Beppe fortelde, âlde Rikele Myt wie in tsjoenster.
Sy wenne op 'e Skieding. (Fryslân-Grinslân) by Grinzer Pein. Rikele Myt hie de bern samar bang. "Pas op," sei se, "oars lit ik ierdmantsjes ta de hurddobbe útkomme."
nl.verhalenbank.12496
Tsjoensters komme slop yn 'e kiste. Dat wie mei Alle Tet ek it gefal. Jy koenen har suver wol yn inoar triuwe.
nl.verhalenbank.22033
Alde Sibe v.d. Veen syn heit Ruerd koe ierdmantsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
nl.verhalenbank.12495
Alde Antsje Wever wie alle nachten fuort. Har dochter sei wol us: "Us mem hat de hiele nacht fuort west."
Sy kom wol us by ús mem. Dan sei se: "Hoe is 't mei it jonkje, Hinke?"
Op in kear sei se dat wer. Doe joech Griet har de tange op 'e hûd en sei: "Pak op! 't Is om 't bern to dwaen."
Letter kom se noch us wer.
"Mei 'k it jonkje wol us sjen?" frege se...
nl.verhalenbank.22032
Rekket men in tsjoenster mei roggekerlen yn 't gewear, dan leit hja de oare deis op bêd en oeral, dêr't hja rekke is mei de rogge, binne reade plakjes.
nl.verhalenbank.20962
Krige men in apel fan in tsjoenster en men burch dy op, dan foroare dy letter yn in pod.
Trape men op in pod, dan bigoun it to tongerjen.
nl.verhalenbank.26277
Wy hienen froeger by ús thús altyd duveldrek ûnder 'e drompel en ûnder 'e bargebakken. Dat wie fanwege de tsjoenderij.
nl.verhalenbank.26269
Alle Tet (de frou fan Alle Wagenaar) dat wie yn myn egen de iennige echte tsjoenster fan 'e Heide. Op in kear stie der in hiel great grou skiep mei de kop tsjin it tek oan fan Alle Tet yn dy's hûs.
Harm Schievink syn wiif seach dat en sei tsjin Tet har soan: "Ha jim sa'n dik skiep krige?"
"Welné", sei dy.
Doe wist it minske genôch. "Ik ha krekt ien...
nl.verhalenbank.16826
Der wie us in pearke, dat wie by de Skieding oan 't kuijerjen. Hy hiet fan Jan van der Woude. Sy hienen it der oer, dat se trouwe woenen. Dêr hienen se noch noait earder oer praet. Se neamden de datum ek.
Der wie hyltyd in kat by harren. Nergens wie in minske. De oare deis wisten alle minsken dat se trouwe soenen. Dat hie dy kat oerbrocht, hwant dat wie...
nl.verhalenbank.24880
Der wie in bern yn 'e Harkema siik. Muoike wie dêr baekster. Elke dei kom der in âld wiif. Doe dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. 't Ald-wiif sei: "Ik sjoch it wol, jimme wolle my der net yn ha." Hja koe der net yn komme. It bern is better woarn.
nl.verhalenbank.21247
Doe't myn frou noch in fanke wie seinen har âlden tsjin har: Tink der om, astû in apel fan Rikele Myt krigeste, dan mast it klokhús weismite.
nl.verhalenbank.24883
Op 'e Skieppedrifte wienen 't by âlds allegear tsjoensters. Rikele Tsjerks (famylje fan Sterke Hearke) hie nachts in gripe by 't bêd stean. Op in kear wienen 't allegear swarte kaën by him yn 'e hûs. Doe doarst hy der net yn om 't iten fan 't fjûr to heljen. Dat liet er forbrânne.
nl.verhalenbank.23445
Hindrik Ophús syn suster Ot - de mem fan âlde Ale - wie ek in tsjoenster. Mem en Jannemuoi wienen us in kear nei beppe ta. De bern wienen mei en dy wienen wylst oan 't toarnbeisykjen. Doe kom der in dikke kat oan, dy woarde wei ûnder 'e boskjes.
Doe stie der ynienen in frommes foar de bern. 't Wie Ot. "Berntsjes," sei se, "binne jim oan 't...
nl.verhalenbank.23531
Rikele Myt koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. As ús mem ús bang ha woe, sei se: "Pas op, hear, nou matst foarsichtich wêze, oars lit ik de soldaetsjes ta de hurddobbe út komme."
nl.verhalenbank.17525
Us mem, Jeltsje hiet se, wie as lyts famke bitsjoend. Beppe krige to rieden, hja moest mem droege rogge yn 'e seame fan 'e rok benaeije, dan hienen de tsjoensters gjin fet op 't lyts fanke. Beppe die it en mem waerd better.
Mei mem har suster gebeurde krekt itselde. Dy wie ek bitsjoend en waerd troch de rogge wer better.
nl.verhalenbank.17518
Myn skoanmem hat us in nachtmerje by har hawn. Doe wie se net rjocht goed. Dy nachtmerje sei: "Lang sil 'k jo net pleagje, mar 'k sil al even by jo sjen."
As de toffels mei de hakken nei 't bêd ta stienen, krige men gjin lêst fan 'e nachtmerje, sei skoanmem.
nl.verhalenbank.21928
Alle Tet fan 'e Harkema wie de tsjoenster. Dat wie algemien bikend. Hja wie soms blau en plakkerich om 'e holle. Dan hie se wer opdonders hawn fan 'e kweade, sei 't folk.
nl.verhalenbank.23440
Doe't ik sa'n jonge wie en wy noch op 'e Hamster Ikkers wennen hienen wy jouns in bulte lêst fan katten om 't hûs hinne. Wy doarsten der soms alle trije net iens út to pisjen. De katten fleagen by ús doarren op en by omke en dy's krektgelyk.
Op in joun doe leinen wy al op bêd. Doe gong it der wer sa oanwei mei de katten, dat heit fljocht fan bêd ôf en hy...
nl.verhalenbank.21645
As men op in tsjoenster sjit, is 't krekt as sjit men op in leech petroaljefet. Men kin in tsjoenster allinne mar reitsje, as men rogge yn 't gewear hat.
nl.verhalenbank.20956
Abe Nauta wenne yn 'e Harkema op 'e Klontsjebuorren. Syn mem rekke us bitsjoend. Hja hienen noait oan tsjoenen leauwe wold, mar doe rekke ien fan 'e manlju nei Wopke fan Kûkherne. Wopke joech guod en sei: "Ast aenst thúskomst, dan silst in âld wiif tichte by jim hûs tsjinkomme. Dy is oan 't priksykjen. Dy hat it dien."
Wrachtsjes, hwa wie by 't hûs oan 't...
nl.verhalenbank.23442