Wy mochten froeger net hwat oannimme fan âlde Antsje Pod. Hwant krige men in apel fan har en men lei dy yn 'e dôfpot, dan foroare dy apel yn in pod.
nl.verhalenbank.29344
Us mem en dy ha fan bern oan altyd lapkes mei duveldrek op 't boarst hawn en doe't wy noch fan dy bern wienen droegen wy dat ek. Dat wie der allinne om dat de tsjoensters ús net yn 'e macht krije koenen.
nl.verhalenbank.21390
Us mem fortelde froeger, Alle Tet dy koe har foroarje yn in kat. Dy ha se wol us slein, dan wie Tet de oare deis kreupel.
nl.verhalenbank.22712
Heit en myn broer wienen oan 't terskjen. Doe siet der in hiele dikke kat yn 't achterhûs. Sy hienen dy kat yn 'e rekken en formoeden wol hwa't it wie.
Myn broer joech him in slach mei de heafoarke.
De kat wie dea (tominsten, dat mienden se).
Sy soenen in gat meitsje en de kat bidobje, mar doe woardde der roppen: "Kofje drinke!" Dat doe soenen se de kat...
nl.verhalenbank.16892
Doe't Tet stoar wie se blau en slop. 't Wie in echte tsjoenster. Hja hie in dochter Joukje, dy hie har forstân net goed. Wy ha Joukje in kear bot op 'e hûd jown doe't wy fan 't wjudsterlân werom kommen. Omdat Tet ús bern bitsjoend hie. Mar doe kom Tet der oanfleanen. Sy wie razend en rôp: "'k Sil nei de plysje ta!"
nl.verhalenbank.23431
Alde Minderts Feik wenne yn 'e Bosk yn 'e Harkema.
Sy koe gewaer wurde hwa't in tsjoenster wie. Sy hie in popke en dêr stuts se mei spjelden yn. Dan neamde se de namme fan ien. De oare deis frege se dyselde of se de foarige jouns ek pine hawn hie. Wie dat it gefal, dan wie 't in tsjoenster.
nl.verhalenbank.21150
Gjert van der Wyk syn mem hat bitsjoend west. Sy wie doe al in âld minske fan sa'n sauntich jier. Har man gong mei it wetter nei de duvelbander ta.
Underweis kom er de tsjoenster foarby. Dy sei: "Hwer sil dit hinne?"
Hy sei: "Dêr't ik noch net bin."
De duvelbander joech him in drank mei foar 't âld-minske. Dy drank hied er yn 'e bûse. Underweis kom der in...
nl.verhalenbank.16890
Alde Fogelmoai en har man wienen op in joun togearre op bêd gien. Dy nachts woarde har man wekker. Hy taestte om him hinne en doe wie hiele Fogel-moai fuort west. Der hie allinne mar in skieppe-pânse op bêd lein ynpleats fan in minske.
Beppe hat it ús faek forteld.
nl.verhalenbank.22300
Rin noait midden op 'e wei! (Lykstaesje)
Yt neat fan in tsjoenster op, oars kriget men in pod yn 't liif.
nl.verhalenbank.21143
Op 'e klaei wie in faem, dy tsjinne by in boer. Dy faem hie forkearing. As de feint der west hie, wist de boerinne har de oare deis alles wol to fortellen, hwat der dy jouns tusken har en de feint bipraet wie ensa.
De faem tocht wol us: "Hoe kin dat."
Op in kear doe siet de feint wer by har. Doe wie der in hiele dikke fremde kat, dy spinde dêr mar hwat...
nl.verhalenbank.16895
Der wie us in fremde kat by minsken hjir yn 'e Harkema yn 'e hûs kom. Dy kat seach der oars út as gewoane katten. "Tink der om, dat is net in gewoane kat," sei de frou tsjin 'e man, "dit is in hiele aparten-ien."
De man sei: "Ik sil him in reis jaen." Doe sloech er de kat bûnt en blau, dat dy bleau foar dea lizzen. It wie yn 'e nacht gebeurd. Hy hie de...
nl.verhalenbank.22259
Alle Tet wie hjir de tsjoenster. Wy setten as bern mei de klomp in krús yn 't sân as Tet der oan kom. Dêr koe se net oerhinne komme, seinen se. Doe't Tet goed en wol dea wie, bleau se sa slop as in flarde. Dêr koe men oan wite dat it in tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.21140
De tsjoensters hâldden nou en dan forgaderingen. Sy hienen in partij kegels oer de flier stean. Dy rekke elk fan har mei in stokje oan. Safolle kegels as se mei dat stokje omraemden, safolle moesten se bitsjoene.
nl.verhalenbank.19971
Ik hie in kammeraetske, dy har beppe wie âlde Fogel-moai (Frearke Fogel). Dat wie in tsjoenster. By myn kammeraetske hienen se in baerch yn 't hok. Dy roan mar àl yn 't roun. Hy wie bitsjoend. Dat hie âlde Fogel-moai dien.
Hja hie dy baerch oanrekke. Sa wie dy baerch siik woarn. Hja hie de kweade hân.
Ik hie altyd duveldrek yn 'e bûse, as ik nei Fogelmoai...
nl.verhalenbank.22299
Ik naeide froeger by in bakker yn Surhuzum.
Dêr skean foaroer stie in boereplaets. Schors hieten de minsken dy't dêr op wennen. De boerinne brocht wol us sûpe by de bakker en harren. Ik wie doe sa'n achttsjin jier. De frou woe der gjin sûpe fan ha en de bakker ek net, hwant dy boerinne gong foar in tsjoenster troch, en dan koenen se wol us bitsjoend...
nl.verhalenbank.21394
Op in kear kom Alle Tet by Albert Land. Tet wie in tsjoenster. Sy hie twa apels meinom foar de beide famkes fan Albert Land. Mar Albert sei: "Net opite, hear!" Hy lei de beide apels yn in kuorke en hong dat op oan 'e souder. In dei of hwat letter seach hy der nei en doe sieten der twa grouwe podden yn.
nl.verhalenbank.19347
Alde Knjillis Alma kaem us in kear oer de Bulten.
Hy hie earst by Alle Tet oan west, mar dy wie net thús. Doe hat er de pânse fan Alle Tet op 'e Dunen foun. Dy hie se dêr achterlitten.
nl.verhalenbank.17560
Petrus Mulder wie boer op it Wytfean. Hy wie us in kear mei hynders op 't lân oan 't ploeijen. 't Wie op 'e Dunen. Doe wienen der katten oan kom, dy fleagen by de hynders op en sieten har yn 'e moanjes. Dat de hynders hienen net in stap fierder sette kind. Petrus Mulder is werom nei hûs ta gong. Dy katten dat wienen Alle Tet en konsorten.
nl.verhalenbank.22296
Der hat froeger by ús mem en dy ien bitsjoend west, ik wyt net mear hwa. Mar mem joech Thys Weening dêr de skuld fan. Thys Weening sutele mei in fetsje mei pikelhearrings yn 'e Harkema en dy doarst noait by ús oer de drompel to kommen. Dêr hie mem duveldrek ûnder lizzen en dan kin in tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.22719
By ús Bintsjemoai wie ien fan 'e bern bitsjoend. De tsjoenster wie in rot. Dy kom oer de souder, dan liet er him troch in gat falle en kom sa by it bern op bêd.
nl.verhalenbank.19359