Myn jongere suster Kobe werkte by Jehannes en Tryn. Hja hienen in jonkje en dat waerd siik. It bern bigong to tjirmjen. Hja wennen yn 'e Falom.
Tsjin bêdgongerstiid bigong it bern altyd fan pine to razen.
Mem sei tsjin Kobe: "Dû mast tsjin Jehannes sizze: 'It bern is bitsjoend.' Jehannes mat duveldrek yn 't widzke dwaen en ek yn 'e naden fan 't bêdsket....
nl.verhalenbank.21989
De betoverde karn, as diegene, die dat had gedaan, tege de karn ging staan, dan was 't weer over.
nl.verhalenbank.70523
Hjir op 'e heide wenne ek in tsjoenster. As dy yn 'e hûs kaem ergens dan wienen se bang dat se de bern bitsjoende. Hja brûkten duveldrek tsjin 'e tsjoenderij.
nl.verhalenbank.31796
In muoikesizzer fan Ingbert wie net goed, dy sukkele altyd. Doe founen se by him in krânske yn 't kessen, hy wie bitsjoend.
nl.verhalenbank.38003
Yn Bûtenpost wie us in bern siik. It bern koe net leve en net stjerre. Der siet in krâns yn 't kessen by 't bern. Dat wie 't wurk fan in tsjoenster. 't Bern wie dus bitsjoend. Doe gongen se nei in duvelbander ta om to witen to kommen, hwa't de tsjoenster wie. Dy duvelbanner dat wie Foppe Banning, hy wenne op 'e Tsjerkeloane to Bûtenpost. Hy hie in...
nl.verhalenbank.22846
De katten hâlde soms midden op in stik lân in forgadering. Dan wurdt der bisprutsen hwat se mei de minsken úthelje sille en hwa't se bitsjoene sille. Men kin har dan skoan gûlen hearre, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.22850
Heks Martje Nies kon zich dikwijls in een kat veranderen, als er wat ergens niet in orde was, had er altijd een kat op vensterbank of regenton gezeten en dat was Martje Nies, een klein vrouwtje (zonder uiterlijke kentekenen). Eens toen een boer met een halster in de hand zijn paard uit de wei wilde gaan halen 's morgens vroeg in 't donker, liep hem voor...
nl.verhalenbank.13327
Tsjoensters binne yn 'e nacht warber. Ienkear yn 'e sawn jier matte se ien deatsjoene. Op syn minst. Kinne se it net mei minsken rêdde, dan bitsjoene se dieren. Dêrom seach men froeger faek skiep en geiten mei in stikje duveldrek ûnder 'e hals.
nl.verhalenbank.24428
Ik hie in kammeraetske, dy har beppe wie âlde Fogel-moai (Frearke Fogel). Dat wie in tsjoenster. By myn kammeraetske hienen se in baerch yn 't hok. Dy roan mar àl yn 't roun. Hy wie bitsjoend. Dat hie âlde Fogel-moai dien.
Hja hie dy baerch oanrekke. Sa wie dy baerch siik woarn. Hja hie de kweade hân.
Ik hie altyd duveldrek yn 'e bûse, as ik nei Fogelmoai...
nl.verhalenbank.22299
De Kwêêjen And
In de Rieke Buurte (van Oedjeskerke) weunden Jantje Westdurp – ze noemden ’n ok wè “Jantje Petoet”. Die was etrouwd mie Belle Pantus; die kwêêm van Entjessand. Vanzelf goeng ze werris nir Entjessand op verziete nì d’r moeder.
En zôô was ’t is ’n kêêjr midden in de zeumer, da se wee nir Entjessand goeng. Z’oa nog mè net ’n stuitje ’n kleinen...
nl.verhalenbank.46247
Alde Jitse Wyts wenne yn Feansterheide. 't Frommes doogde net. It wie in tsjoenster.
Op in kear wie heit fuort om biggen to keapjen. Doe seinen wy: nou matte wy al oppasse, dat dat frommes hjir net oer de drompel komt, hwant sy kin de biggen wol bitsjoene.
Doe die ús Ritske duveldrek ûnder 'e drompel.
Doe koe se net oer 'e drompel komme.
nl.verhalenbank.25470
Op Walcheren woonde vroeger een zekere de Pleid, veearts, die, toen vele menschen niet konden lezen of schrijven, ervan verdacht werd, menschen te kunnen laten ronddwalen. Deze veearts woonde te Meliskerke, een paar uren hier vandaan. Een boerenzoon bijv., die medicijnen afgehaald had, liet hij een paar uren in een weide ronddolen, zonder de uitgang te...
nl.verhalenbank.13276
As jy tochten dat in bern bitsjoend wie, moesten jy alles ticht dwaen en in panne mei nuddels yn wetter siede. Dan komt de tsjoenster foar de glêzen.
nl.verhalenbank.24419
Hwannear't Jelle en Boele hwat útheefden troch middel fan it duvelsboek, moesten se even letter alles wer tobeklêze om de tovenarij wer ongedaan to meitsjen.
nl.verhalenbank.20535
Der hat froeger by ús mem en dy ien bitsjoend west, ik wyt net mear hwa. Mar mem joech Thys Weening dêr de skuld fan. Thys Weening sutele mei in fetsje mei pikelhearrings yn 'e Harkema en dy doarst noait by ús oer de drompel to kommen. Dêr hie mem duveldrek ûnder lizzen en dan kin in tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.22719
Oan dit singeltsje wennen Jan Wessels en Hindrikje.
Jan Wessels woarde siik, mar doe't er op syn stjerbêd lei, koe de man noait dea.
Doe kom Jan Oenes der oan. Dy gong nei him ta en doe wied er samar dea.
Jan Oenes hie him bitsjoend. Dy moest earst komme, earder koed er net stjerre.
nl.verhalenbank.20734
Gepke, in nicht fan my, rekke as famke bitsjoend. Doe reizgen se nei Piter Poes ta fan Sumarreheide. Sy moest doe krûden ha út in tsjettel, dêr't gjin stoom út kom.
nl.verhalenbank.12209
Myn âlde omke Lammert, doe't dat noch in bern wie, gong er wol us nei âlde Ot ta.
Hy wie in jonge fan in jier of fjirtsjin, doe gebeurde it op in kear dat Ot him hwat joech. Doe't er thús wie, krige er in ôfgrysliken pine.
Doe sei beppe: "Der kom nyskes ek hwat oanroljen." Doe't omke Lammert dat hearde, hied er hyltyd it eech op it iene glês, dêr't beppe...
nl.verhalenbank.21566
't Wie in waerme simmer. De bern fan Hinne yn 'e Broek woarden siik.
Alde Minne Hindrikje wie in tsjoenster. Har eigen soan Wopke wist dat wol. Hy gong nei Hinne ta en sei: "Jimme bern binne bitsjoend."
Hinne sei: "Dan sil 'k nei Wopke Minke ta." (Wopke wie duvelbander en wenne yn Kûkherne, sûnt syn dea gongen se nei syn frou Minke ta.)
Hinne sei tsjin...
nl.verhalenbank.25113
Alberts Gees gong us in kear nei âlde Jitse Wyts ta. Doe krige se fan 't minske in bakje kofje. Doe't se 't opdronk fornom se wol dat der ek noch hwat oars as kofje troch 't kielsgat sakke wie. Doe't Gees thús kom, wie se siik.
Doe hat heit nei har ta west, en dy joech har duveldrek.
Dat nom se yn.
Even letter spuide se allegear fiskjes út.
nl.verhalenbank.25475