148 datasets found
Place of Narration: Oudega
Der binne ûnderierdske gongen, dy bigjinne by 't kleaster to Smelle Ie en dy komme op 'e Eibertsgeasten wer út.
nl.verhalenbank.15718
Op in oare kear soe Hantsje fan 'e pleats ride mei hynder en seas troch it lån fan Rein Klazes Hettinga, in âlde boer. Rein Klazes woe hem de reed forbiede. Hy gong op de sletten hikke hingjen. En hy woech der nochal yn! Hantsje stapte út, naem de hikke mei de boer der oan op en sette him oan de kant. Doe wer op seas en fuort.
nl.verhalenbank.50536
Us mem hat foar har trouwen by in boer wenne, dêr't de keallen altyd dea gongen. Doe gong dy boer nei Antsje Duvelbander ta. Dy frege him of der ek jonges by him yn 'e hûs wienen. "Ja," sei de boer, "wol trije." "Dan matte dy jonges mar us in joun of hwat oppasse. Hwant der sil in dikke kat foar de koegleskes lâns rinne. Dy kat matte se de poaten brekke....
nl.verhalenbank.15693
As de mearminnen by it roer opklatteren, dan koe de skipper der mar fan op oan dat der min waer op til wie. As de skipper forliefd waerd op in mearminne, dan luts se him yn 'e sé en hy fordronk. As se op sé in mearminne sjogge wurde se bang. Hwant dat bitsjut meastal dat dan it skip forgean sil.
nl.verhalenbank.17047
By Hattum de Vries yn it loantsje spoeke nachts altyd in wyt wiif. De minsken doarsten dêr nachts noait to kommen. Hwant sy waerden dêr stadich troch dat wite wiif oan kant treaun nei de dobbe ta. Sûnder dat se it sels fornamen kommen se yn 'e dobbe torjochte.
nl.verhalenbank.17053
As bern op bêd pisje, mat men hinnegean en set in fleske mei 't wetter fan dat bern in nachtlang by in lyk yn 'e kiste. Mei myn skoansuster fan de Pein ha se dat ek dien. Dy pisse as bern altyd op bêd. Doe rekke har pake wei. Se setten it wetter fan 't bern by him yn 'e kiste en sûnt hat se noait wer op bêd pisse.
nl.verhalenbank.12473
Der wie us in koopman, dy woe in hynder keapje fan Sterke Hearke. Doe gong er nei it doarp ta, dêr't Sterke Hearke wenne. Doe stie dêr in boer op 't lân to ploeijen. Hy frege dy boer, hwer't sterke Hearke wenne. Doe spande dy boer it hynder út en krige de ploege by de sturt beet, tilde him op en hy sei: "Dêr wennet er." En hy wiisde mei de ploege nei in...
nl.verhalenbank.17052
Doe't ik noch net troud wie, haw ik yn Dútslân melkersfeint west. Dêr wie ek in Italiaen. Dy koe fan alles. Hy foroare samar in glês bier yn wetter. Ek ha 'k it sjoen, dat er in okshoofd fol wetter, dat ûnder 'e goate stie tusken tûm en finger beet krige en sa optilde. Hy stjûrde de boer nei de stâl ta en sei: "Dû mast de stront oprêdde," en de boer...
nl.verhalenbank.17046
Us folk hie in winkeltsje. Martens Ale kom der faek om boadskippen. Mar sy betelle hast noait. 't Gong hast altyd op in boargjen en dan joech se wol gauris in pand; in âld panne of sa. Op in kear fortelde se: "Fan 'e moarn seach ik op it paed in protsje swart guod lizzen en dat sei tsjin my: 'Silst der ek hwat oan dwaen?' Ik sei: 'Né duvel!' En fuort wie...
nl.verhalenbank.15679
(Folkert de Haan fortelde it bikende 'Pealtsje fan Easterlittens' mei dit forskil fan it tradisionele, dat de skuonmakker dreamde, syn gelok soe er fine op 'e brêge fan 'e Wurdumerdyk to Ljouwert. Der woarde net by forteld dat der noch in twadde pot mei jild ûnder de earste siet.)
nl.verhalenbank.15692
Der binne hoepelslangen. In slang foarmet dan in hoep fan syn lichum en sa rollet er krekt as in hoep. Dan kin er ôfgryslike hurd fuortkomme. Der binne slangen mei kroantsjes en dy kinne fluitsje. As er dat docht, dan komme der samar in hiel soad slangen, en dan is it net bêst as der in minske yn 'e buert is. Hwant dy falle se meielkoar oan. Sy omsingelje...
nl.verhalenbank.15719
It wienen hjir froeger allegear sânpodtsjes. Dy hienen in foarsjonger. As dy bigong to sjongen, dan folge it hiele koar fan podden. It wie in prachtich lûd.
nl.verhalenbank.17050
Yn Sumar wennen twa bruorren, dy skreauwen har Houwink. Op in joun soenen se to melken nei in stik lân, dat lei tusken Sumar en Eastemar. Doe seagen se dêr hwat wyts oer dat lân sweven, dat wie fan ûnderen swart, en dat gong almar hinne en wer. De beide bruorren woarden sa bang dat sy binne weromgong en ha dêr noait wer west to melken. It lân forkochten se.
nl.verhalenbank.17044
Martens Ale to Aldegea wie mei de helm geboaren. Dy seach bigraffenissen fantofoaren ensa. Op in kear seach se in lykstaesje oer't lân kommen, doe't dat allegear noch wetter wie. In skoftsje letter stoar in dochter fan Hindrik de Vries. Dy minsken wennen yn 'e polder en moesten oer 't wetter, oars koenen se net op 'e wei komme. It lyk moest mei de bok...
nl.verhalenbank.17045
Reuzen groeven rounom fearten. Dat dienen se mei in heale bollepream as skeppe.
nl.verhalenbank.17051
Fan tolve jonges is ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.15691
Der wie etlike jierren lyn in fanke yn Aldegea útfanhûs, dat kom fan Tsjalbert. It wie mei dat fanke lang net yn oarder, sy die it raer en foel der soms samar hinne. Martens Ale woarde der by helle en dy sei, it bern wie bitsjoend. Der wienen tsjoensters út Tsjalbert mei it bern hjir kom, biwearde se. Dy foroaren har nou us wer yn eintsjes, dan yn roeken...
nl.verhalenbank.15722
Der wennen in âld-feint en in âld-faem njonken ús. Dy hienen in âld-houn, dy't se al jierren hawn hienen. Op in joun seagen wy dy âld houn achter hûs sitten mei de kop nei 't oasten ta en spûkgûle dat er die, 't wie hast net om oan to hearren. In pear dagen letter rekke har buorman Jan, dy't oan 'e oastkant wenne, ûnforwacht dea.
nl.verhalenbank.15695
Ik haw us in kear in fjûrbol sjoen op 'e wei nei Garyp. Hy kaem út 'e loft wei en gong earst oer 't lân en rekke doe yn 't wetter, dêr't er weiwoarde. Mar hwer't soks op tsjut, dat wyt ik net.
nl.verhalenbank.17055
De frijmitselders mitselje samar in hûs klear yn ien nacht. Se bigjinne der de nachts mei en de oare moarns stiet it der. Mar moest der hjir of dêr soms noch in plankje of sa by, dat se forgetten hienen, dan hie dat gjin spikerhâld. In oar koe't der net oan timmerje.
nl.verhalenbank.17069