5,794 datasets found
Dutch Keywords: dood zien
11h. Zijn er verhalen bekend van spookdieren die meelopen of rondlopen, zonder verder iets te doen? Ik ken alleen verhalen van tegenwoordige mensen die hun huisdier soms horen of terugzien.
nl.verhalenbank.45560
Ik ha ús mem nei har dea sjoen mei de deadsklean oan.
nl.verhalenbank.12359
Hjir yn 'e Harkema wennen froeger guon dy koenen altyd krekt fantofoaren fortelle as der wer ien stjerre soe. Dy seagen de bigraffenis al fan tofoaren. Sokken wienen mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.29342
Lijkstaties werden door mijn moeder gezien
nl.verhalenbank.43110
Jehannes van Minnen wenne yn Droegeham. Hy hie lân yn 't Leech by 't Bouwekleaster. Doe't er al in moai skoft dea wie ha guon him dêr forskillende kearen yn 't Leech sjoen.
nl.verhalenbank.21648
It gebeurde ek wol dat Durkje har man jouns bûtendoar foar hûs siet. Doe wied er al dea. Durkje seach him sitten. Dan wie se bang. Dêrom moesten der nachts guon by har wêze.
nl.verhalenbank.38699
Hjir hat in frou wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach fan tofoaren lykstaesjes. Hja wist altyd as der ien stjerre soe.
nl.verhalenbank.27817
As der ien dea wie dienen se in swarte doek oer de spegel. Oars seagen se de kiste letter wèr yn 'e spegel.
nl.verhalenbank.33863
Ik haw in omke hawn, dy wenne op 'e heide. Nachts dan moest hy der faek ôf om hwat to sjen. Dan wie 't krekt as woarde er roppen. Dan gong er oan 'e kant fan 'e wei stean. Dan seach er in lykstaesje. Hy telde altiten de minsken, dy't achter it lyk oanroannen. Mar hy wist noait hwà't der stoarn wie.
nl.verhalenbank.19545
Boardzer Bruining hie 't altyd oer lykstaesjes, dy't er fantofoaren seach. Hy wist altyd krekt yn hwat hûs as der ien stjerre soe. Mar dêr praet er nou net mear oer.
nl.verhalenbank.25877
Vader vertelde dat er in Middelburg een man woonde, die zei dat twee dagen nadien die en die persoon zou sterven en hij noemde precies alle mensen op die dat lijk naar 't kerkhof zouden volgen. Vader had het van zijn vader. Die man was met de helm geboren.
nl.verhalenbank.33392
By ús woarde it hûs fortimmere. Wy hienen in greate húshâlding, der wienen 9 bern en mem forwachte it tsiende. Doe kom der in frou by ús op bisite. 't Wie âlde Auke Tryn. Dy biseach alles fan de fortimmerderije. Doe't se thúskom, sei se tsjin har man: "Och och, 't wie dêr allegear folk yn 'e hûs/yn 't achterhûs en om 'e doar. Sil ik dy ris hwat sizze? Het...
nl.verhalenbank.34562
Us pake hat it us meimakke dat in rottekleaster fan 'e iene pleats nei de oare gong. It wienen hûnderten rotten. Der wie in âld rot, dy roan foarop. Men mat se rinne litte, oars geane jo der oan.
nl.verhalenbank.24833
Myn skoanheit (Wibe Alma) hat in broer forlern fan achttsjin jier (Paulus). Der wie in man yn 'e Harkema, dy hat de hiele bigraffenis fan tofoaren sjoen yn alle bysûnderheden. Hy sei it fan tofoaren.
nl.verhalenbank.27241
Marten Skeet wenne yn Aldegea, yn 't lêste hûs. Syn frou hiet Doekel, dy koe mear as in oar, seinen se. Dy seach allerhande dingen dy't in oar net seach. Hja wie mei de helm geboaren en moest dan de lykstaesjes fan tofoaren sjen. Op in kear wie der in keardel yn Aldegea tige siik. Dat wie Jan Sjirks. Hy hie longontsteking en it like o sa slim. Der stie op...
nl.verhalenbank.33626
As der yn 'e Feansterheide froeger ien stoar, dan seagen se dyselde letter altyd wer.
nl.verhalenbank.23597
Yn 'e Rottefalle wenne in man, dy seach altyd de lykstaesjes. Dan sei er: Dêr en dêr ha 'k it sjoen, mar dy of dy wie der net by. Dan wie 't altyd dyselde dy't der net by wie, dy't stoarn wie (stjerre soe).
nl.verhalenbank.33158
Op in kear sei 'k tsjin myn man: "Us buorman leeft net lang mear." Ik hie sjoen dat er dea wie. Doe wie er net iens siik. In pear wiken letter wie er wei.
nl.verhalenbank.30109
By 't selde hûs hat ús mem ris op in kear in lykstaesje sjoen. Hja stie op 'e reed op in simmerjoun. 't Wie noch ljochtskyndei. Doe seach se de bigraffenisminsken bûtendoar op it hiem fan har hûs. Hja koe net ûnderskiede hwa't it wienen, dêrfoar wie se der to fier ôf. In skoft letter stoar it jonkje. Doe wie dêr de bigraffenis dy't hja sjoen hie.
nl.verhalenbank.33171
Soms sjocht men in rounte fan poddestuollen yn it lân. Se neame dat in 'heksekring'. Dat is eins in tsjernmoune. De tsjernmoune fan 'e hynders dy't al jierren dea binne. Dy moatte dêr dan noch altyd yn 'e rounte rinne.
nl.verhalenbank.20709