4,478 datasets found
Dutch Keywords: huis voorteken
Der wie ek in hûs yn Feanwâldsterwâl, dêr wisten se fantofoaren al fan dat it opbrânne soe. Dat fortelde heit.
nl.verhalenbank.38438
Yn Drachtster Kompenije is ris in hûs ôfbrând, dat ha se al folle earder yn 'e brân stean sjoen. 't Wie foartjirmerije.
nl.verhalenbank.36967
Ik stie op in joun to Jistrum achter hûs. Doe hearde ik dat it skean achter my drok op in timmerjen gong. Mar dêr wie neat to sjen. Ik tochte by my sels: Kin dit ek foartjirmerij wêze? En dat hat it west. Letter ha wy op datselde plak in hûs krige. Ik wist der doe noch neat fan dat wy dêr in hûs sette litte soenen. Wy binne letter yn dat hûs kom to wenjen.
nl.verhalenbank.36025
Yn Twizelerheide ha se op in stik lân in ljocht baernen sjoen. Letter bouden se op datselde plak in hûs.
nl.verhalenbank.16967
Sudema's jonges har heit, âlde Knjillis Sudema hat sjoen dat it hûs fan Douwe Veenstra yn'e brân stie. Hy sei altyd: "Dat brânt nochris in kear op." Mar it is noch net gebeurd.
nl.verhalenbank.17122
By myn skoanâlden yn 'e Bosk hat in hûs yn 'e brân stien. Myn skoanâlden hienen earder yn dat hûs wenne. Piter Schievink seach it fan to foaren al brânnen.
nl.verhalenbank.17379
Sa haw ik ek faek fortellen heard dat men in hûs yn 'e brân seach, mar yn werkelikheit barnde it net. Dan seinen se: dat hûs sil nochris opbarne. En dat gebeurde dan letter ek.
nl.verhalenbank.38624
Wy ha fan tofoaren it timmerjen heard oan 'e Malmoune. (de malmoune wie in fjouwerkant hûs foar fjouwer a-soasiale gesinnen; in pear jier lyn waerd dat hûs ôfbrutsen) Ek hearden wy fantofoaren it saegjen en 't smiten mei balken fan it hûs dêr't Sjoerd Stienstra, hjir oer de wei, yn kom te wenjen.
nl.verhalenbank.16068
Oan 'e Ds. Visser-wei yn 'e Houtigehage wienen guon dy seagen dêr ris in hûs yn 'e brân stean. Mar doe't se der by kamen wie der gjin brân. Mar in dei of hwat letter brânde it wol degelik op.
nl.verhalenbank.37449
Wylde lantearnens biskôgen se froeger as foarboaden fan huzen en ljochten oan 'e wei.
nl.verhalenbank.16972
Heit hearde it timmerjen op in plak yn 'e Sumarreheide. Letter ha se op datselde plak in hûs boud.
nl.verhalenbank.27197
Yn 'e Mieden stie us in kear in hûs yn 'e brân. Guon gongen der hinne om to sjen, mar doe brânde it net. Letter is it hûs ôpbrând.
nl.verhalenbank.26894
Ik wie in jonge fan sa'n alve jier. Wy kamen út Grinslân en krigen in nij húske yn 'e Sweachster Mieden (ûnder Kollumersweach). Doe't wy dêr oankamen op in jountiid om alve ûre hinne mei in pream, seagen wy healwei de brêge in ljochtsje brânnen by ús yn 'e hûs. Doe't wy tichterby kamen wie 't út. 't Hûs wie noch net klear, wy moesten earst in skoft yn in...
nl.verhalenbank.36808
Als er twee eksters dicht bij huis zijn, dan gebeurt er nieuws, met een of anderhalve dag.
nl.verhalenbank.28029
Ik hie in omke, dy hiet fan Eatse. Dy hearde ris op in nacht hoe't it tichte by syn hûs yn Twizelerheide op in timmerjen gong. Hy gong út bêd wei en nei bûten ta om to sjen hwat dat wêze koe, mar doe't er bûten wie fornom er neat mear, en der wie ek neat to sjen. Doe gong er wer op bêd. Hy lei noch mar even of doe hearde er it wèr. Hy tocht: Hwat dat is,...
nl.verhalenbank.28766
Ik bin yn 'e Harkema yn 'e Bosk geboaren, skean tsjin Sjoerde Rienkje oer. Op in moarn kom ik fan bêd. Doe sei heit: "Hwat is 't hjir op in timmerjen gong fannacht." Dat is nou krekt seisensechtich jier lyn. Trije jier dêrnei moest ús âld hûs der ôf. Doe woarde der in nij hûs delset. Dat hie heit heard.
nl.verhalenbank.28770
Yn myn feintetiid, doe't ik noch yn 'e hûs wie, haw ik hjir yn 'e Homear wol gauris timmerjen heard yn 'e nacht. Myn maten ek wol. As wy jouns bûtendoar kommen wie 't dúdlik to hearren. Letter kommen dêr huzen to stean op de plakken dêr't wy it hearden. 't Wie tjirmerije.
nl.verhalenbank.27283
By Sjoerde Rienkje yn 'e Bosk wie njonken 't hûs oan 'e rjochter kant in reed. As men dy reed in ein út gong stie dêr in hûs. Dêr wennen âlde Ruerd en Im yn. Dêr njonken, ek oan dy reed, stie nòch in âld hûs, dat wie ek fan Ruerd en Im. Twa jounen achter elkoar ha wy sjoen dat dat âlde hûs yn 'e brân stie. Ik wie doe in jonge fan tsien jier. In jier...
nl.verhalenbank.28774
Us mem sei, as der in pod yn 'e hûs kaem, dan soe de húshâlding, dy't dêr wenne, forsmoargje. (dat hie hja heard yn 'e Harkema)
nl.verhalenbank.31019
Wol hûndert kear ha'k timmerjen heard yn 'e nacht op ûnderskate plakken. Dat tsjutte altyd op nije huzen of hokken of hekken of sa. 't Kaem altyd nei.
nl.verhalenbank.17006