4,715 datasets found
Dutch Keywords: huis vrouw
Piters Willemke fleach op 'e biezemstok oer 't hûs hinne.
nl.verhalenbank.38149
In nachtmerje wie in frommeske, dat troch 't kaeisgat yn 'e hûs kom, sei ús heit.
nl.verhalenbank.26176
Doe't ik noch in jonge wie wenne der in frou yn Surhústerfean, dy seach hwat oer de wyk hinne sweven. Hwat it wie, wist se net, mar 't wie spûkerij.
nl.verhalenbank.24195
In nachtmerje wie in frommeske. Sy kom troch 't kaeisgat by de lju yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.29366
In nachtmerje wie in frommeske. Sy kom ta 't slotsgat yn 'e hûs. Dêr gong se nachts de minsken op 't boarst sitten. Dan bisetten de siken har.
nl.verhalenbank.27793
Er was hier in huuske, doar woonde in olle frou in met man en dochter. Die olle frou was een heks. Moar dat wist heur dochter niet. Myn foaders suster was kammeroatske met die dochter. As die dochter bij ons geweest was durfde ze nooit allinne noar huus toe, want dan kwam der altyd in kat driemoal by hoar of in heksige frou, foar, by datselde huuske. Myn...
nl.verhalenbank.37290
Myn man Ringer kom wol mei syn handel yn klaeijng ensa by in âld minske, dat yn 'e Harkema wenne. Dat minske wie mei de helm geboaren. Soms stie se by de doar en dan seach se lykstaesjes. Ringer krige sa'n ôfskrik fan har forhalen, dat hy woarde suver bang foar har en hy kom der dêrom op 't lêst mar net mear.
nl.verhalenbank.20915
Dat was hier ok 't zeggen in 't dorp, dat er vroeger een toverheks woonde. Een vrouw, die werd voor toverheks uitgemaakt. Dat was ok 't zeggen, dat was op een keer zo mooi, ze had an een boer gevraagd of ze asjeblieft erwten mocht gaan zoeken op 't land. Hij zegt, dat ie dat niet wil hebben, maar zij zegt: "Dan zal ik ze toch wel krijgen". En dat was toen...
nl.verhalenbank.126556
In nachtmerje is in frommeske, dat troch it kaeisgat yn 'e hûs komt.
nl.verhalenbank.37205
In nachtmerje, seinen se froeger, wie in frommeske en kom troch 't slotsgat by de minsken. Fan sawn dochters wie de jongste in nachtmerje. Men moest de toffels noait sa stean litte as men der útstapte. Oars stapte de nachtmerje der yn.
nl.verhalenbank.27350
Op 'e Mûzegroppewei is ris in faem formoarde woarn en fuort dêrnei makke de heit himsels ek noch fan kant. Doe kommen der bloedplakken yn 'e flier. Dy ha se der noait wer út krije kind. Sa lang it hûs dêr stien hat bleauwen dy bloedplakken dêr yn 'e flier. Se ha der fan alles oan dien. 15 jier lyn is 't hûs ôfbrutsen.
nl.verhalenbank.36077
Oense Gees wie in great, gewant frommes. Hja droech in swart ding op 'e kop. Hja wenne yn 'e Harkema en roan altyd to skoaijen. It spoeke by har. De stuollen dounsen en it rammele by har yn 'e doofpot.
nl.verhalenbank.27797
Vroeger had je hier Mietje Flap. Die is later helemaal vervuild, de rotte liepe in huis. Ik heb ze nog partikelier gekend. Toen ze trouwde een hoop volk d'r achteran. En allemaal zonge ze: Brouwer op z'n klompe, Mietje met de hoed, Brouwer ging allenig Mietje met de stoet.
nl.verhalenbank.72596
Op in kear doe hienen wy ús hûs forkocht. Mar wy hienen noch net in oar hûs, dat wy wisten net, hwer't wy de maeijes komme soenen. Hiltsje kaem by my. Wy wennen doe noch oan 't Wyldpaed. Hja woe wite of wy al wer in hûs hienen. "Hast al plak?" frege se my. Ik sei: "Né. Kei is der om fuort. 'k Wyt net hoe't it komt." Kei bleau wei. Hiltsje gong op 't lêst...
nl.verhalenbank.22014
Tsjinoer it hûs fan Japik Kuipers stie nòch in hûs. Dêr wenne IJe de Vries yn. Myn âldste suster wie dêr alris to helpen. Doe soe mem dêr ek hinne, hwat letter op 'e dei. Hja wie sahwat oan 'e Wilhelmina-hoeve ta. Mem wie noait bang, hwant mem sei: "Ik haw in rein geweten, dan kin der my neat gebeure." Doe kom der in swart ding op har ta. 't Wie hiel...
nl.verhalenbank.25948
Alde Sytse Hil fan Sumarreheide hie altiten in rest katten om 'e doar. It gong dêr altyd op in razen en oangean. Dy katten, dat wienen har kammeraetskes.
nl.verhalenbank.23119
Ik hearde ek altyd dúdlik as se mei planken omsmieten. Dan wie der neat to sjen. Dan sei 'k tsjin 'e bern: "Hjir komt wer in nij hûs, hear." 't Komt altyd nei.
nl.verhalenbank.27975
Ik weet ook nog, wij als kinderen waren bang voor een vrouw, die werd als heks versleten. Ze waren er een beetje bang van. Als kinderen liepen wij er met een boogje omheen, als wij langs dat huis kwamen.
nl.verhalenbank.127687
Ik wie yn Westergeast útfanhûs by myn dochter. Doe hearde ik dêr timmerjen en der waerd mei balken smiten ensa. Ik sei: "Hjir sil skielk hwat gebeure." Myn dochter Klaske woe 't earst net sizze. Sy woenen 't stil hâlde, net ien mocht it noch wite, mar de saek soe fortimmere wurde. En 't is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.24847
In nachtmerje is in frommeske, dat altyd by in oar yn 'e hûs komme kin. Faek komt se troch 't kaeisgat. Se komt ek by de hynders. Dan binne de minsken der mei forlegen, sa geane se dan oan.
nl.verhalenbank.38063