2,635 datasets found
Dutch Keywords: duivel verkopen
Frijmitselers, dat binne minsken, dy ha har oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.21095
As ien in toverboek hat, dan hat er him oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.27458
In frijmitseler hat him oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.20594
Frijmetselders ha har oan 'e duvel forkocht. Sy krije jild fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.23684
Frijmitselers binne freonen fan 'e duvel. Dy ha har oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.33574
Frijmetselers binne minsken dy ha har oan 'e duvel forkocht. Dêr krije se dan jild foar. Sadwaende sitte se noait yn 'e earmoed.
nl.verhalenbank.34542
Egbert Sint wie ek in raren. Dat wie myn pake. Hy wenne ek yn 'e Harkema. Se seinen dat er in wikseldaelder hie. Hy wie oan 'e duvel forkocht. Ik ha dy wikseldaelder net fan him erfd.
nl.verhalenbank.28092
Frijmitselers binne oan 'e duvel forkocht. Dy ha noait gebrek oan jild.
nl.verhalenbank.38477
Dy't him oan 'e duvel forkeapet kriget in wikseldaelder. Sa'n wikseldaelder groeit altyd wer oan ta it folle bidrach.
nl.verhalenbank.27392
Alde Sije hie him oan 'e duvel forkocht. Hy wenne yn Houtigehage. As er sinten ha moest, dan krige er se.
nl.verhalenbank.25807
Frijmitselers ha noait gebrek oan jild. Se ha in forboun mei de duvel, se binne oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.38212
Minsken mei buchels forkeapje har soms oan 'e duvel.
nl.verhalenbank.33805
Frijmitselers ha in forboun mei de duvel sluten.
nl.verhalenbank.29443
Frijmitselders binne oan 'e duvel forkocht. Sy ha altyd wol jild om hannen.
nl.verhalenbank.23999
Frijmetselders ha har oan 'e duvel forkocht. Hja ha noait forlet fan jild. Hja kinne 't altyd skoan rêdde.
nl.verhalenbank.37938
Frijmitselers ha harsels oan 'e duvel forkocht. As se forlet fan jild ha, klopje se even oan 'e doar. Dan stiet der wol ien klear mei jild. Frijmitselers timmerje altyd oan har eigen hûs. Dat rekket noait klear.
nl.verhalenbank.36550
Frijmitselders binne oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.22279
Hart Boonstra (byneamd H. Dekker) wenne op 'e Sumarreheide. Sy seinen, hy hie him oan 'e duvel forkocht, hwant hy hie altyd wol sinten en hy die noait in slach.
nl.verhalenbank.23114
As ien in protte jild hat, sûnder dat it nei to gean is, hoe't hy der oan kom, dan hat sa'n ien him oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.22961
Frijmitselers binne ek kûgelfrij, wurdt der sein. Sy ha in forboun mei de duvel. Yn 'e Houtigehage wenne in frou, dy hie har oan 'e duvel forkocht. Dat minske woarde tige ryk.
nl.verhalenbank.29402