3,089 datasets found
Dutch Keywords: betoveren heks
Tsjoensters tsjoene in krâns yn 't kessen fan 't bern. As dat it gefal is, is 't bern bitsjoend.
nl.verhalenbank.37804
Alle Tet koe in keppel beesten sa oerstjûr meitsje, dat der gjin hûs mear mei to hâlden wie. Men moest har dan hwat yn 'e hannen stopje, dan makke hja se wer rêstich.
nl.verhalenbank.22339
Famylje fan ús krigen in poppe. Doe't dy poppe in pear maenden âld wie, bigoun se nachts altyd to gûlen. Men koe sjen dat it bern lêst hie. De âlden fortochten it âld minske der fan, dy't de tsjerne ek bitsjoend hie. Doe gongen de beide âldste bern, in broer en in suster fan 'e poppe ris op in joun nei 't âld-minske ta. Sy gongen by har foar de glêzen...
nl.verhalenbank.17360
As de tsjoenster in hier fan jin hat, dan kin dy tsjoenster mei jin dwaen hwat er wol. Dan hat er jin yn 'e macht.
nl.verhalenbank.20350
De duvelbander joech duveldrek mei of in drankje. As jy duveldrek yn 'e bûse hienen koe de tsjoenster jin net bitsjoene.
nl.verhalenbank.37352
Soms zat er een krans in een veren bed. Dan zeien de mensen: "Ie meugen wel op de kinders passen." Dan was er een oud of krom vrouwtje in huis geweest en die had het bed betoverd.
nl.verhalenbank.43559
Us mem wie altyd deabinaud dat wy hwat fan in tsjoenster oannimme soenen en dat opite. Hwant dan wienen wy bitsjoend.
nl.verhalenbank.37860
‘’K was nog een jong meiske,’ zei moeder, ‘’k ging nog niet met jouw vader toen is het gebeurd, dat een oud vrouwke bij een boer in de buurt van de [Palboom] ’t erf opkwam. De boer kende d’r wel en hij wist niet veel goeds van d’r. D’n hond, die aan de ketting lig, ging als een wildeman tekeer toen ze ’t erf opkwam. D’n boer bleef er op wachten. ‘En,’...
nl.verhalenbank.70069
Alde Klaes Skeltes Tryn koe fleane.
nl.verhalenbank.12238
Hjir skeanoer wenne myn broer Jehannnes. As dy sneins nei tsjerke west hie en hy kom werom, dan wienen altyd de kij los op 'e stâl. En sa wie 't ek mei de keallen bûtendoar, dy sieten net mear oan 't tou. Earst gong it der soms bot oan wei, dan wie 't ien en al leven op stâl. 't Gebeurde ek faek dat de bargen út it hok wei wienen. Dan fleagen dy bargen as...
nl.verhalenbank.24373
Piters Hindrikje hat de bern fan Wytse Hountsje en Hinke èk bitsjoend.
nl.verhalenbank.33038
Betoverde karn, betoverde karn, ja zo iets heb ik ok wel is gehoord, een karn die uit z'n eige ging lope.
nl.verhalenbank.70289
Ik hie hjir in omke oan diz kant it spoar. 't Wie Japik-om. Dy hie hwat buorkerije en in winkel. Oan 'e oare kant it spoar wenne in âld minske, dat helle alle jounen molke by Japik-om wei. Dan gong se mei Japik-om yn 't bûthús. Dan bifielde en bitaestte se alle seis bisten en dan sei se: "Hwat is dat in moaijen ien en hwat is dat in prachtich bist." Sa...
nl.verhalenbank.17359
Willemke bitsjoende ek it fé. Se woarde noait by 't fé litten, dêr wienen de lju fjûrbinaud foar. Yn dat plaetske by 't Heideloantsje, dat ik niis neamde, dêr ha se 't fé ek al ris bitsjoend hawn. Alle beesten rekken dêr siik. Ik wyt net mear hwa't de tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.34624
In tsjoenster kin noait fet krije op guon mei in bibelse namme. Paulus, Jakob of Adam ensa. Ik bin út 'e skrift, sei ús heit. Dat wie in Paulus. My dogge se neat.
nl.verhalenbank.22092
Wie de tsjerne bitsjoend en woe 't net bûterje, dan gong men nei Wopke ta. Dy joech dan guod mei en goeije ried.
nl.verhalenbank.34627
Ik hew in friendin had, die haar beppe kon 't ook, seiden se. Ik hew nooit bij dat minske west, want ik was fuurbang der feur. Die vriendin fan my is helemaal útsukkeld. Haar eigen beppe had it daan.
nl.verhalenbank.24296
As der in tsjoenster by de bargen west hat, dan wol it hiele hokfol bargen net mear ite. Alde Mekke Tryn wie sa'n tsjoenster. Guon woenen har net by de bargen ha. Hwant dan gongen de bargen der oan. Hja hie de kweade hân.
nl.verhalenbank.20351
Yn 't Wêst fan Bûtenpost wenne Frits Klunder. Dy syn wiif koe tsjoene. Tiet de Haen hyt se, se leeft nòch. De minsken ha har faek forwiten dat se in tsjoenster wie. Yn 'e Harkema hat se in frommeske bitsjoend.
nl.verhalenbank.30958
Krijt men kofje by in tsjoenster, dan mat men der om tinke en jit earst hwat út it kopke wei. Dan kin men de kofje fierder gerust opdrinke. Dan komt der jin neat mear fan oer.
nl.verhalenbank.25833