3,077 datasets found
Dutch Keywords: heks Place of Narration: Twijzelerheide
De tsjoensters lieten soms har pânse yn 't bêd achter.
nl.verhalenbank.38318
As in tsjoenster dea is, is 't in slap popke. Us mem hat yn 1918 mei de Spaenske gryp in tsjoenster ôflein. Se woarde net stiif en bleau like slap as in flarde.
nl.verhalenbank.10688
De tsjoensters fleagen froeger op biezemstâllen troch de loft. Piters Willemke die dat ek. Mar kaem se foar in fjild rogge, dêr koe se net oerinne komme. Dêr foel se yn.
nl.verhalenbank.38317
In nachtmerje kin troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme. Yn Hiltsjemoaiwâlden hat in nachtmerje wenne. Myn wiif lei us op in kear op bêd, doe seach se dat Janke Jan de doar iepen draeide (Janke Jan syn mem wie in tsjoenster en hy wie in nachtmerje) Janke Jan wie in soan fan âlde Minne Ael. "Ik seach dat Janke Jan by my kom. Hy draeide my de hals ticht, ik ha...
nl.verhalenbank.28767
Wy hienen yn 'e Houtigehage altyd duveldrek ûnder 'e drompel fanwege de beide tsjoensters Jeltsje en Lutske.
nl.verhalenbank.20112
Om tsjoensters to kearen brûkten se duveldrek.
nl.verhalenbank.23773
In tsjoenster koe troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.23428
In kat kin him yn in minske foroarje en in minske yn in kat. Sa'n minske is in tsjoenster.
nl.verhalenbank.28445
In tsjoenster foroaret har yn in swarte kat. Dy katten forgaderje soms op in stik greidlân. Dan miauwe se.
nl.verhalenbank.38646
Om 'e sawn jier mat in tsjoenster ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.38650
As der ergens pasgeboaren bern wienen, dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. Dat wie om de tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.27379
Mem har broer wie troud mei in dochter fan âlde Minne Ael. Alde Minne Ael wie in greate tsjoenster, dêr hienen de minsken it net op stean. Har dochter wenne yn Kollum. It wie myn muoike. Dy koe èk tsjoene, seinen se. Froeger hienen jy altyd Kollumer merke yn oktober. Dêr gyng ik faek mei heit hinne. As wy dan by muoike oangongen woe heit net lije dat wy...
nl.verhalenbank.34477
Alde Karste Lamke wie hjir in bekende tsjoenster. Hja fleach op in biezemstôk troch de loft. Alde Libbe Griet en Theunis Seely wienen ek tsjoensters. Wie der hjir ien bitsjoend dan gongen se faek nei in duvelbanner. Dat wienen almeast Ulke duvelbanner fan 't Wyldpaed en greate Wopke fan Kûkherne. As se duveldrek leinen ûnder 'e drompel fan 'e keet koe de...
nl.verhalenbank.38648
Kei (myn man) en ik kamen froeger in bulte by âlde Gjetsje. Wy wennen yn har húske en wienen tige iens mei elkoar. Kei foaral. Kei krige altyd kofje en in stik koeke foar har. Dêr wie se tige mâl mei. Ik krige noait hwat. Doe waerd Kei siik. Hy bigong to sukkeljen. Doe sei myn mem tsjin my: "Dû mast Kei duveldrek yn 't festjebûske dwaen." Dat haw ik dien...
nl.verhalenbank.22010
As trije katten by elkoar sitte to razen, dan binne dat tsjoensters, dy't in forgadering hâlde, sizze [se]. Hjir ha tsjoensters west, dy't op 'e biezem troch de loft fleagen woarde der sein.
nl.verhalenbank.34466
Froeger hienen de measte minsken om ús hinne duveldrek ûnder 'e drompel foar de tsjoensters.
nl.verhalenbank.23423
As in âld minske froeger in doek om 'e holle hie dan gong se foar in tsjoenster troch.
nl.verhalenbank.23417
Stammerige Harm woarde ek wol neamd Ekse Harm (= Hekse Harm?). Hy koe tsjoene en foroare him soms yn in kat. Minne Ael, dy't by de Swôdde wenne, wie ek in tsjoenster.
nl.verhalenbank.23776
Ik hie in suster Jitske, dy is sa'n fiif jier lyn forstoarn. Hja wenne yn Hiltsjemuoiwâlden, hwat achterút. Tichteby stie in húske, dêr wenne in man-allinne yn. Dy man dat wie in tsjoenster. Dêr stie nòch in âld húske, dêr wenne in âld wyfke yn. As myn suster by dat âld wyfke kom, dan wie 't sloof alhiel ûnstjûr. Myn suster fortocht dy frijgesel der fan...
nl.verhalenbank.34463
Myn wiif har oerbeppe wie ek in tsjoenster. Dy hie in protte poppen om har hinne. Nou joech se de iene poppe in prip en dan de oare. Dan gûlden de berntsjes, dy't se bitsjoend hie. Dan krigen dy pine. Hja wie in skipperske en skreau har Kobus.
nl.verhalenbank.28448