3,099 datasets found
Dutch Keywords: duivel geld
In wikseldaelder krigen se fan 'e duvel. Dy groeide altyd wer oan. Se moesten oppasse dat se him noait hielendal útjoegen.
nl.verhalenbank.36076
In wikseldaelder kriget men fan 'e duvel. It is in jildstuk dat altyd wer by de eigner weromkomt.
nl.verhalenbank.36961
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Dy hied er fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.36586
Alde Albert Gjaltema wie koopman. Dy hie noait forlet fan jild. Hy hie in forboun mei de duvel. Mar by joun wied er altyd deabinaud.
nl.verhalenbank.16144
Frijmetselders ha har oan 'e duvel forkocht. Sy krije jild fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.23684
Frijmetselers binne minsken dy ha har oan 'e duvel forkocht. Dêr krije se dan jild foar. Sadwaende sitte se noait yn 'e earmoed.
nl.verhalenbank.34542
In wikseldaelder is in daelder, dy rekket noait op. Jo krije him fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.26356
Dy't frijmitselder wurde wol, mat syn namme skriuwe mei eigen bloed en forklearje dat er him oan 'e duvel forkeapet. Dan kriget er ƒ 20.000. By 't Wyldpaed wenne Japik Veenstra, - in broer fan Tseard Kuorke - dy hie forlet fan jild. Hy gong nei 't gebou fan 'e frijmitselders ta. Hy kaem der yn. Ik mat sinten ha, sei er. Dat koe wol, mar dan moest er syn...
nl.verhalenbank.17015
Hindrik van der Meer en 't wiif wienen beide by de frijmitselderij. Sy hienen al it materiael fan 'e frijmitselders yn 't lyts yn 't sulver. Al hwer't se forlet fan hienen, dat kom der. Jild noait gebrek. Mar sy hienen har nammen mei eigen bloed yn in great boek set, dat fan 'e duvel wie.
nl.verhalenbank.16142
Frijmitselers binne oan 'e duvel forkocht. Dy ha noait gebrek oan jild.
nl.verhalenbank.38477
Frijmitselers wienen kûgelfrij. Hja hienen in forboun mei de duvel en hienen dêrtroch noait forlet fan jild. Dy't ienkear lid wie koe der net wer by wei. Om de safolle jier moast der ien fan har dea. Der woarde om lotte hwa't him formoardzje moest.
nl.verhalenbank.36115
Pytsjemuoi, dat wie Auke Stienstra syn mem. Dy hie in wikseldaelder. Dy hie se fan 'e duvel. Hja siet noait sûnder sinten, hwant sa'n wikseldaelder rekket noait op.
nl.verhalenbank.37795
Alde Sije hie him oan 'e duvel forkocht. Hy wenne yn Houtigehage. As er sinten ha moest, dan krige er se.
nl.verhalenbank.25807
Frijmitselers ha noait gebrek oan jild. Se ha in forboun mei de duvel, se binne oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.38212
Ien dy't by de frijmitselrij giet, forkeapet him oan 'e duvel. Dy kin sinten krije safolle as er wol. En hy hat dan ek in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.17341
Frijmitselders binne oan 'e duvel forkocht. Sy ha altyd wol jild om hannen.
nl.verhalenbank.23999
Frijmetselders ha har oan 'e duvel forkocht. Hja ha noait forlet fan jild. Hja kinne 't altyd skoan rêdde.
nl.verhalenbank.37938
Frijmitselders forwinskje alles. De duvel kriget macht oer har. Mynhear Hector fan Feankleaster wie ek in frijmitselder. Hy mat in nuver útein hawn ha. Frijmitselders ha ek in wikseldaelder. Stammerige Harm wie ek in frijmitselder. As er forlet fan jild hie, hong er de lege pong mar even oan 'e doar en de oare moarns wied er fol jild.
nl.verhalenbank.17367
Frijmitselers ha harsels oan 'e duvel forkocht. As se forlet fan jild ha, klopje se even oan 'e doar. Dan stiet der wol ien klear mei jild. Frijmitselers timmerje altyd oan har eigen hûs. Dat rekket noait klear.
nl.verhalenbank.36550
By Piters Willemke hong elke moarn in ponge mei jild oan 'e doar. Dat jild brochten se har yn 'e nacht. Mar 't wie duvelsjild. Sy hie har oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.17012