4,477 datasets found
Dutch Keywords: dood Place of Narration: Kollumerzwaag
Op in nacht roan ik mei ien de Swadde del. Dyselde wie mei de helm geboaren. Gean even oan kant, sei er ynienen. En doe luts er my oan. Hy seach in lykstaesje foarbygean, mar ik seach neat.
nl.verhalenbank.17018
Om 'e sawn jier mat in frijmitselder ien deameitsje, oars mat er sels stjerre. Dy't ienkear by de frijmitselders is, kin der noait wer by wei.
nl.verhalenbank.17014
As der yn in húshâlding sawn jonges binne, is de âldste of de jongste of de middelste in wjerwolf. In wjerwolf, dat is in man, dy't de natuer hat fan in beest; ien dy't formoardzje mat.
nl.verhalenbank.16994
Hy fortelde it yn Eastemar. Dêr forstoar ridlik gau neitiid in kreamfrou, mar dy wie it net. Letter forstoar der wer ien, dy wie 't ek net. Nòch letter forstoar der foar de trêdde kear ien. Ek dy wie it net. De fierde dy't kaem to forstjerren, dy wie it. Dy wie troud mei in broer fan syn wiif. Mar dat barde earst twintich jier letter. Alles wie krektengelyk.
nl.verhalenbank.32490
Tsjoensters matte om 'e sawn jier ien deatsjoene.
nl.verhalenbank.25190
Hjir hat in man wenne, dy syn dochter wie troud mei in sekere Marten. Sy wennen yn 'e Harkema. Dy man kaem ris in kear by ús mem. Hy fortelde mem, dat syn dochter forhongere dêr yn 'e Harkema. De keardel woe net in slach dwaen en bihandele har as in houn. Dat hy woe syn dochter wer thús ha. Wylst er oan 't fortellen wie, sei mem al in pear kear: Gean...
nl.verhalenbank.16110
Hjir hat wenne oan 't spoar in sekere Knjillis Veenstra, dy't se Bontsje Knjillis en ek wol Keke neamden. As der ien siik wie en dy wie min, dan wist Keke fan tofoaren of dy persoan stjerre soe. Hy moest der dan nachts út, dan seach er de bigraffenis fan dy persoan. Dy en dy stjert ek, sei er dan, en dat kaem altyd út. Hy wie mei de helm geboaren. Ien...
nl.verhalenbank.37332
Op in kear kom ik fan 't spoar yn 'e Westerein. 't Wie sahwat alve ûre op 'e joun en ik hie sa'n 200 meter roan. Liuwe wie by my. Doe hearde ik dêr de stim fan in frommes, dat klonk aeklik. Ik sei: "Hark ris , sa giet Bouke Minke to kear. (Dat wie it wiif fan Bouke de Jong) In pear dagen letter forsûpte har bern op itselde sté dêr't wy Minke kleijen heard...
nl.verhalenbank.17010
Fan 'e tsjoensters moest der om 'e sawn jier ien dea, oars gong se der sels oan.
nl.verhalenbank.29506
Hjir achter ús is in poel. 't Is in petgat en 't hat gjin namme. Dêr is ris in stim út heard woarn: De tijd is verschenen, de man is er niet. Mar der is noait ien yn fordronken. Wol fordronk der in skoftsje letter tichte by yn 'e Spoormer wyk in famke.
nl.verhalenbank.16055
Se kennen ook bomen siek maken. So'n boom begint dan te kwinen en gaat op 't laatst dood.
nl.verhalenbank.24283
Ik ha wol ris heard, as in deade net meikrijt yn 'e kiste dat him takomt, dan krijt er gjin rêst. Dan oppenearret er him wer nei de dea.
nl.verhalenbank.24079
Alde Japiks Fokje hat hjir wenne, dy hat ek yn 'e Koaten wenne. Dat wie in kaertlizter. Sa'n fyftich jier lyn gongen de jonge bazen dêrhinne. Wy forwachten in berntsje, doe gong ik nei Fokje ta om 'e kaert útlein to krijen. Myn frou rekke yn 't sikenhûs, doe't hja yn forwachting wie. Fokje sei: "Dat bern krije jim net thús. Ik ha 't bern fannacht yn 't...
nl.verhalenbank.37340
As bern al seinen se tsjin ús: "Noait midden op 'e wei rinne." Dat wie fanwege de lykstaesjes. Men koe us oan kant set wurde.
nl.verhalenbank.26312
Bij de brug in de Westerein stonden us in kear mensen, die hebben daar in geluut hoord. Dat kwam út it water. Later is daar een ferdronken.
nl.verhalenbank.24289
Alde Thomas Klare koe ek kaertlizze. Sy wenne by 't spoar. Earder hie se yn Houtigehage wenne. Op in kear kaem se by ús. Sy sei: Hjir is kloppe of hjir wurdt aenst kloppe. Doe kloppen se yn 'e nacht by ús. In suster fan Griet har man hie 't yn 'e holle krigen. Dy moest fêstboun wurde. Klare sei ek noch, wylst se de kaerten skodde: It binne allegear swarte...
nl.verhalenbank.16993
Ek in kear doe siet der in murd yn in hoale. Pake die in bûsdoek om 'e hân en helle sa de murd der út. Hy knypte sa bot, dat hy tocht: nou is er wol dea. Mar ûnderweis hat de murd him noch biten. Doe't er thús wie meat er de murd. Hy wie 6 tegeltsjes lang.
nl.verhalenbank.32217
Spûkgûlde in houn, dan seinen se, dat der mei gauwens ien dea gong.
nl.verhalenbank.29523
Op in kear sei 'k tsjin myn man: "Us buorman leeft net lang mear." Ik hie sjoen dat er dea wie. Doe wie er net iens siik. In pear wiken letter wie er wei.
nl.verhalenbank.30109
Frijmitselders ha in wikseldaelder. Om 'e sawn jier mat der ien fan harren dea. Dy wurdt dan formoarde. Der wurdt om lotte, hwa't dat is.
nl.verhalenbank.22692