3,419 datasets found
Dutch Keywords: duivel Place of Narration: De Westereen
In man as Wopke hat in protte minsken ta in segen west. As dy der net west hie, hie de duvel hjir noch folle mear slachtoffers makke.
nl.verhalenbank.29963
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Dy hied er fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.36586
Yn Twizelerheide wenne Hekse Harm. Dy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e kweade.
nl.verhalenbank.29796
As guon oan 't kaertspyljen wienen spile de duvel faek mei. Dat wie skoan to fornimmen oan 'e tael dy't se brûkten. Ien dy't it faek woun, dy wie fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.33813
De duvel fan Earnewâld is dêr ris oer de feart sprong. De foet fan 'e duvel sit dêr noch altyd yn 'e groun. Dat is de foet fan 'e duvel fan Earnewâld.
nl.verhalenbank.36431
De duvel wurdt hjir wol neamd Hantsje Prip. Hy mat hjir ris in keardel nei hûs ta brocht ha.
nl.verhalenbank.34634
Alde Antsje wenne tichte by ús. Dy fortelde ús al us, hja hie us sjoen - doe lei se op bêd - hja hie opsjoen en doe stie de duvel gleon by har oer 'e flier.
nl.verhalenbank.20539
Frijmitselers ha harsels oan 'e duvel forkocht. As se forlet fan jild ha, klopje se even oan 'e doar. Dan stiet der wol ien klear mei jild. Frijmitselers timmerje altyd oan har eigen hûs. Dat rekket noait klear.
nl.verhalenbank.36550
"In nachtmerje," sei myn skoansuster, "dat is de duvel, dy't by jin komt." Dêrtroch wurde wy sa binaud as wy miene dat wy de nachtmerje ha. Meastal komt der in nachtmerjeman by in frommeske, en in nachtmerjefrommeske by in man.
nl.verhalenbank.20721
Guon woarden troch de duvel smiten, as se 't raer opsein hienen. Dat is hjir yn 'e Westerein ek wol gebeurd, mar ik wyt net mear hwa't it oerkaem.
nl.verhalenbank.34625
By de Wâlddyk ûnder Aldwâld stiet de kloftskonk fan 'e duvel yn in stien. Dêr is de duvel oer 't feartsje sprong.
nl.verhalenbank.38535
By de Alddyk, achter de Wykgeast, is de duvel oer de feart sprong. De print fan in hynstepoat sit dêr altyd noch yn in stien.
nl.verhalenbank.38493
De frijmetselers dy ha har oan 'e duvel forkocht. Dêr krije se jild foar yn 't plak. As it op is hingje se de lege jildponge oan 'e doar. De oare deis is er wer fol.
nl.verhalenbank.33866
Frijmitselers ha in forboun mei de duvel. Hja ha har oan 'e duvel forkocht. As se gjin sinten mear ha hingje se foar de nacht in lege jildponge oan 'e doar. De oare deis is dy dan fol jild.
nl.verhalenbank.36854
Stammerige Harm wie ek in tsjoenster. Dy hie in wikseldaelder. Se seinen wol dat er frijmitselder wie. De frijmitselders binne forkocht oan 'e duvel. Om 'e sawn jier mat der ien fan har stjerre. Dy't ienkear by de frijmitselders is, mat der by bliuwe. De duvel lit noait wer los hwat er yn 'e kloeren hat.
nl.verhalenbank.33681
Ien dy't it mâl opsei woarde wol troch de duvel smiten. Dat is dyselde Sytse Jager út 'e Harkema ek oerkom. Ik haw it trouwens wol fan mear heard. Mar ús heit is ek ris smiten woarn. Doe kom er by 't spoar wei. Hy roan in smel paedtsje del. Hy woarde opnom en even letter lei er yn 'e sleat. En dochs wie ús heit gjin spotter.
nl.verhalenbank.33679
To Kollumerâldsyl stiet oan 'e iene kant yn 'e beton de print fan in hynstepoat, oan 'e oare kant dy fan in minskefoet. Dêr is de duvel oer de feart hinne sprong.
nl.verhalenbank.36853
By 't brechje oan 'e Wâlddyk ûnder Aldwâld is de duvel oer de feart sprong. De print fan syn hynstepoat is dêr noch altyd to sjen.
nl.verhalenbank.29726
Bontsje Keke fan 'e Westerein hat froeger in hiele raren west. Hy flokte alles ûnderstoboven en wie foar gjin duvel bang, sei er. Op in kear is er, doe't er nei hûs ta soe, troch de duvel ûnderweis yn 'e feart smiten.
nl.verhalenbank.38403
Der kaem ris ien út 'e kroech, dy hie 't raer opsein. Hy wie op 'e Lange Loane hjir, doe waerd er ynienen beetpakt, sûnder dat er hwat seach. Dyselde tilde him op en smiet him yn 'e sleat. Dat wie it wurk fan 'e kweade.
nl.verhalenbank.29718