6,734 datasets found
Dutch Keywords: huis Narrator Gender: female
It hûs, dêr't wy yn wennen froeger, stie yn 'e Smoarhoeke, flak by de Liuwe-poel. De minsken neamden dat hûs altyd it Spoekhûs.
nl.verhalenbank.21452
Piters Willemke fleach op 'e biezemstok oer 't hûs hinne.
nl.verhalenbank.38149
Myn man en ik wennen hjir flak by. Doe't dit hûs noch boud wurde moest, hearden wy fier fan tofoaren nacht op nacht it timmerjen al.
nl.verhalenbank.16132
Yn Visvliet stie in âld pleats, dêr spoeke it. De tichte doarren fleagen dêr altyd fansels wer iepen. Der doarsten gjin minsken yn dy pleats wenje. Wy binne der ris lâns kom mei in kedde foar de karre. Dy hienen wy fan 'e bakker liend. De pleats stie leech. Hy wie hielendal grien en forfallen.
nl.verhalenbank.16127
Hjir yn 'e Houtigehage mat in hûs stien ha, dêr't in gat yn siet, dat se noait ticht hâlde koenen. Ik ha der ús mem wol us oer heard, mar hwer't it stien hat, wyt ik net.
nl.verhalenbank.24423
Ik stie op in joun to Jistrum achter hûs. Doe hearde ik dat it skean achter my drok op in timmerjen gong. Mar dêr wie neat to sjen. Ik tochte by my sels: Kin dit ek foartjirmerij wêze? En dat hat it west. Letter ha wy op datselde plak in hûs krige. Ik wist der doe noch neat fan dat wy dêr in hûs sette litte soenen. Wy binne letter yn dat hûs kom to wenjen.
nl.verhalenbank.36025
De tsjoensters kamen troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.38090
Kent u verhalen over verborgen schatten? Markvluwer Kees Spiering kent een huis waar een joodse schat verborgen is.
nl.verhalenbank.45678
Tsjoensters komme troch 't slotsgat.
nl.verhalenbank.25811
Stammerige Harm wie ek in tsjoenster. Se wienen allegear bang foar him. Hy kom ris in kear by ús yn 'e hûs. Us Hindrik lei yn 'e widze. Doe gong Harm by de widze stean en hy seach der boven oer hinne. Doe sei mem: "O, myn jonge!" Doe woe Harm ús Hindrik bitsjoene.
nl.verhalenbank.35949
In nachtmerje wie in frommeske, dat troch 't kaeisgat yn 'e hûs kom, sei ús heit.
nl.verhalenbank.26176
Njonken ús yn 'e Westerein wenne in frou, dy wie mei de helm geboaren. Op in kear sei se tsjin ús mem: "Der komt ien fan ús jonges to forstjerren. Ik ha de kiste fannacht stean sjoen. Hy koe net op it plak stean dêr't er hearde, dan koenen se de swaei net krije, dat hy stie yn in forkearde hoeke yn 'e keamer. Ik ha der fannacht twakear út west. Beide...
nl.verhalenbank.16509
De duvel wurdt hjir wol neamd Hantsje Prip. Hy mat hjir ris in keardel nei hûs ta brocht ha.
nl.verhalenbank.34634
Wy ha fan tofoaren it timmerjen heard oan 'e Malmoune. (de malmoune wie in fjouwerkant hûs foar fjouwer a-soasiale gesinnen; in pear jier lyn waerd dat hûs ôfbrutsen) Ek hearden wy fantofoaren it saegjen en 't smiten mei balken fan it hûs dêr't Sjoerd Stienstra, hjir oer de wei, yn kom te wenjen.
nl.verhalenbank.16068
Yn Jistrum stie in hûs, dêr't de doar altyd samar fansels iepen gong.
nl.verhalenbank.27558
In nachtmerje wie in frommeske. Sy kom troch 't kaeisgat by de lju yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.29366
Bij de bonte brug in Dokkum stond een huis, daar spookte het altyd in.
nl.verhalenbank.32626
Sterke Hearke wie ris in kear oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him, dy frege hwer't Hearke wenne. Doe tilde Hearke mei ien hân de ploege op en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.24894
Yn 't hûs dêr't nou Jille Tsjoelker wennet yn 'e Rotfalle rint nachts op 'e telle altyd út him sels in wein op en del.
nl.verhalenbank.33325
Hjir net sa fier ôf matte reuzen wenne ha. Dy wennen yn 'e bosk. Yn 't doarp kom altomets in greate reus mei in lytsen-ien, dy't er by de hân beet hie. Sy stapten dan fan it iene hûs op it oare. Sy ha echt bistien.
nl.verhalenbank.18215