfgryslike sterk. Mar Hearke skuorde him los. Syn heit hâldde in fjouwerkant stik fan 'e klean yn 'e hân en mei 't bleate boarst gong...
nl.verhalenbank.21283
Us pake kom de greate strjitwei ris del, doe wied er yn 'e buert fan de kaserne. Doe kom der fanút it Waeigat (nou de iisflakte) in greate, grouwe swarte houn delsetten. Dy kom by pake. Hy roan flak by pake lâns. Pake kom fan Twizel ôf en moest nei de dokter ta yn Bûtenpost. 't Wie op 'e joun. In hiel ein is er mei pake oproan. 't Wie net in gewoane houn,...
nl.verhalenbank.22952
Stammerige Harm (= Harm Veenstra) stammere. Hy wie foddekoopman en roan to skoaijen en wjudde de strjitten en túntsjes hjir en dêr. (û.m. it terrein fan 'e froegere marechausséekaserne op 'e hoeke fan 'e Tsjerkestrjitte to Bûtenpost) Hy sleepte hwat mei de iene foet. Hy wie in tsjoenster. Syn buorman hie in pear biggen. Dêr hat er ien fan bitsjoend. Dy...
nl.verhalenbank.20016
As de klok sadanich let krekt as op in bigraffenis, dan stjert der ek ien.
nl.verhalenbank.20002
Alde Frearke Fogel fan 'e Harkema wie in tsjoenster. Doe't se har biklaeije soenen, founen se allinne mar in pânse. Doe ha se dy mar yn 'e kiste dien.
nl.verhalenbank.19456
Yn Surhuzum, dêr ha guon it hillich nachtmiel fierd yn 'e kroech. Fiif man wienen oanwezich. Alle fiif hienen se de jas omstrûpt oan. En hja wienen mei de bleate holle. (Gewoanlik hâlden se yn 'e kroech de petten altyd op.) Der wie in boer dy't de lieding op him naem. Se binne raer thús kaem, alle fiif, hwant it wie spotten tsjin it Opperwezen. Mar de...
nl.verhalenbank.32189
In pleachbeest sit yn 'e nacht achter de minsken oan. Guon yn 'e Westerein hienen dêr wol ris lêst fan.
nl.verhalenbank.36310
Ik ha wol ris fan Sterke Hearke heard. Der kom ris ien by him dy woe wite hwer't Sterke Hearke wenne. Doe tilde er de ploech op en doe sei er: "Sjoch, dêr wennet er, en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.28648
Heit wurke by de Baersma's. Op in kear kom er thús. Doe wie mem al wei. Doe sei er: "Ik ha hwat sjoen, bern. Ik ha sjoen, dat se op 'e moanne komme. Dy minsken hienen fjouwer wjokken oan har en in bus op 'e rêch. Ik bileef it net mear, mar jimme sille 't sjen." Hwat ha 'k faek oan dy wurden fan heit tocht, as se wer ris nei de moanne ta gongen.
nl.verhalenbank.36304
Mei syn tsiishandel doarst Jehannes op alle hiemen to kommen. Der wie net in houn dy't him hwat die.
nl.verhalenbank.38428
Doe't ik sahwat tsien jier âld wie, hearden ús heit en ik op in plak by in barte yn Broek minsken praten. Dy wienen dêr oan it wurk. Mar doe't wy omseagen wie der neat. Letter kaem dêr in hûs to stean.
nl.verhalenbank.20065
Doe't ús jonge ris in kear bot út 'e noas blette gong in âlde frou hjiroer hinne en boun him in read triedtsje om 'e finger. Doe hâldde it noasblieden op.
nl.verhalenbank.36149
Japik Ingberts hat wol yn Aldtsjerk west yn 'e bosken en ek wol yn Rinsumageast. Dêr ha se him wol sjoen. It wie in gladjanus en in dogeneat.
nl.verhalenbank.16514
Der wie in skip, dat by nacht troch de loft sylde. It rekke de toer fan Aldeboarn (de ûnderkant fan 't skip).
nl.verhalenbank.16500
Yn Burum wenne groatmoeke. Dy hie in buorfrou, dy biwearde, der kaem altyd ien by har troch 't kaeisgat. Dat wie ús groatmoeke, sei se.
nl.verhalenbank.22855
Kij Jager wie ek in tsjoender.
nl.verhalenbank.16528
Sy seinen ek wol dat Gauke Haarsma konneksjes ûnderhâldde mei de duvel. As der by earme minsken in poppe op komst wie en sy hienen gjin sinten om hwat spullen foar de útset to keapjen, dan kommen se by Gauke. Dan sei Gauke: "Ik gean wol even fuort." Dan helle er sinten op. Hwerwei? Hy sei: "Binnen 't healjier mat ik se wer ha, oars giet it raer." Syn...
nl.verhalenbank.26212
Ik lei siik op bêd yn 'e hûs. Us Joukje siet mei in feint yn 'e keuken. 't Gebeurde oan 't Wyldpaed. Hja wie och sa stil, dat de feint dy frege: "Hwat mankeart dy?" Doe sei se: "Ik sjoch in lykstaesje." Hja seach ús der achteroan, en harsels net. Doe tocht se net oars as sy soe sels deareitsje. Doe't se by my kom wie se sa stil. "Hwat is der oan?" sei 'k....
nl.verhalenbank.20449
Alde Keke hat fantofoaren sjoen, dat de trein in ûngelok krige. De tsjettel knapte de middeis om ien ûre hinne. De trein stie stil, mar der kommen gjin deaden. Sy fornommen it yntiids. 't Gebeurde by Sweagerbosk.
nl.verhalenbank.20448