In tsjoenster koe troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.23428
Op in kear doe hienen wy ús hûs forkocht. Mar wy hienen noch net in oar hûs, dat wy wisten net, hwer't wy de maeijes komme soenen.
Hiltsje kaem by my. Wy wennen doe noch oan 't Wyldpaed. Hja woe wite of wy al wer in hûs hienen.
"Hast al plak?" frege se my.
Ik sei: "Né. Kei is der om fuort. 'k Wyt net hoe't it komt."
Kei bleau wei. Hiltsje gong op 't lêst...
nl.verhalenbank.22014
Wy ha yn 'e Falom wenne yn 't hûs fan âlde Knjillis. Doe't ik dêr hinne soe, seinen de minsken: "Dû mast dêr net hinnegean hwant it spokket dêr."
Dêr ware alle nachten in frou om yn dat hûs, mei in bûnte skelk foar. 't Wie âlde Knjillis syn wiif. Knjillis wie froeger skipper. Doe't dy stoar binne wy yn dat hûs kom.
nl.verhalenbank.33425
Froeger wie der nou en dan wol us in wylde lantearne yn 'e Houtigehage. Dan kom der letter op sa'n plak in hûs to stean. Wylde lantearnen binne foarboaden.
nl.verhalenbank.20093
Anders Feltsje kaem us op in nacht by de faem wei. Dy faem wenne yn 'e Westerein. Hy wie noch mar in eintsje ûnderweis, doe kaem der him in hiele grouwe koalle fjûr op side. Dy gyng mei him oan 'e doar ta. As hy hurder roan, dan gyng dy koalle fjûr ek hurder. (feltsje is in bynamme)
nl.verhalenbank.22125
Myn broer kaem us op in nacht by de faem wei út Burgum. Doe't er by 't Wyldpaed wie by Arentsfeart seach er yn 'e berm in houn sitten. Earst koed er net sjen hwat it wie. It wie in beest noch greater as in keal. En 't wie rûch en swart. 't Hie hiele greate egen yn 'e kop. En de kop wie sa great as dy fan in bolle. En 't hie greate tosken. Myn broer stapte...
nl.verhalenbank.22128
Us heit sei us in kear tsjin ús mem: "Hwat is 't der hjir fannacht oan wei gong. Hwat ha se by ús yn 'e hûs oan 't timmerjen west."
It duorrre mar in skoftsje, doe woarde 't hûs forboud. Dat wie yn 'e Houtigehage, flak tsjin it hûs oer, dêr't nou myn suster wennet (yn Boelensloane; de wei is de grins tusken de beide doarpen)
nl.verhalenbank.20088
Fan sawn jonges is ien in wjerwolf.
Fan sawn famkes is ien in nachtmerje.
In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.33428
Ik en Kij wienen us op in joun nei Jehannes en Tryn ta to praten. Doe't wy wer nei hûs ta gongen roan der ús hyltyd in kat foar de fuotten. Wy koenen it beest net kwyt wurde. Hy bleau by ús oan hûs ta. Ik joech him wolris in skop, mar 't holp neat, hy wie der hyltyd wer.
Thús hat Kij him opsluten, hwant it koe ris in kat wêze fan de iene of oar dy't der...
nl.verhalenbank.33429
Tsjoensters kinne troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme.
Nim noait hwat fan in tsjoenster oan, hwant dat kin yn in pod foroarje.
nl.verhalenbank.22134
Myn man wie noch in jonge baes, hy wie hjir us op 'e wei mei oaren. Sy praetten hwat, doe hearden se yn 'e Kule timmerjen. Guon seinen: wy sjogge ljochten. Mar dêr stie net in hûs.
Letter is dêr boud woarn. Der binne nije huzen yn 'e Kule delset. Myn man hat it sels fan to foaren heard en sjoen.
nl.verhalenbank.23414
Tusken Skûlenburch en Jistrum matte trije hûskes stien ha, yn 't iene dêrfan matte pake en dy wenne ha: heit syn âlden. Dêrnjonken wenne in man, dy moest alles sjen. Jouns kom er wol us by pake en beppe. Op in kear hie hy der wer op út west, sa fortelde er. Alhiel oer Eastemar, Sumar en sa nei Swartkrús.
"Ik bin der noch raer fan fan hwat ik dêr sjoen...
nl.verhalenbank.23416
Klaes Kamstra hat syn frou tige min bihandele. Hy hat har wol sa bot slein dat se ûnder 'e blauwe plakken siet. En hy hat har wol oan 't hier út it bêd wei sleept.
Doe kaem se to forstjerren.
Alle jounen as hy fan 'e trein kaem fan 't wurk, dan moest er it tsjerkhôf foarby en dan fleach der elke kear in wyt ding út it graef wei nei de tsjerke-hikke ta....
nl.verhalenbank.22122
Wy ha de minsken dy't lêst yn dat húske wenne ha al us frege as it altyd goed wie by harren yn 'e hûs. "Nou," sei de man, "om it mar earlik to sizzen, goed wie it net." Mear woe hy der net fan sizze.
nl.verhalenbank.21998
Sa haw ik ek faek fortellen heard dat men in hûs yn 'e brân seach, mar yn werkelikheit barnde it net. Dan seinen se: dat hûs sil nochris opbarne. En dat gebeurde dan letter ek.
nl.verhalenbank.38624
De nachtmerjes kamen troch 't kaeisgat yn 'e hûs. By ús thús hienen se gjin slotten op 'e bûtendoarren. Heit woe gjin kaeisgatten ha fanwege de nachtmerjes. Fan bûten hienen wy in ring en fan binnen kom der in houtsje op 'e klip.
nl.verhalenbank.34480
Ik hie in omke, dy hiet fan Eatse. Dy hearde ris op in nacht hoe't it tichte by syn hûs yn Twizelerheide op in timmerjen gong. Hy gong út bêd wei en nei bûten ta om to sjen hwat dat wêze koe, mar doe't er bûten wie fornom er neat mear, en der wie ek neat to sjen.
Doe gong er wer op bêd. Hy lei noch mar even of doe hearde er it wèr. Hy tocht: Hwat dat is,...
nl.verhalenbank.28766
In neef fan ús hat wol us by myn skoanfolk slept. Doe't er wer thús wie, sei er: "Ik wol dêr net wer hinne. It giet der dêr nachts sa bot oan wei yn 'e hûs."
nl.verhalenbank.21999
Sterke Hearke wie izersterk. Der kommen ris in pear by Hearke doe wie er oan 't ploegjen. Hja fregen nei minsken dy't se opsykje moesten. Doe hie Hearke de ploech yn 'e hannen naem en dêr mei wiisd en sein: "Sjoch, dêr wenje se."
nl.verhalenbank.10683
Sterke Hearke fan Droegeham wie op 't lân oan 't wurk.
Mei de ploech. Der kom ien by him. Dy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke eins?"
Doe tilde Hearke de ploech op en wiisde dêrmei syn hûs oan.
"Sjoch," sei er, "dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.37655