7,273 datasets found
Dutch Keywords: heks Narrator Gender: female Place of Narration: Sumar
In tsjoenster wie hast altyd in âld minske. Ik sei al dat der hjir ek ien wenne dy't der foar hâlden waerd. Dat wie âlde Piter Koaije Hinke, dy wenne hjir flakby oan 'e Boskwei, yn 't hûs dêr't Roel Nicolai wenne hat.
nl.verhalenbank.31808
Alde Klaes Skeltes Tryn koe fleane.
nl.verhalenbank.12238
Nimt men in apel oan fan in tsjoenster en men biwarret him, dan wurdt it in kikkert.
nl.verhalenbank.24644
Se dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompels. Dan koenen de tsjoensters der net oer komme.
nl.verhalenbank.36269
Hjir op 'e heide wenne ek in tsjoenster. As dy yn 'e hûs kaem ergens dan wienen se bang dat se de bern bitsjoende. Hja brûkten duveldrek tsjin 'e tsjoenderij.
nl.verhalenbank.31796
In tsjoenster kin men keare troch duveldrek ûnder 'e drompel to dwaen. Dan kin se net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.12240
Antsje Fiter roan mei in kuorke mei snypsnaren. Dêr sieten ek fiters yn. Dêr hie se de bynamme fiter fan. Hja wie in tsjoenster. As der ergens in poppe geboaren wie, mocht hja der net yn. Hja hat by guon krânsen yn 'e kessens tsjoend.
nl.verhalenbank.21362
Tsjoensters koenen har yn katten foroarje. Dan fleagen se by de glêzen op. As se rekke woarden mei in stok dan hie de tsjoenster de oare deis plakken oan har. Om 'e safolle jier moest de tsjoenster ien deatsjoene, oars gong se sels dea. Wie der in krâns yn 't kessen dan reizgen se nei greate Wopke ta. Dan krigen se in drank mei. Underweis sprong der hwat...
nl.verhalenbank.24641
Wy wennen froeger yn 'e Harkema. Dêr wenne doetiids yn 'e Smoarhoeke in âld-minske, Sjouk, dy hie in winkeltsje. Doe't wy yn 'e winkel kommen wie dêr net ien. En doe't wy: 'folk' rôpen kom der net ien by ús. Doe gong heit ta de wenkeamer yn. Doe sweefde Sjouk dêr om 'e lampe hinne. Sjouk wie in tsjoenster. Wy makken gau dat wy fuortkommen.
nl.verhalenbank.36217
Fan âlde Sjouke Kloetstra op 'e Burgumerheide seinen se dat er mei de hounekarre troch 't slotsgat ried.
nl.verhalenbank.20338
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.32927
As jy in swarte kat tomjitte komme, matte jy op jins hoede wêze, hwant dat bitsjut ûngelok. It koe in tsjoenster wêze.
nl.verhalenbank.36235
By ús mem en dy is 't âldste jonkje stoarn. Se woenen wol ha dat er bitsjoend wie. Letter woarde der wer ien fan 'e jonges siik. Doe tocht mem: Nou wol 'k der op tiid by wêze. Hja toarnde 't kessen iepen en rôp: "Dêr ha 'k him al!" Doe hie se in krâns yn 'e hannen. Dy ha se forbrând en 't bern is wer better woarn.
nl.verhalenbank.36234
In tsjoenster kin noait fet krije op guon mei in bibelse namme. Paulus, Jakob of Adam ensa. Ik bin út 'e skrift, sei ús heit. Dat wie in Paulus. My dogge se neat.
nl.verhalenbank.22092
Egbert Sint fan 'e Harkema hie in wikseldaelder. Frijmitselders ek. Sy hearre allegear oan 'e duvel ta. En sy matte allegear guon deameitsje. Tsjoensters ek.
nl.verhalenbank.20229
Skoanheit handele yn lytsfé. Hy kom us by minsken op 'e Tike mei hinnen. Goed soun? frege er oan 'e man. En 't wiif ek? Né, 't wiif leit op bêd. Is se dan siik? Né, mar de geest dy sweeft, dy is der op út. As se aenst wer thúskomt en sy set thé, dan matte jo net drinke, hear. Ik sil wol wizer wêze, sei skoanheit. Hy seach mar gau, dat er fuortkom, hwant...
nl.verhalenbank.12232
Alde Melle Antsje (Antsje Fiter) fan Sumarreheide roan mei in kuorke mei galanterijen. It wie in tsjoenster. Sy bitsjoende leafst pas-geboaren berntsjes.
nl.verhalenbank.20280
De tovenaars en de tovenaressen, dêr leau ik oan. Yn 'e tiid fan sawn jier matte se ien deatsjoend ha. Gebeurt dat net, dan gean se der sels oan.
nl.verhalenbank.12250
Der binne tsjoensters, dy kinne har yn in pod foroarje. Guon kinne troch 't kaeisgat hinne komme. Mem makke wol us in krús foar de doar. Dat wie om dat folkje to kearen. Sy hat ek wol in lapke mei duveldrek ûnder 'e drompel hawn, hwant der kom wol us in âld wiif by ús, dy fortroude se net.
nl.verhalenbank.20274
Der wienen trije bern, dy kommen by in âld-wiif. Hja joech dy bern elk in woartel. De mem sei: "Dy woartels net opite!" Hja die se yn 'e treppot. De oare deis sieten der trije kikkerts yn 'e treppot.
nl.verhalenbank.32469