2,481 datasets found
Dutch Keywords: duivel zondaar
In verschillende streken kan men ook hooren vertellen, hoe de duivel soms uitspattende zondaren of erge spotters door zijne plagerijen of eene ongewenschte ontmoeting met hem tot bekeering kan brengen en doen veranderen in ware geloovigen, die dan de ingetogenheid zelve worden. Op die manier werkt de satan eigenlijk zichzelf tegen, maar zulk eene...
nl.verhalenbank.69243
To Feansterheide by Haring Land is 't ris gebeurd dat ien, dy't it tige raer op sei en de duvel der by oanhelle, samar opnom woarde en der út goaid.
nl.verhalenbank.27158
Wylde Tsjerk (van der Veen ^ 1968 to Sumar) wie froeger in raren. 't Wie in forwoest man. Hy leaude nergens oan en hie oeral de spot mei. Hy wenne hjir yn 'e Harkema. Op in moarn gong er nei de boer ta. Hy moest de Betonwei lâns, dat wie doe in sânpaed. Hy gong nei de Ham ta to melken. Op 't lange ein ha se him smiten, net sunich. Dat hat de kweade dien.
nl.verhalenbank.25351
Jan Stokje (= J. Kooistra) fan Jistrum is ris in kear smiten woarn nei't er yn 'e herberch sitten hie, dêr't er 't raer opsein hie. De kweade smiet him oer de Barnde Harm (leit yn 'e Mieden) hinne.
nl.verhalenbank.24488
Oeds Holthuis fan 'e Harkema is ek ris smiten woarn. Fan tofoaren wie 't in rûch man. Nei dy tiid wie er bikeard.
nl.verhalenbank.28615
Sikke Hoekstra hat hjir njonken ús wenne yn in âld húske. Yn syn feintejierren wie dat in raren ien. Op in kear kaem er by ús. Sa bleek as in doek. Doe sei er: "Nou hat de kweade my fannacht fan 't bêd ôf smiten."
nl.verhalenbank.29697
Hjir hat ek in feint wenne, dy wie ek hiel rûch. Flokke en oangean, oars koed er net. Doe wied er in kear op 'e Griene Loane (to Sumar by 't bigjin fan 'e Hearrewei). Dêr hat de duvel him topakken krige en hiel bot smiten. Hy hie om tabak west. Idere kear as de duvel him smiten hie lei der in kladde tabak op 'e loane. Sa bot wie 't oankom.
nl.verhalenbank.24518
Lútsen Rinkelsma wie oan 't baggeljen. It wie net in bêsten ien. Hy sliepte yn 'e keet. Nachts woardde hy út bêd wei helle troch in man. Dat wie de kweade. Hy woardde troch de baggelgatten jage en smiten en hy koe him de kiezzen wol yn 'e bek telle. En hy hie sels oan elke hier in switdrip. It is my 52 jier lyn forteld. Ik wie doe 13 jier.
nl.verhalenbank.32401
Yn 'e Harkema mat it gebeurd wêze dat ien - dat wie ek in flokker - oer in dyk smiten is.
nl.verhalenbank.31044
Ien dy't it mâl opsei woarde wol troch de duvel smiten. Dat is dyselde Sytse Jager út 'e Harkema ek oerkom. Ik haw it trouwens wol fan mear heard. Mar ús heit is ek ris smiten woarn. Doe kom er by 't spoar wei. Hy roan in smel paedtsje del. Hy woarde opnom en even letter lei er yn 'e sleat. En dochs wie ús heit gjin spotter.
nl.verhalenbank.33679
De duvel hat Wibe Alma ek al ris smiten, oer de Lange Wyk hinne. Doe kom er út 'e kroech wei en hie 't raer opsein.
nl.verhalenbank.33644
In sekere Alma fan Stiensgea sei it ek altyd raer op. Dy paste net op syn wurden. Op in kear kom er to Surhuzum út 'e kroech. Doe is er yn 'e Spoekdobbe smiten woarn.
nl.verhalenbank.28613
Jan de Haan, de heit fan Geart de Haan, yn 'e Sumarreheide, woarde op in kear samar oer de hage hinne smiten by 't café fan Roel Theunissen op 'e Harste. Dat hie de duvel dien.
nl.verhalenbank.32448
Der kaem ris ien út 'e kroech, dy hie 't raer opsein. Hy wie op 'e Lange Loane hjir, doe waerd er ynienen beetpakt, sûnder dat er hwat seach. Dyselde tilde him op en smiet him yn 'e sleat. Dat wie it wurk fan 'e kweade.
nl.verhalenbank.29718
Hjir yn 'e Pein is ris ien smiten woarn. Dy kom út 'e kroech wei. Hy sei: "Ik bin foar gjin duvel bang." Mar doe pakte de duvel him.
nl.verhalenbank.26994
Alde Wibe Alma is ek alris smiten woarn. Dy makke it der sels nei, 't wie in goddeloazen-ien.
nl.verhalenbank.29331
Boele en Baeije wennen oan 'e Skûlenburchster feart, tichte by de Hege Draei. Boele (Kuipers) wie in nuver man. Hy koe 't raer opsizze en 't wie slim sa't er spotte. Op in kear hat de duvel him ris topakken krige en dy hat him sa'n ein smiten, omtrint oan hûs ta.
nl.verhalenbank.29318
Piter Postma wenne op 'e Broek. Hy mocht graech strune. Hy stie to harkjen by de doarren en seach ta de glêzen yn by oare minsken. Op in joun, doe't er wer oan 't strunen wie, wie er opnommen woarn en in ein fuortsmiten. Dat hie de kweade dien.
nl.verhalenbank.25126
Paulus wie in hiele raren-ien, 't wie de raerste fan Albert en Tet-jonges. Op in kear doe wied er yn 'e buert fan 't tsjerkhôf. Doe wie der samar in fremde kat oankom en dy hie him hielendal toklaud. Dat hie de duvel west.
nl.verhalenbank.22305
Yn Grypskerk yn 'e kroech wie us in ploechje jongfolk. Sy woenen wille ha en doe tochten se: Wy matte it heilich avondmael mar ris fiere. Sy dienen it spottenderwize. Doe kom de duvel der yn. Doe ha guon fan dy feinten it sa op har senuwen krige, dat se der altyd hwat fan oerhâlden ha.
nl.verhalenbank.22862