3,820 datasets found
Dutch Keywords: heks Place of Narration: Drachten
Myn omke wenne yn 'e Strobosker Mieden. Hy hat it langst by beppe ynwenne. Hy hie faek lêst fan 'e nachtmerje. Dan sei er moarns: "Dêr siet Piters Jel my fannacht wer op 'e bealch." Piters Jel wenne trije huzen fan omke ôf. Greate Piters Jel wie in heks en gong troch foar in nachtmerje.
nl.verhalenbank.19618
Hepke Nút wenne ûnder Feansterheide. It wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.27491
Tsjoensters koenen har yn alle soarten dieren foroarje.
nl.verhalenbank.25563
In tsjoenster koe har yn in swarte kat foroarje, wie 't sizzen altyd.
nl.verhalenbank.33697
Tsjoensters tsjoene in krâns yn 't kessen fan 't bern. As dat it gefal is, is 't bern bitsjoend.
nl.verhalenbank.37804
Wy leinen froeger duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe der net in tsjoenster oerhinne komme.
nl.verhalenbank.23511
Yn Boarnburgum wenne in tsjoenster, dat wie Teake-Minke. Dy koe fleane. Ek in kear doe fangde se samar mei har hannen in levende murd. Mar doe hie se har earst gau yn in houn foroare.
nl.verhalenbank.36713
Piters Hindrikje hat de bern fan Wytse Hountsje en Hinke èk bitsjoend.
nl.verhalenbank.33038
Ik moest jouns noch wol gauris der op út. Op in kear sei Iebeltsje tsjin my: "Jo matte der jouns net tofolle út gean. Ik ha âlde Hanne Akster oer jou heabulten fleanen sjoen, dat pas mar op."
nl.verhalenbank.36906
Alde Meint Pama wenne yn Feansterheide. Dêr siet jouns altyd in kat op it putdeksel by him bûtendoar. As se der by kommen gong dy kat dêr noait wei. Doe kom de soan der ris by en dy soe de kat der ôfjeije. Mar hy koe 't deksel der net ôfkrije. Dy kat, seinen se, wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.27026
Greate Jel wenne oan 'e Houtigehaechster wyk. It wie in tsjoenster. Hja hobbele yn 'e nacht mei in oanret skelkje foar op 'e planken om. Guon ha har dêr wol sjoen.
nl.verhalenbank.25619
Rikele Myt hat wolris in bern bitsjoend. Wy doarsten as bern net by Rikele Myt oer 't hiem. Myt koe krânsen yn 'e kessens tsjoene. De froulju dy't op 'e Skieding wennen, seagen alle dagen de kessens nei.
nl.verhalenbank.29394
Antsje Snipel wie de beppe fan Boardzer Bruining. Hja gong foar in tsjoenster troch. Hja kom wol us by ús by de doar mei negoasje. Dan woe se der altyd yn om 'e bern to sjen. Mar ik doarst har der net ynlitte en liet har altyd bûten stean.
nl.verhalenbank.24672
Heit en mem wienen oan 't ierpeldollen foar in boer yn Drachtster Kompenije. Tichteby wenne in âld wyfke yn in húske. Ik wie doe noch in jonkje en myn susterke wie by my. Dat âld-wyfke kom yn 'e doar to stean en frege ús: "Fan hwa binne jimme berntsjes?" "Fan Hindrik en Piertsje", seinen wy. "Dan matte jimme hwat fan my ha, net?" sei 't minske. Doe krigen...
nl.verhalenbank.37020
Der woarde wol sein dat de tsjoensters op 'e biezemstok nei Spanje ta fleagen, nei de wynkelder.
nl.verhalenbank.25569
Minse Griper fan 'e Boelensloane koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.29392
Wy droegen froeger altyd duveldrek op 't boarst om net yn 'e macht fan 'e tsjoensters to kommen.
nl.verhalenbank.22920
Der roan in hazze yn Aldegea, dy wie noait to reitsjen, seinen se. Forskate lju hienen der op sketten. Men woe wol ha dat it in tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.24941
Yn 'e Wylgen wenne in tsjoenster, dy hat dêr ris in bern bitsjoend. Dat bern raesde en earmoede altyd. Hja founen in krâns by 't bern yn 't kessen. Doe binne se nei de duvelbander ta gong en dy hat der foar soarge dat it bern wer better woarde.
nl.verhalenbank.29650
In tsjoenster kin troch de loft fleane op in bosk strie. Sa komt se oer. Doe't Dreyfus op it Duvelseilân siet by de melaetsken gong dêr in frouspersoan hinne yn in holle beam, sa kom se dêr by him. Dat minske koe èk tsjoene.
nl.verhalenbank.24822