Sybren Smid forhuze fan Eastemar nei Garyp mei 't skip. It ambyld moest ek mei fansels, mar hja koenen it mei fjouwer man net risse.
Dêr kom Bouwe de Jong oan. Dy tilde 't allinne yn 't skip. "Gean mar even oan kant", sei er.
Bouwe de Jong fan Eastemar wie ôfgryslike sterk.
nl.verhalenbank.21838
Yn hiel âlde tiden gebeurde it, dat de ierde skuorde troch in ierdbeving. Der moest in minskeoffer brocht wurde oan 'e fjûrgeast, dy't ûnder 'e skuor húsmanne. Dan joech er him wer del. Oars kom der noch mear ûnheil oer it lân. Mar der wie net in minske to finen, dy't dêr syn leven ta opofferje woe.
Doe kom der in ruter oan riden. In tige knap jongfeint...
nl.verhalenbank.20071
Guon dy't mei de helm geboaren binne gean der yn 'e nacht op út. Dy witte altyd fan sterfgefallen foarút.
nl.verhalenbank.36175
As der in gewicht fan 'e klok foel bitsjutte dat dat der yn 't koart in deaden komme soe.
nl.verhalenbank.28377
Myn oerbeppe kom ris op in kear fan 't Wytfean. Sy moest rinnende nei Eastemar ta en 't woarde al skimerich.
Hja gong in sanpaedtsje del, by de diken lâns. Hja hie in smel-gouden earizer op. Doe seach se twa man oankommen. 't Wie doe in rare tiid, der woarde rounom roofd en stellen. It wie krekt, as woarde 't har ynjown dat dat twa rovers wienen. Mar sy...
nl.verhalenbank.28388
Der siet op it Kleaster by Bindert Japiks in foer hea klem tusken de skuorredoarren. De hynders koenen it hea net yn 'e skuorre krije. Doe woarden dy der foar wei spand en kom Hearke by de fjilden to stean. Hy hat allinnich de wein der troch krigen. Sa sterk wied er!
nl.verhalenbank.19948
Op 'e Skûlenburgerwei spûke altyd in swart beest. It like op in hountsje. It roan mei de minsken op. Se koenen it net by har wei krije.
nl.verhalenbank.36029
Der stie in doomny yn it doarpke A, dy moest ris op in snein nei it doarpke Z. ta to preekjen. A. en Z. leinen in hiel ein út elkoar. De doomny gong op 'e fyts dêr hinne, en der gong in âlderling mei.
Doe't se sahwat op healwei wienen, yn it doarpke K, sei de âlderling: "Ik haw hjir in âlde muoike wenjen. Dêr kinne wy wol even oanstekke om in pantsjefol...
nl.verhalenbank.33637
Op 'e Parsingel to Eastemar spoeke it. Dêr gong it yn 'e nacht altyd bot oan wei. It wie dêr in hiel stik leven en lawaei.
nl.verhalenbank.20887
Yn Twizel, tichte by de âld-tsjerke stiet in plaets, dêr is ris ien formoarde woarn troch in sekere Rispens. Dêr is bloed yn 'e planken fan 'e flier rekke en dat bloed kinne se dêr noait wer wei krije.
nl.verhalenbank.29323
Der wenne in faem op 'e Lytse Hoarnst to Eastemar, dy moest nei 't Swartfean, nei Hinse Jehannes de Boer om in drankje foar in sike koe. 't Wie yn 'e winter en hja gong oer iis, dat wie 't koartst.
Doe't Hinse Jehannes har it drankje joech, sei se: "Sjesa, nou gean 'k mar wer oer iis."
"Net oer iis mei de drank," sei Hinse Jehannes, "hwant dan silste...
nl.verhalenbank.21795
Jezus hong oan it krús. Fan 'e toarnekroane siet der him in toarne yn 'e foarholle en dat die him tige sear. In lyts fûgeltsje seach dat. It fleach dêrhinne en helle mei syn snaveltsje de toarne út 'e foarholle wei. Tagelyk foel der in bloeddrip op syn boarst. Dy reade kleur is der altyd op bleaun en sa hat dat fûgeltsje de namme fan reaboarstje krige.
nl.verhalenbank.31223
't Gebeurt wol ris, dat ien net stjerre kin. Dan hat er yn 'e regel klean oan, dy't op snein makke woarn binne. Dy matte dan earst út.
nl.verhalenbank.29322
To Eastemar by de dikke beammen op 't Heechsân spoeke in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.20886
Alle Tet wenne yn 'e Harkema op 'e Bulten. Hja wie in tsjoenster. Om op har hiem to kommen moest men oer in houtsje dat oer de sleat lei. As bern setten wy altyd in krús foar dat houtsje. Dat dienen wy mei de klomp. Dan koe Tet ús net bitsjoene.
As Tet ien bitsjoend hie sieten der krânsen yn 'e kessens. Hja hat wolris bern deatsjoend. Hja koe har yn in...
nl.verhalenbank.36028
Yn Minnertsgea kom in nije doomny to wenjen. Al gau kommen de middenstanders op 'e pasterije tasetten om 'e gunst to freegjen. Earst de bakker. "Ik kom by jo yn tsjerke frou," sei er tsjin mefrou, "dat ik woe jo graech as klant ha."
"Nou, dat sil wol losrinne," sei mefrou, "komme jo mar oan."
Doe kom de slachter. Dy sei tsjin mefrou: "Ik haw in greate...
nl.verhalenbank.33636
Doe't Hearke al âld wie. Soed er us in kroadfol sân út 'e foarikker fan 'e bou helje. (De foarikker woarde froeger noait biboud) Dat kroade dêr o sa min. Doe seach Hearke earst om him hinne as der ek guon wienen, dy't him sjen koenen. Doe tilde er de kroade mei sân by it foarsket en by de oare earm op en sa tilde hy him oer de bou hinne.
nl.verhalenbank.19949
Wy hienen in âld buorfrou, dat wie Minke. Dy wie siik. Op in kear sei heit: "Hear dy katûle ris roppen. It komt net goed mei Minke." Heit krige gelyk. Minke is al gau dêrnei stoarn.
nl.verhalenbank.28376
Der mat in frou wenne ha op 'e Tike of sa. Dy forkocht wol bûter, mar sy hie de minsken noait it folle gewicht jown.
Sy kom to forstjerren, mar sy koe de rêst net fine. Sy kom hyltyd werom. Doe hellen de lju de dûmny derby en dy spruts har oan. Doe sei se hwat har bigearte wie. As de faem oan dy en dy minsken safolle bûter jaen woe, sûnder der sinten foar...
nl.verhalenbank.20070
As hounen spûkgûle sil der ien stjerre. Ek as de eksters om 't hûs hinne skatterje.
nl.verhalenbank.36174