4,599 datasets found
Dutch Keywords: dood voorbode
Der roan in man yn 'e nacht op Feansterheide. Ynienen sjocht er ien oankommen. "Joun", sei de earste, mar de oare sei neat werom. De earste sei noch us fan "joun", mar wer krige er gjin antwurd. Doe seach er in lykstaesje oankommen. Dy man hie dêr de foarboade fan west.
nl.verhalenbank.16508
Spûkgûlet in houn dan giet er mei koartens ien dea.
nl.verhalenbank.36763
As der op sé ien siik is, komme de haeijen om it skip hinne. Dêr wachtsje se oant dyselde dea is. De haeijen binne op sé de foarboaden fan 'e dea.
nl.verhalenbank.36732
As der eksters op it hiem komme, komt der yn dat hûs in deaden.
nl.verhalenbank.36637
Us heit wie timmerman. Wy sliepten as jonges achter, ús heit fóár. Soms hearden wy yn 'e nacht, dat der by ús in deakiste timmere waerd. Dan kom der de oare deis ien dy't in deakiste bistelde. It nuvere wie dat heit sels soks noait hearde.
nl.verhalenbank.24314
Spûkgûlet in houn, dan komt der ien to forstjerren. In soad minsken hâlde stellich fol dat it sa is.
nl.verhalenbank.31903
As in fûgel it paedtsje fan in hûs lâns komt, dan bitsjut dat, dat der in deaden komt.
nl.verhalenbank.21864
Bleeker fan Surhústerfean hie in âld houn. Dy spûkgûlde altyd as der in minske stjerre soe. Nachts seach dat beest it blykber.
nl.verhalenbank.31915
Guon hearden hjir froeger de dea klopjen. As der trije kear kloppe woarde, dan koe men der mar fan op oan dat de dea jin ophelle.
nl.verhalenbank.24840
As in houn spûkgûlt, seit men, dan leit der in joad op stjerren.
nl.verhalenbank.19901
Bij de brug in de Westerein stonden us in kear mensen, die hebben daar in geluut hoord. Dat kwam út it water. Later is daar een ferdronken.
nl.verhalenbank.24289
As men in pod deatrapet, dan komt der tonger, waerd ús froeger sein.
nl.verhalenbank.30549
As in houn spûkgûlde, wie der meast in wike of trije letter in sterfgefal.
nl.verhalenbank.29557
As in houn spûkgûlt, dan duorret it net lang of dêr komt in deaden yn 'e buert.
nl.verhalenbank.29609
As de houn spûkgûlt stjert der ien. Wy ha der wol om út bêd west, sa binaud wienen wy, as wy dat nachts hearden.
nl.verhalenbank.25336
Anno 1181/ is hier ghesien gheweest een seer schrickelijcke vlammende Comeet-sterre, met eenen langen Staert nerderwaerts stralende. Een voor-bode van dieren tijdt en sterfte/ die dan oock beyde daer op gevolght zijn.
nl.verhalenbank.44867
As de klok sa deadsk oan 't lieden is, komt der in sterfgefal. Dat is foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.19976
As der in ekster by hûs komt (swart mei wyt) komt der in roubrief. De ekster is de foarboade op it hiem.
nl.verhalenbank.11523
Inkelde bloeddrippen (3) dy't falle, jowe in deaden yn 'e famylje.
nl.verhalenbank.21806
Der woarde altyd sein, as der in katûle op it dak siet, dan stoar der mei koarten ien yn dat hûs.
nl.verhalenbank.25335