3,735 datasets found
Dutch Keywords: kind toverij
't Wie by ús yn 'e Harkema de gewoante dat de bern duveldrek op it boarst droegen fanwege de tsjoensters.
nl.verhalenbank.27804
As hjir froeger bern bitsjoend wienen, gongen se mei de mûtskes nei de duvelbander ta. Dat wie meastal Willem Everts. Dy wenne ergens yn 'e Trynwâlden.
nl.verhalenbank.18206
Wy hawwe in bern hawn, dat gûlde nachts altyd. Doe hat myn wiif it bern út 'e widze weinom en yn in bedtsje lein. Noait hat it bern yn 'e nacht wer gûld. Myn wiif sei: dy widze hat bitsjoend west.
nl.verhalenbank.23757
Piters Hindrikje hat de bern fan Wytse Hountsje en Hinke èk bitsjoend.
nl.verhalenbank.33038
In bern krige froeger in koarste roggebrea op it boarst, om net bitsjoend to wurden.
nl.verhalenbank.11529
As in bern bitsjoend wie gongen se nei de duvelbanner. Dat wie greate Wopke fan Kûkherne. Heit hat der mei myn suster hinne west. Dat wie doe noch in famke. Se krige in dikte oan 't wang. Wopke hat har wer better makke.
nl.verhalenbank.33571
It gebeurde ek wol dat se de duvelbander ophellen yn Jobbegea. Dan wie hy der sels by.
nl.verhalenbank.28269
Wy wennen yn Houtigehage. Dêr wenne in bikende tsjoenster, dat wie Jehannes Wyts. Op in middei wie myn skoansuster by my. Hja hie har famke meinom, dat wie doe noch in poppe. Doe die se dat bern in skjin ruft ûnder. Doe seach ik dat dat bern in toutsje om 'e hals hie en dêr siet in lapke oan. Dêr siet hwat yn biboun. Ik sei: "Hwat is dat?" Doe sei myn...
nl.verhalenbank.33052
As der ergens pasgeboaren bern wienen, dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. Dat wie om de tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.27379
By Rinse Hamstra yn 'e Harkema krigen se in berntsje, mar dat rekke wei. Letter krigen se wer in berntsje, mar dat rekke ek wei. De trêdde kear gong it goed. Mar de mem sei: "Ik wyt nou, hwa't it dien hat." Doe seach se troch de glêzen. "Dat âld wiif dêr hat it dien!" Dit is noch mar in pear jier lyn.
nl.verhalenbank.33324
As Alle Tet der oan kom setten wy as bern altyd in krús op 'e wei mei de klomp. Wy tochten, dat se dêr net oerhinne komme koe.
nl.verhalenbank.21643
As in bern bitsjoend wie moest men nuddels en spjelden yn wetter siede en dat wetter moest men it bern opdrinke litte. Ritske Aeltsje fan Houtigehage die dat altyd. Sy hie faek mei tsjoenderij to kampen.
nl.verhalenbank.12276
Rikele Myt hat wolris in bern bitsjoend. Wy doarsten as bern net by Rikele Myt oer 't hiem. Myt koe krânsen yn 'e kessens tsjoene. De froulju dy't op 'e Skieding wennen, seagen alle dagen de kessens nei.
nl.verhalenbank.29394
Yn 'e Twizeler Mieden wenne in frommes, dat sei tsjin har bern: "Sjoch, hjir binne trije stiennen, dy liz ik op 't hurdfjûr. Siz mar tsjin heit, dat ik werom kom, as dy stiennen forbrând binne." Doe is se fuort gong. (neffens Bontsje hat dit teltsje neat mei in nachtmerje út to stean)
nl.verhalenbank.20164
As wy froeger as bern nei skoalle ta gongen - yn 'e Harkema - setten wy in krús op it paed; dan koe de tsjoenster ús net binei komme.
nl.verhalenbank.29420
Foar âlde Minne Ael wienen guon spookbinaud. Omdat sy de bern bitsjoende, nei't se mienden. Guon seaden spjelden yn in griene têst oer 't fjûr. Dan hie de tsjoenster gjin macht mear oer 't bern, seinen se. Der is in foardracht fan froeger, mei dizze wurden: Ik ried dy oan en doch dyn bêst: Sied spjelden yn in griene têst!
nl.verhalenbank.27380
Siet der by 't bern in krâns yn 't holkessen, dan wie dat it biwiis dat it bern bitsjoend wie. Dy krâns brânden se op.
nl.verhalenbank.38076
Myn skoansuster Akke wie noch in famke. Se wenne yn 'e Westerein. Sy woarde siik. Net sa fier fan skoanâlden ôf wenne in âld wyfke. As dy nei in winkel ta woe gong se altyd by skoanmem en dy oer 't hiem. Dan joech se Akke altyd hwat, soms in koekje, ek wolris hwat oars. Doe't Akke dan siik woarde gong skoanmem nei de duvelbanner ta. Dat wie greate Wopke...
nl.verhalenbank.33081
Hindrik Pyk hat ek ris in kear by Albert van der Veen west. Doe kom er ek by 't bern dat yn 'e widze lei. De oare deis wie 't bern siik. Hindrik Pyk wienen wy as bern tige bang foar. Wy doarsten net by him op 't hiem to kommen omdat it in tsjoenster wie. Syn skoandochter Jitske hie 't himd altyd omkeard oan, oars koe Hindrik har miskien ek wol bitsjoene,...
nl.verhalenbank.33409
Alde Jehannes Wyts fan Boelensloane wie ek in tsjoenster. Har dochter woun in bern oer. Doe kom dat bern by Wyts yn. Mar dat bern woarde siik en 't gong dea. Wyts hie 't bern deatsjoend.
nl.verhalenbank.38005