Stammerige Harm wie ek in tsjoenster. Se wienen allegear bang foar him. Hy kom ris in kear by ús yn 'e hûs. Us Hindrik lei yn 'e widze. Doe gong Harm by de widze stean en hy seach der boven oer hinne.
Doe sei mem: "O, myn jonge!" Doe woe Harm ús Hindrik bitsjoene.
nl.verhalenbank.35949
De duvel wurdt hjir wol neamd Hantsje Prip. Hy mat hjir ris in keardel nei hûs ta brocht ha.
nl.verhalenbank.34634
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. In man woe wite, hwer't er wenne. Dy kaem by him op 't boulân en frege him. Doe tilde Hearke de ploege omheech en wiisde syn hûs dêr mei oan. Hy sei: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.30100
Frijmitselers ha harsels oan 'e duvel forkocht. As se forlet fan jild ha, klopje se even oan 'e doar. Dan stiet der wol ien klear mei jild.
Frijmitselers timmerje altyd oan har eigen hûs. Dat rekket noait klear.
nl.verhalenbank.36550
Myn man Ringer kom wol mei syn handel yn klaeijng ensa by in âld minske, dat yn 'e Harkema wenne. Dat minske wie mei de helm geboaren. Soms stie se by de doar en dan seach se lykstaesjes. Ringer krige sa'n ôfskrik fan har forhalen, dat hy woarde suver bang foar har en hy kom der dêrom op 't lêst mar net mear.
nl.verhalenbank.20915
Op in joun soenen wy nei Grinslân ta to wjûden. Doe seinen wy: "Sjoch, 't spultsje fan Hindrik en Ael stiet yn 'e brân."
Dat hûs stie oer de Swâdde. Mar it brânde net.
In setsje letter is it opbrând.
nl.verhalenbank.36858
It spul dêr't nou Hindrik en Ael wenje, ha guon minsken fan tofoaren yn 'e brân sjoen. Letter brânde it op.
nl.verhalenbank.17499
Yn 'e Westerein is 't ergens gebeurd dat der ien tige siik op bêd lei. Doe hearden se it lûd fan in kiste dy't oer 't finsterbank hinne skoude.
Al gau dêrnei forstoar de sike. De kiste woarde ûnder 't finster troch yn 'e hûs brocht.
nl.verhalenbank.36015
Yn Twizelerheide, oan 't Wyldpaed, stie in hûs yn 'e brân. Us folk seach it barnen. Der allegear hinne, mar it stie net yn 'e brân. Ik wie doe in famke, 'k ha der ek noch hinne west to sjen. It is net opbarnd, mar de hiting is dat dat noch gebeure sil. Dat leauden ús heit en dy ek grif en ik sels èk.
nl.verhalenbank.33807
By ús woarde it hûs fortimmere. Wy hienen in greate húshâlding, der wienen 9 bern en mem forwachte it tsiende. Doe kom der in frou by ús op bisite. 't Wie âlde Auke Tryn. Dy biseach alles fan de fortimmerderije.
Doe't se thúskom, sei se tsjin har man: "Och och, 't wie dêr allegear folk yn 'e hûs/yn 't achterhûs en om 'e doar. Sil ik dy ris hwat sizze?
Het...
nl.verhalenbank.34562
Yn 'e Westerein is 't faek gebeurd dat de minsken it timmerjen al fier fan tofoaren hearden fan in hûs dat noch boud wurde moest, mar ik kin sa net sizze fan hokker hûzen dat it gefal wie.
nl.verhalenbank.33746
Us heit wie in greate hater fan kaertspyljen. Hy woe net heal lije dat der by ús kaerten yn 'e hûs wienen. Der mochten net iens kwartetkaerten wêze. Hwant de duvel siet der yn, sei er. Tsjin ús jonges sei er: "Dû forliest dyn siele by 't kaertspyljen. Dêr soarget de duvel foar."
nl.verhalenbank.34613
Myn omke wenne op 'e Oastersingel yn 'e Westerein. Alle jounen kaem der in great ljocht op him ta en dat gong dwars by him troch 't hûs hinne.
In skoft letter moest it hûs der ôf, doe kaem de trein dêr en dy kaem krekt to riden oer de froegere founeminten fan it hûs.
Dat hie dus dat greate ljocht west.
nl.verhalenbank.29737
Ik leau fêst oan foartsjirmerij. Dat praet gjin minske my út 'e holle wei. Mar tsjintwurdich wol men dêr net mear fan wite. Dêrom hâld ik my mar stil. Mar ik fornim genôch. Nachts falt der hjir wolris in planke del of hwat oars yn it hûs, dat it komt der skielk wei. Dêr bin 'k wis fan.
nl.verhalenbank.19421
Us buorfrou yn Twizelerheide wie ek in tsjoenster. Myn suster moest ris op in joun nei de w.c. ta. Dy stie bûten, dat wie doe sa de gewoante. Sy kom op 'e strjitte achter hûs en doe trape se op in pânse. Dat wie de pânse fan dy tsjoenster.
Doe kom ús buorfrou de oare deis net fan 't bêd. Hja hie sa'n pine yn 'e rêch, sei se.
"Dat smoarge fanke fan...
nl.verhalenbank.33823
Eiberts Rinske wenne by de Swâdde. Dêr dobbelen se altyd meielkoar en allerhande folk kaem dêr. Myn broer kaem dêr ek wolris. Op in kear soe myn broer nei hûs ta, doe wie der in beest deun achter him. It like wol hwat op in grouwe, swarte houn. It hie egen yn 'e kop as koallen fjûr. Dat bist bleau hyltyd by him. It folge him op 'e hielen. As hy stean...
nl.verhalenbank.17502
Alde Hanne Kramer gong foar in tsjoenster troch. Hy hie syn wurk dat nei Ljouwert út mei oaren út 'e Westerein en dêr moest er elke dei rinnende hinne. It keppeltsje gong meastal meielkoar op stap.
Op in moarn hellen se him oan.
"Hanne, bist klear?" rôpen se.
"Ja," sei Hanne, "gean mar fuort, ik kom jimme wol achterop."
Mar doe't se by 't wurk oankamen,...
nl.verhalenbank.20542
In frou út 'e Westerein hat ris in berntsje deatsjoend. Doe doarst hja net mear yn har eigen hûs to wêzen, sà lulk wie de famylje fan dat bern op har. In skoftlang hat se doe by oaren west. Dat bern hie èk krânsen yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.35944
Wy wennen yn in winkelhûs. Achter ús wenne in âld minske yn in lyts húske. Dat wie Aeltsje. It wie in tsjoenster.
Op in moarn stie Aeltsje by in beam. Hja makke nuvere gebeartens mei de earms, dy't se omheech hâldde nei de beamkrúne ta, krekt as soe se melke. 't Like ek wol op fleanen. It like nuver. Us buorfamke helle har op en brocht har by ús. Dêr lei...
nl.verhalenbank.36536
Op in nacht, noch net sa lang lyn waerd ik ynienen wekker troch in lûde plof; krekt as foel der in muorre del.
De oare moarns roun ik om 't hûs hinne om to sjen hwat der gebeurd wie, mar der mankearde neat oan.
Binnen 't jier waerd it âlde húske fan myn buorman ôfbrutsen. Doe hearde ik krekt wer itselde lûd, doe't der in stiennen muorre delkaem.
nl.verhalenbank.36512