To Eastemar op it Doarpslân stie froeger in boskje.
Piter Kamminga roan faek fan Eastemar nei Jistrum. Dat gebeurde meast by jountiid en dan gong er altyd de Achterwei lâns. Dy hat faek sjoen, fortelde er, dat der in gedaente út dat boskje wei kom, dy't dwars oer de wei hinne gong en weiwoarde yn it lân oan 'e oare kant
nl.verhalenbank.21865
Alle Tet sutele mei potten en pannen yn in kroade.
Sy hat har al ris yn in skiep foroare. 't Is ek al ris gebeurd doe ha se in kat smiten mei in stien.
Doe hie Alle Tet de oare deis in blau plak oan har.
nl.verhalenbank.12277
Myn oerbeppe wenne op 'e Teijen ûnder Drachten. Sy wie troud mei Errit Errits de Jong. Se seach en hearde allerhande dingen foarút. Har man woe dêr neat fan wite en leaude der net oan, mar it kom altyd nei, hwat se sei. Op in kear sei se: Fannacht haw ik heard, dat se foar hûs yn 'e linebeammen omsagen. Har man wie werkelik fan doel dat de oare wyks dwaen...
nl.verhalenbank.12505
By ús yn 'e Houtigehage gebeurde 't froeger, dat se in pod troch 't lichem hinne stutsen mei in stôk, dêr't se in punt oan makke hienen.
Dy pod kom dan yn 't oes fan 't tek. Dêr fordroege er. Siet der wrang yn 't jaer fan in koe, dan woarde dy fordroege pod yn in stik brea birolle en sa moest de koe him dan opite. Dan woarde dy koe wer better.
nl.verhalenbank.12529
Foar it Jan Koartslân wienen se ek altyd hwat skruten. Dêr hat in man him ophinge en sy sizze ek wol dat de duvel him dêr de holle omdraeid hat.
nl.verhalenbank.32809
Der is in hynder yn 'Het witte paard' forbrând. Dat hat ôfgryslik skopt en trape. Alde Frytsen, de mem fan Willem Mulder, dy't mei de helm geboaren wie, hat dat skoppen fan tofoaren heard.
nl.verhalenbank.21875
Myn omke wenne op 'e Dunen yn Harkema, yn 'e buert fan Abe Nauta. Doe't se de betonwei troch Harkema leinen sei er: dat dogge se foar de soldaten. Hwant hy hie dúdlik sjoen, dat der Dútske soldaten oer de wei marchearden en dat der ek soldaten oer de Dunen kamen. Dat wie yn 1935. 5 jier letter hie men de sitewaesje sa't hy dy sjoen hie. Hy seach wol faker...
nl.verhalenbank.12267
Yn 'e Burgumer Mar wie in spoekachtich ding yn minskegedaente. Dat riisde dêr út it wetter op. It wie in great ding.
nl.verhalenbank.21861
By guon wie de tsjerne wolris bitsjoend. Dat gebeurde altyd as Lutske der west hie. Dan koenen de lju mei gjin mooglikheit bûter meitsje. Dêr woarde dan ek duveldrek foar brûkt. Sy gongen earst nei de duvelbander ta. Dat wie Hinse Jehannes de Boer, dy wenne op it Swartfean.
nl.verhalenbank.12515
Der wie ris in feint, dy wenne by in boer. Hy hie dêr al in pear jier west en woarde dêr al aerdich eigen. Hy doarst dêr wol hwat yn 't formidden to bringen. Hwannear't dêr in fuorman kom mei in weinfol bitekoppen, sei er tsjin 'e boer: "Tink der om, dy man mat aenst in bakje kofje ha", en al sokke dingen mear doarst er to sizzen.
Op in kear sei er tsjin...
nl.verhalenbank.33691
Nei Eastemar út seagen se dêr froeger gauris ljochtsjes. Dat wienen wylde lantearnen, sa neamden se dy ljochtsjes. It ha de foarboaden west fan 'e fytslampen.
nl.verhalenbank.33849
Sterke Hearke is bikend om it forhaeltsje fan it ploegjen. Hy wiisde mei de ploege oan, dy't er omheechtilde, hwer't er wenne, doe't ien him dêr nei frege.
nl.verhalenbank.31910
Wylde lantearnen hienen jy froeger oeral. Se seinen letter, 't wienen de fytsljochten west: foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.37622
Ik wie goed twintich jier. It gebeurde op it Swartkrús yn 1883. Ik hie om boadskippen west.
Ik stapte oer de hekke en sette earst it doekje mei boadskippen del.
Doe seach ik in deakiste mei in wyt ding foar de hekke stean. It wie tusken Swartkrús en Jistrum.
Even letter bigong it wite ding to sweven, doe letter de kiste ek. (it wie in wyt ding as in...
nl.verhalenbank.21915
To Hurdegaryp, by 't hûs fan dokter Bontekoe, wie in hekke, dy't se nachts net ticht hâlde koenen. Dy gong altyd fansels wer iepen.
nl.verhalenbank.37623
Us heit wenne froeger oan 'e Hearrewei ûnder Sumar.
Faek hat er forteld dat se soms achter hûs lûden hearden; it wie krekt dat der izer oer izer hinne glied.
Al gau dêrnei is de tram dêr kom. Dat ha de lûden doe west fan 'e tram dy't oer de rails glied.
nl.verhalenbank.33848
Der wie in jonge, dy moest foar de keuring. Syn heit wie in boerke, dy't net it measte forstân hie. De deis fantofoaren sei er tsjin 'e jonge: "Nou is 't moarn sa fier, jonge. Mast sjen datst ôfkeurd wurdste."
"Ja heit", sei de jonge.
Doe't er dan foar de keuring west hie frege syn heit him:
"Wel, hwat ha se sein?"
"Se ha neat sein", sei de jonge.
Mar in...
nl.verhalenbank.33690
Albert Alma (de man fan Tet) wie in raren-ien. Hy wenne yn 'e Harkema. Op in joun siet er yn 'e kroech by Japik Laverman op 't Jachtfjild. Hy sûpte en flokte en swetste en hy liet him ûntfalle: Ik bin fan gjin duvel bang. Doe't er let yn 'e joun de kroech forliet woardde er ûnderweis op 'e Skeankamp, dêr't nou bakker de Boer wennet, samar oer de dyk hinne...
nl.verhalenbank.12272
As in houn spûkgûlt, komt der in lykstaesje lâns.
nl.verhalenbank.12266
Atse Veltman fan Eastemar kom us op in nacht thús, doe seach er de koemerk fol reek. In skoftsje letter brânde 'Het witte paard' op. De wyn wie doe krekt sa, dat de reek oer de skoarstien gong.
nl.verhalenbank.21874