1,902 datasets found
Dutch Keywords: kind Place of Narration: Buitenpost
As der in deatikkerke achter 't bihang is, seit men wol: der is in fremde wekker yn 'e hûs. Ek wol: in wyld horloazje. Dan komt der in deaden.
nl.verhalenbank.20001
It Swadde-paedtsje wie sahwat oardel meter breed. Oan 'e iene kant wie in dyk mei beamguod, oan 'e oare kant de Swadde, dêr't ek beamguod bylâns groeide. Dêr wie nachts altyd in rolle fyfskaft op dat paedtsje, dat him min of mear forweegde. Dat spoeke dêr om en de minsken dy wienen der bang foar.
nl.verhalenbank.20015
Skoanheit en dy hienen in baerch, dêr hie Harm by west. As dy by it fé west hie, mankearde der letter altyd hwat oan. Dy baerch fan skoanheit en dy hied er èk bitsjoend. Doe't dy baerch 't oare jiers slachte woarde, hied er in kleone jern yn 'e mage. Dat hie Harm dien. Skoanheit hie nòch in baerch. Dy woed er net bitsjoend ha. Doe hat er duveldrek ûnder...
nl.verhalenbank.24529
Tsjoensters kinne har yn alle dieren foroarje, meastal yn katten, mar ek wol yn fûgels.
nl.verhalenbank.16766
Alle Tet wie ek in tsjoenster. Dy wie soms bot blau om 'e holle. Doomny kom op in kear by har, doe sei er: "Hwat binne jo blau om 'e holle." "Ja," sei Tet, "ik stomp my altyd oan 'e bêdsdoarkes." Mar 't wie de kweade, dy't har soms op 'e hûd joech.
nl.verhalenbank.19455
Heit handele wol gauus. Hy fortelde, dat op in snein hienen hy en syn broer Remmert oan 't handeljen west mei hynders. Doe soenen se dan op 'e hoeke fan 'e Swarte Wei by 't Wytfean elkoar ôflosse. Se hienen twa hynders foar de glêzen wein. By Jan Tsjerks plaets oan 'e Achttsjinde Wei bleau de wein samar ynienen stean. De hynders woenen net in stap...
nl.verhalenbank.19469
Eibert Veenstra wenne yn 'e Westerein. Se neamden him Golo. Hy wie ôfgryslike sterk. Hy tilde samar in kroade fol dong op en stuts dy mei beide hannen rjocht foar him út. Jappe Eibert seinen se ek wol.
nl.verhalenbank.36307
It gebeurde wol, fortelde beppe, dat lju dy't stoarn wienen, weromkommen, as de minsken har net hâldden oan 'e bilofte dy't se sokken by har leven dien hienen. Dan moest der in dûmny by komme om sa'n forstoarne to freegjen hwat er winske.
nl.verhalenbank.19482
Fan sawn famkes út ien húshâlding is ien in nachtmerje, sizze se. Fan sawn jonges út ien húshâlding is ien in wjerwolf. Tsjin nachtmerjes die men duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.36313
De Trynwâlden De âlde wie in widdoufrou en hja wenne yn Aldtsjerk. Hja hie in hiele greate buorkerij. Har eigendommen strekten har út oant oer de greate strjitwei dy't fan Ljouwert nei Grins ta rint, oan Kanaän ta (dat is Suwâld). Doe't de bern trouden, krigen dy elk in hoeke fan al dat lân. De earste: Reade krige in stik, dat waerd nei him Readtsjerk...
nl.verhalenbank.32149
Op in kear sei ús mem: "Der komt in lyk oan út Dokkum wei oer it wetter. Se fine it aenst yn 'e buert fan Ljouwert. Ik sjoch it spielen." In ûre letter founen se in lyk yn 'e Bonkefeart. 't Wie it lyk fan in geestlik gestoarde, fan Dokkum ôfkomstich.
nl.verhalenbank.36305
Dy't de koarts kwytreitsje woe moest it boarst en de hals ynsmarre mei reade jiske.
nl.verhalenbank.36311
In pleachbeest dat is: de kweade yn 'e gestalte fan in houn.
nl.verhalenbank.28649
Tusken Reitsum en Ginnum stiet in slachthûs. Foardat it dêr stie moesten se dêr de hynders altyd beet krije, as se der lâns kamen, hwant dan wienen de dieren angstich. It wie foartsjirmerije. Letter kaem it slachthûs dêr en doe moesten de hynders altyd yn toom hâlden wurde as se it passearden. Hynders binne altyd bang foar in slachthûs.
nl.verhalenbank.32188
Op in nacht soenen wy meiïnoar om hwat apels yn it hôf fan Klaes Bottema op it Wytfean. Doe't wy goed en wol yn 't hôf wienen, bigounen de amers en bussen to biwegen. Wy seinen tsjin inoar: "Hjir wei." It wie in hiel stik lawaei, sa bot woarde der mei bussen en amers smiten. Ik wie der mei noch in stik of seis út 'e Harkema: Wibe Visser, Jelle (de Wind?),...
nl.verhalenbank.19457
As it hynder foar de lykwein stean bliuwt foar de daem fan in hûs en mei de poat skrabbet, dan komt dêr ûngefear trije à sawn dagen neitiid ien to fortsjerren. Itselde hynder rint dan wer foar de lykwein.
nl.verhalenbank.20003
Om har to bifeiligjen tsjin tsjoensters droegen se froeger yn 'e Twizelerheide duveldrek yn in bantsje om 'e hals. Sy gongen ek wol hinne en bidobben trije dûbeltsjes ûnder 'e drompel, mei de koppen omheech. Dan koe de tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.20017
Der binne noch genôch wearwolven. De jongste soan fan Jehannes Nicolai yn Twizel is ien en Teade de Vries fan 'e Westerein is ek in wearwolf.
nl.verhalenbank.19655
De dochter fan Sikke Boukes yn 'e Westerein wie in nachtmerje. Hja wie troud mei in skoalmaster. Yn 'e nacht gong se altyd nei hynders en minsken ta om dy to pleagjen. Achter yn 'e Westerein hat in boer har fangd, doe't er moal op 'e rêch fan 't hynder struid hie. Doe koe se net wer fuortkomme, hwant sy krige moal oan har. De oare moarns foun de boer har....
nl.verhalenbank.20163
Op it Spûkereedtsje, dêr ek yn 'e buert, dêr spûke ek altyd in grouwe houn, seinen se.
nl.verhalenbank.22953