Yn Twizelerheide wenne in âld man dy bitsjoende it fé. Ik wie ris by Hindrik Veenstra útfanhûs. Hindrik-om wie der op út. Aeltsjemuoi en de soan Piter wienen thús. Doe sei Piter: "Der komt in âld man hjirhinne."
Aeltsjemuoi seach. Doe sei se: "Piter, doch gau it slot op 'e doar fan 't hok." Dêr siet it fé yn.
De âld man sei: "Is Hindrik ek thús? 'k Wol 't...
nl.verhalenbank.36266
Alde Klaes Skeltes Tryn koe fleane.
nl.verhalenbank.12238
Alde Jehannes Ketellapper wenne op 'e Sumarreheide. Syn wiif Jantsje koe in hiel bataljon soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
Ik ha 't sels sjoen. Sy die dat om 'e bern binaud to meitsjen. Wy naeiden altyd hurd út as se ús dêr mei drige. Sy koe mear as in oar.
nl.verhalenbank.12237
Piter Poes koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy wie duvelbander. Hy koe de minsken ek stean litte. Dan sei er: "Ik lit jimme stean."
Bargen koed er bitsjoene. As er by de bargen kom, woarden se siik. Hy moest se ek wer better meitsje.
As er op it lân oan 't wurk wie, sei er soms: "Der komt aenst wer ien by my om rie." Dan koe men der mar fan...
nl.verhalenbank.24639
Hjir op 'e heide wenne ek in tsjoenster. As dy yn 'e hûs kaem ergens dan wienen se bang dat se de bern bitsjoende. Hja brûkten duveldrek tsjin 'e tsjoenderij.
nl.verhalenbank.31796
In tsjoenster kin men keare troch duveldrek ûnder 'e drompel to dwaen. Dan kin se net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.12240
As it net tsjernje woe, hie der in forkeard man by 't fé yn 't lân west. Dan woarde Piter Poes der by helle. Dy moest de saek wer yn oarder bringe.
nl.verhalenbank.12245
Antsje Fiter roan mei in kuorke mei snypsnaren. Dêr sieten ek fiters yn. Dêr hie se de bynamme fiter fan.
Hja wie in tsjoenster. As der ergens in poppe geboaren wie, mocht hja der net yn. Hja hat by guon krânsen yn 'e kessens tsjoend.
nl.verhalenbank.21362
Hil Mud wenne op 'e Sumarre Tike. Dy gong ek foar in tsjoenster troch. Dy mat ek wol bern bitsjoend ha.
nl.verhalenbank.21182
In tsjoenster kin noait fet krije op guon mei in bibelse namme. Paulus, Jakob of Adam ensa.
Ik bin út 'e skrift, sei ús heit. Dat wie in Paulus. My dogge se neat.
nl.verhalenbank.22092
As der by ien in krâns yn 't holkessen siet, dan wie sa'n ien bitsjoend.
nl.verhalenbank.24526
Skoanheit handele yn lytsfé. Hy kom us by minsken op 'e Tike mei hinnen.
Goed soun? frege er oan 'e man. En 't wiif ek?
Né, 't wiif leit op bêd.
Is se dan siik?
Né, mar de geest dy sweeft, dy is der op út. As se aenst wer thúskomt en sy set thé, dan matte jo net drinke, hear.
Ik sil wol wizer wêze, sei skoanheit.
Hy seach mar gau, dat er fuortkom, hwant...
nl.verhalenbank.12232
Alde Melle Antsje (Antsje Fiter) fan Sumarreheide roan mei in kuorke mei galanterijen. It wie in tsjoenster. Sy bitsjoende leafst pas-geboaren berntsjes.
nl.verhalenbank.20280
Op 'e Tike wie in jonge bitsjoend. Se hellen Piter Poes der by. Dy makke mei de lodde in goatsje om it strjitsje hinne by de foardoar. Doe die er dêr hwat yn 'e groun, dat er mei modder bistoppe.
nl.verhalenbank.12249
Piter Poes wie de duvelbander fan Sumarreheide.
As jonges rôpen wy him achternei:
Piter Poes
mei de hannen yn 'e boes,
it himd op 'e teannen,
dêr komt Piter Poes oanfleanen.
Ik wie us mei in stik of hwat oare jonges op 'e Pasterijelânnen yn Sumarreheide. Ien fan myn maten sei sa: "Men sjocht Piter Poes tsjintwurdich noait." Hy hie 't net sein, of dêr...
nl.verhalenbank.12229
Hindrikje de tsjoenster wenne op 'e Tike ûnder Nyegea. It forhael gong dat se wol us bern bitsjoende. Wy gongen as bern yn in bôge om har hinne, as se foar 't ljocht kom. Der wie ús goed yndruid dat wy net in apel of sa fan har oannimme mochten.
nl.verhalenbank.21181
Tseard Oosterman syn muoike fan 'e Tike hie in skiep siik. Dat wie bitsjoend. Der kommen trije ielen út sa dik as in earm.
Der wie ien dy sei: "Dat is in goed miel."
Mar de muoike fan Tseard sei: "Hwat miene jo, dat wy dy opite?"
It skiep woarde wer better.
nl.verhalenbank.32470
By it Weidumerhout troffen heit en syn twa maten ris trije moaije wite dames. Dy kommen der oanstappen. Heit en syn maten soenen to kanaelslatten. Sy seinen tsjin elkoar: Dêr wolle wy elk ien fan ha.
Mar doe't se tichterby kommen, wienen de dames sa mar fuort as wie 't loft.
nl.verhalenbank.12223
Yn 'e naed fan 'e rok hienen de froulju en famkes yn myn jongestiid roggekerrels binaeid. In ûneven getal, om net bitsjoend to wurden. Rogge is heilich.
nl.verhalenbank.20284
Op Skûlenboarch sochten âlde froulju froeger alle triedsjes en toukes op, dat de tsjoensters se mar net bisette koenen foar de krânsen.
nl.verhalenbank.12236