137 datasets found
Place of Narration: Surhuizum
Jan Hepkes syn omke, dat wie âlde Bindert Feikes. Dy syn forhalen wienen ek al wakker fan itselde slach. 't Siet yn dat folk. Wy stienen us yn Doezum yn in winkel. Wy wienen dêr oan 't modderfarren. Dêr komt Bindert ek by Steffen ta de doar yn. "Hwat is 't ûnwarich, net?" sei ien fan uzes. "Ja," sei Bindert, "ik en Feike (syn soan) kommen us mei in fracht...
nl.verhalenbank.23679
Under Surhuzum - tusken de nije húshâldskoalle en de moune roan altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals, seinen se.
nl.verhalenbank.29432
Myn omke Aen Nicolai (in broer fan mem) gong ris nei Droegeham nei de faem ta. Doe't er oan dikke Marten ta wie moest er dwarsoer, oer planken, dy't oer de sleatten leinen. Doe woarde omke dêr samar ynienen opnom en oer de sleat smiten. Hy hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.29426
Heit roan ris in kear fan 'e Harkema nei Drachtster Kompenije. 't Wie op in joun. Hy kom de Folgerster loane del. Doe kommen dêr allegear ljochtsjes oan. Heit woarde kjel. Hy tocht: hwat wy nou bileve sille, wyt ik net. Mar even letter wienen dy ljochtsjes ek wer fuort. Heit fortelde 't oan oaren hwat er sjoen hie. In skoftsje letter kom dêr de tram lâns.
nl.verhalenbank.28738
Swellenêsten meije net útroege wurde, hwant in swel bringt gelok oan. In swel is in heilige fûgel en as men dy leed docht dan sil men sels ek leed ûnderfine.
nl.verhalenbank.35999
Ik haw in swager yn Eastemar wenjen hawn, dy is letter nei Amerika ta gong. Dat wie Jan Klomp. Hy wenne oan 'e Langeastloane. Hy fortelde my us: In boer fan Eastemar moest us nei Ljouwert ta om jild op to heljen. Der wienen guon dy wisten dêrfan en dêr wienen twa man by, dy loerden op him. Dy roannen him de jouns tomjitte. Sy wienen oan Swarteweisein ta....
nl.verhalenbank.23686
Dûmny Pekelharing hat gâns hwat jierren yn Surhústerfean stien. Op in kear kom er yn in spitkeet to Feansterheide. Dêr hienen se skjûden yn 'e stookpot en it rikke dêr hiel bot. "Jonge, jonge, jonge", sei doomny. "Hier kan de pekelharing wel eens een bokken worden."
nl.verhalenbank.23692
De poepen dy't hjir kommen to meanen hienen in greate pot mei sûpe by har op 't lân. Dêr dienen se in kikkert yn, dan skeat dy sûpe noait gear.
nl.verhalenbank.23693
Jille van der Veen syn heit fan Gerkeskleaster koe net ta stjerren komme. Doe fregen guon: "Hat er ek hwat oan him, dat op snein naeid is?" "Ja," waerd der sein, "hy hat in knoop oan 't boezeroen, dy is der op snein oanset." Doe ha se dy knoop der ôf snien, en hy stoar samar.
nl.verhalenbank.23687
Ik haw ienkear yn myn feintejierren by in wiersizter west yn Ljouwert. Myn kammeraet wie by my. De kaertlizter siet by ús en lei de kaerten út inoar. Doe siet se in skoft foar har út to sjen neidat wy in kaert lutsen hienen. Op 't lêst sei se tsjin my: "Jo trouwe earder as jou kammeraet." Mear woe se net sizze. Wy koenen neat mear út har krije. Mar...
nl.verhalenbank.35998
Sterke Hearke fan de Ham wie ûnder tsjinst. Dêr hied er in greaten hekel oan. Hy woe graech ûnder tsjinst wei. Hy wie by de marine. Der leinen hiele greate ankers by de kaserne. Dêr wie ien by, dat wie it allerswierste, dat koe net ien optille. Op idere hoeke koenen jy der hûndert poun op lizze. Doe frege Hearke oan 'e kaptein, as se him út 'e tsjinst...
nl.verhalenbank.28739
Sytse Jager fan 'e Harkema wie op in joun by in keppeltsje jongfolk. Hy hie hwat drank hawn. Doe moest er út 'e broek. Hy gong achter de dyk sitten, doe woarde er samar opnom en oer de dyk hinne smiten. Sytse wie in rûch man. De oaren trouwens ek. Piter Loas wie ek by it keppeltsje.
nl.verhalenbank.29427
Klaes Laenstra fan Koartwâld wie ris op in joun mei syn frou yn 'e Koaten. Dat wie yn 't bigjin fan har trouwen. Doe kom der in great swart ding by harren, se seinen dat wie in pleachbeest. It roan stiif by harren lâns en sy koenen it net kwyt wurde.
nl.verhalenbank.29433
Der wie in man yn 'e Harkema, dy gong elke moarn bitiid nei Eastemar ta to arbeidzjen. Syn paed gong oer de Dunen, dêr wied er goed trije ûre yn 'e moarn. Der wienen twa, dy wisten dat en dy tochten: Wy sille him ris bang meitsje. Sy dienen in wyt lekken om en sa gong de iene op 'e oare stean. Doe't de arbeider se seach, sei er: "Ik ha wolris twa op...
nl.verhalenbank.29425
Yn 'e Harkema, seinen se altyd - roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.29431
Jan Wouda fan 'e Keale Wei hat in wikseldaelder. Hy hat altyd presys in daelder yn 'e bûs. As hy der hwat fan útjowt, it is fuortdaelks wer in daelder. Sy fregen him us: "Hoe hast dy krigen?" "Dan mast dy oan 'e duvel forkeapje", sei er.
nl.verhalenbank.23685
Frijmetselders ha har oan 'e duvel forkocht. Sy krije jild fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.23684
To Hurdegaryp mat in hekke wêze, dy't se noait ticht hâlde kinne.
nl.verhalenbank.23690
Jan Hepkes handele yn hûden. Hy biwearde, hy hie ris in kear yn Surhústerfean de kop fan 't harspit ôfmeand. Dêr fornom er neat fan. Hy meande der like goed om troch en de seine mankearde neat oan.
nl.verhalenbank.29430
By de dikke ikebeam oan 'e betonwei yn 'e Harkema, spûke it ek. Allerhande lju ha dêr hwat sjoen. Wy hawwe yn 'e Harkema in kostgonger hawn, dy seach der hwat dat like op in swart beest. It hat him achternei sitten. Hy switte as in oandrager op 'e fyts.
nl.verhalenbank.29424