5,430 datasets found
Dutch Keywords: betoveren Narrator Gender: female
Alde Jehannes Wyts fan Boelensloane wie ek in tsjoenster. Har dochter woun in bern oer. Doe kom dat bern by Wyts yn. Mar dat bern woarde siik en 't gong dea. Wyts hie 't bern deatsjoend.
nl.verhalenbank.38005
Us mem hie altyd in pûdtsje mei duveldrek by har op 't boarst hingjen fanwege it bitsjoenen.
nl.verhalenbank.21224
't Gebeurde wol gauris dat de tsjerne bitsjoend wie. Dat wie dan it wurk fan in tsjoenster. Dan koenen se gjin bûter krije. Dan moest de tsjerne leechmakke wurde.
nl.verhalenbank.38189
Betoverde karn: Als men de boter niet bijeen kon krijgen, meende men vroeger al gauw, dat de “sjtang” of karn betoverd was. Een vrouw deed er een scheut wijwater in, en kreeg de boter bijeen.
nl.verhalenbank.69258
Fije Antsje hat Baeije yndertiid bitsjoend. Doe ha se Piter Poes der by helle. Dy wenne op Sumarreheide. 't Wie in duvelbanner. Hy kaem op 'e hounekarre. Doe't er 't minske bihandele hie moest se pisje. En doe pisse se in pod.
nl.verhalenbank.38177
Aeltsje Blau wie in swerfster. Sy slepte nachts by boeren yn 'e skuorre, en ek wol yn 'e wâl of yn 'e bosken. Sy strúnde altyd om. De boeren wienen bang foar har, hwant sy bitsjoende it fé woarde der sein. Op in kear wie der in koe siik by in boer. Dy hie hja oanrekke. Dy koe moest ôfmakke wurde. Aeltsje Blau krige der de skuld fan dat dy de koe siik...
nl.verhalenbank.22844
Ien dy't bitsjoend is, en dy komt to stjerren, sa'n ien wurdt net stiif.
nl.verhalenbank.20908
Heit handele wol yn skiep. Hy hat wol guon hawn, dy kwynden wei. Dan hie Jan Oenes se bitsjoend.
nl.verhalenbank.20920
Alde Jehannes Ketellapper wenne op 'e Sumarreheide. Syn wiif Jantsje koe in hiel bataljon soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Ik ha 't sels sjoen. Sy die dat om 'e bern binaud to meitsjen. Wy naeiden altyd hurd út as se ús dêr mei drige. Sy koe mear as in oar.
nl.verhalenbank.12237
As de tsjerne bitsjoend wie, hellen se duveldrek fan David Flud fan Drachten. Se hienen ek faek duveldrek ûnder 'e drompel. Heit brûkte it wol foar rimmetyk. Hy hat 40 jier lang rimmetyk hawn. Dêr die er fan alles tsjin. Hy hat de fuotten wol yn ierpelwetter hawn en hy hat se ek wol yn petroalje wosken.
nl.verhalenbank.22727
Us heit en dy ha in jonkje hawn, dat hat se deatsjoend. 't Wie in lytse Willem. Hy hie krânsen yn 'e kessens. Dat wie it wurk fan Jitse Wyts. Heit wie yn dy tiid to werken by de sédyk.
nl.verhalenbank.25471
Stina de Vet woonde op de Klèf. Daar woonde vroeger een minder soort volk: nu staan er de schoonste boerderijen. Stina had veel katten. Door haar geheimzinnige macht kon ze kinderen ziek maken; die hield je dus, als ‘t enigszins kon, uit haar buurt.
nl.verhalenbank.47631
Der waerd by de boeren faek duveldrek yn 't sûpfet fan 'e keallen dien om se foar bitsjoenen to hoedzjen.
nl.verhalenbank.11512
As meissie, as kind nog had je bij ons persone, die tovere kon. Ik weet nog, dat ik as meissie met een soort bloempie liep en as zo'n persoon passeerde, dan kon die je niet betovere.
nl.verhalenbank.70267
By de feart wenne hjir froeger in âld minske dy't ek foar in tsjoenster trochgong. Tichteby wenne in famke. Dat woarde siik en kaem to forstjerren. It praetsje gong altyd dat dat âld minske it bern deatsjoend hie.
nl.verhalenbank.36335
In broerke fan my moest koemolke ha. Dat krige er altyd fan Willemke. Mar doe koe mem it op in oar plak in heale sint guodkeaper krije. Doe krige er it dêr wei. Mar doe woarde myn broerke siker. Doe hie Willemke him gau bitsjoend, sei ús mem. Letter is er wer better woarn.
nl.verhalenbank.36334
Us beppe hat as bern al us bitsjoend west. Oerpake is doe mei har mûtske nei de duvelbander ta west.
nl.verhalenbank.22741
Alde Antsje Wever wie alle nachten fuort. Har dochter sei wol us: "Us mem hat de hiele nacht fuort west." Sy kom wol us by ús mem. Dan sei se: "Hoe is 't mei it jonkje, Hinke?" Op in kear sei se dat wer. Doe joech Griet har de tange op 'e hûd en sei: "Pak op! 't Is om 't bern to dwaen." Letter kom se noch us wer. "Mei 'k it jonkje wol us sjen?" frege se...
nl.verhalenbank.22032
Oetse jonges fan 'e Rottefalle forlearen altyd de lytse popkes. Sy masteren mei Frânse Hinke. Der waerd sein, dat Hinke se allegear bitsjoend hat.
nl.verhalenbank.25173
Yn 'Ons Huis' yn 'e Westerein wenne Hoedemaker. Dy krigen in poppe. Hja krigen de molke altyd fan Piters Willemke. Mar Willemke, dat wie ek in greate tsjoenster. Dy molke moest de poppe drinke. It bern waerd siik. Doe sei myn suster Pytsje tsjin Hoedemaker: "Tink der om, jimme bern is bitsjoend. Willemke, dat is in tsjoenster. Jimme poppe giet dea as...
nl.verhalenbank.29744