2,729 datasets found
Dutch Keywords: huis Place of Narration: Houtigehage
Yn Topweer (yn Grinzer Pein) wie in doar yn in hûs, as se dy fêst dienen, dan wie er de oare moarns altiten los.
nl.verhalenbank.23783
Yn 'e Liuwe-poel yn 'e Harkema siet in dier, dat kom altomets us út 'e poel wei. 't Wie in monster. Dêr tichteby wenne in frommes, dy wie dêr o sa bang foar. Op in kear kom it monster by har yn 'e hûs en 't gong op in stoel sitten. Doe ha se it hûs forbouwe litten mei de achterein nei de poel ta.
nl.verhalenbank.24563
Der wienen in pear mannen dy hienen heard fan Sterke Hearke. Se woenen wolris mei him fechte en gongen nei Droegeham ta. Doe't se omtrint yn it doarp wienen, seagen se dêr in man, dy wie oan 't ploeijen op it lân. Se fregen him of er ek fortelle koe hwer't Sterke Hearke wenne. It wie Hearke sels dy't dêr oan 't ploeijen wie, mar dat wisten sy net. Hearke...
nl.verhalenbank.31112
Japik Rippert (= Jack the Ripper?) dy hat hjir omswurven. 't Wie in tsjoenster, se wienen binaud foar him, fral de froulju. Hy koe troch de slotsgatten yn 'e hûs komme. De frou fan Jan Nijboer wie sa binaud, dat as se turf helje moest út it achterhûs wei, dan roan se achterstefoar.
nl.verhalenbank.23876
Dyselde man syn frou hearde op in joun dat der in lading hout delplofte flak by har hûs. Krekt as waerd it fan in wein smiten. Binnen it jier woardde der op dat plak in nij hûs delset, dêr't hja ynkommen to wenjen. Mar dêr wisten se doe noch neat fan. Doe kaem der ek in wein mei hout oan dat dêr delsmiten woardde. Dat wie deselde plof.
nl.verhalenbank.37685
Sy seinen froeger wolris, dat hûs brânt ôf. Guon ha 't brânnen sjoen. Dan brânde it letter èk ôf.
nl.verhalenbank.24566
Boardzer Bruining hie 't altyd oer lykstaesjes, dy't er fantofoaren seach. Hy wist altyd krekt yn hwat hûs as der ien stjerre soe. Mar dêr praet er nou net mear oer.
nl.verhalenbank.25877
Op 'e Sumarreheide is froeger us in berntsje deamakke woarn. En nei dy tiid gong de doar fan dat hûs altyd fansels iepen; dy koenen se noait ticht hâlde.
nl.verhalenbank.23796
In protte minsken hjir yn 'e Houtigehage hienen duveldrek ûnder 'e drompel lizzen. Dan koenen der gjin tsjoensters yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.25882
Ik praette ris in kear mei in frommes, dat wie al op jierren. "Froeger Japik," sei se, "kamen wy us yn in hûs to wenjen dêr woe oars net ien yn. It gong dêr altyd bot oan wei yn dat hûs, alles wie altyd stikken en los. Sy wienen allegear bang foar dat hûs. Wy kommen der yn. Myn man kreaze der alles op. Hy koe sels hwat timmerje en 't knapte alhiel op. Mar...
nl.verhalenbank.23565
Ik ha wol minsken kind, dy't seinen: "Dat hûs ha 'k yn 'e brân sjoen." Dan brânde it letter ôf.
nl.verhalenbank.24650
De minsken dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompel, omdat se bang wienen dat âlde Janne Luts oars by har yn 'e hûs komme soe. Janne Luts wie in tsjoenster. De bern droegen duveldrek op it boarst. Dat wie èk om har.
nl.verhalenbank.37792
In nachtmerje wie in man of in frou, dêr't men deis oer prakkesearre en dy't dan nachts by jin kaem. Men moest hinnegean en stopje de kaeisgatten fol guod, hwant de nachtmerjes kamen altyd troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.37786
De nachtmerje kaem nachts by de minsken. Dy kaem ta 't slotsgat yn. Men mat noait de klompen mei de snuten nei de doar ta foar de drompel sette. En sa matte de toffels ek net foar 't bêd stean. Ik tink dêr altyd noch om.
nl.verhalenbank.31120
Myn broer Ritske fortelde: Ik ha forkearing hawn mei in fanke, dêr wie 't net mei yn oarder. As ik mei dat fanke fuort west hie en ik brocht har op 'e lette joun wer thús, dan kom der ûnderweis altyd in dikke houn by my, mei egen, sa great as thépantsjes. Ik hie 't dolkje by my en dat hie 'k op in kear klear. Doe't er wer by my kom, wylst ik it fanke nei...
nl.verhalenbank.24312
Ritske (v.d Meer) en Aeltsje hienen in jonkje Germ. Dat jonkje woe net groeije. It siet yn 'e pogge. Hja tochten dêr kinne wolris forkearde hannen oer gean, dat se gongen nei de duvelbander ta. It bern wie sa meager as branhout. As Janne Luts (Mulder) dêr foarbykaem woe se altyd graech ris nei 't jonkje sjen. De duvelbander sei: "Sjoch mar ris yn 't...
nl.verhalenbank.31118
As eksters op 'e tún by hûs skatterje, dan komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.25423
Myn broer Wessel wurke yn Zoutkamp oan 'e slûs. Hy lei dêr op in joun op bêd. 't Wie op in freed. Saterdeis kom er altyd thús. Doe't [er] dy jouns op bêd lei, woarde er samar opnom en hy fleach troch de loft. Mei pijlsnelheid fleach er nei hûs ta. Doe't er dêr in skoft west hie, fleach er werom nei Zoutkamp ta. 't Gong as in pylk út in bôge. De oare jouns...
nl.verhalenbank.21632
Hjir stie by de Langewyk in hûs, dêr wennen minsken yn, dy hienen in jonge, dy woarde dêr net sa moai bihandele. Dy jonge is dêr fordronken. Se seinen, dy jonge wie net goed beset, sa't it hearde. De neislaggen sille har dêr iepenbierje. Dêr is ris in frommes lâns gong, op in moarn bitiid, dy soe nei Smellinger Pein ta to arbeidzjen, dy seach dêr letter...
nl.verhalenbank.23794
Wy wennen froeger yn Boelensloane. Us mem hearde dêr faek timmerjen yn 'e nacht. Dan sei se: "It wurde hjir skielk allegearre huzen." En dat is ek neikom.
nl.verhalenbank.28038