148 datasets found
Place of Narration: Mûnein
By Bennema-State to Hurdegaryp wie in hekke dy't altyd iepen stie. Hja ha der wol in slot op dien mei swiere kettings. Dat joech neat, even letter wie de hekke wer iepen.
nl.verhalenbank.30349
De potskippers fan Sumar dy skreauwen har van der Meer; dy wienen ôfgryslike sterk. Ien fan dy mannen dat wie Sjoerd van der Meer. It gebeurde mei Burgumer merke. Hy siet yn 'e kroech en dêr siet ek in sekere Freark de Vries, dat wie in slachter, dy kaem fan 'e Folgeren. Dy slachter dat wie in grouwe keardel, dy woech wol 200 poun. Dy slachter woe dêr it...
nl.verhalenbank.30348
Trape men op in pod, dan bigoun it to tongerjen.
nl.verhalenbank.30360
Hil Murd fan 'e Sumarreheide wie in tsjoenster. Bern mochten net heal hwat fan har oannimme. Op in kear wie der in famke, dat krige in apel en in par fan Hil. It bern woe se mar gau opite, mar dat kearde har mem. Dy ûntnaem it bern de apel en de par en doe lei se dy yn in panne del. Se die it lid der op. De oare deis sieten der in grouwe pod en in kikkert...
nl.verhalenbank.30566
Dyselde Feddema wenne oan 'e Tienewei ûnder Broeksterwâld. Op in joun doe wie er wer oan 't murdejeijen, dan kaem er by in boerepleats, dêr yn 'e buert. Doe stapte dêr in frommes om 'e pleats hinne. Hy tochte: hwat mat dy dêr nou noch sa let yn 'e nacht. It makke him nijsgjirrich. Hy woe witte hwa't dat wie. Doe't er op in koarte distânsje der by wie,...
nl.verhalenbank.30028
Op 'e Sumarreheide wennen twa minsken, dy werkten noait. Se dienen noait in slach. Hoe koe dat sa? Hja hienen in wikseldaelder. Jowe se sa'n wikseldaelder út, dan komt er altyd werom. Sa'n wikseldaelder komt fan 'e duvel. Dy't in wikseldaelder hat, is oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.30362
Der wienen twa reuzen, in heit en in soan. Dy groeven de Rijn. Hja seinen neat, hwant de heit sei: As men praet kin men net arbeidzje. Hja wienen al in lyts eintsje oer de Nederlânske Grins foarby Lobith, op nei Pannerden. Doe bigoun de soan to praten. "Heit - " sei er. Doe sei de heit tsjin syn soan: "Astû net in pear hûndert jier dyn mûle hâlde kinst,...
nl.verhalenbank.30174
't Wie yn 'e tiid fan 'e rúzjes tusken Skieringers en Fetkeapers. Greate Pier wie oan 't ploegjen op it lân. Doe kommen der guon by him, dat wienen fijannen. Dy koenen him net, mar se woenen graech witte hwer't er wenne. Doe tilde Pier de ploege op en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er." Doe waerden dy mannen sa bang foar sa'n sterke keardel, dat hja...
nl.verhalenbank.30175
As der froeger in fûgeltsje tsjin 'e glêzen oan fleach, dan leaude men fêst dat der yn dat hûs ien kaem to forstjerren.
nl.verhalenbank.30565
Op in nacht, doe lei de dauwe hiel leech oer it fjild. Doe seach dyselde Feddema in sémearmin krekt mei de holle boven de dauwe útkommen. It lange hier hie dúdlik to sjen west. (Dêr sit noch in forhaeltsje oan fêst: 't Hie feest west yn Mouneein. In jonge fan sa'n sauntjin jier kaem de jouns let werom fan it feest. Der lei in swiere dauwe oer 't lân. Hy...
nl.verhalenbank.30029
To Hurdegaryp stie it slot fan Bontekoe. Dêr wie in hekke by dat slot dy koenen se nachts noait ticht hâlde. Der wienen ûnbikende machten dy makken him wer iepen.
nl.verhalenbank.36464
As men in pod deatrapet, dan komt der tonger, waerd ús froeger sein.
nl.verhalenbank.30549
As de bern jouns yn 't tsjuster noch bûten binne, sizze de minsken: "Toe gau, yn 'e hûs komme, oars pakke de walhounen dy."
nl.verhalenbank.30171
Der wie in boer, dy hie in hiel âld pleats. Dy wie sa min, dat de muorren koenen 't hast net mear hâlde. Dy boer woe o sa graech in nije pleats ha, mar dêr hied er gjin jild foar. En dat wist de duvel. Doe't dy boer in kear allinne op 'e wei om roun kaem de duvel njonken him to rinnen. De duvel wist alles fan 'e boer syn swirrichheden. Hy sei: "Forkeapje...
nl.verhalenbank.30038
Greate Pier wie ris op in kear oan 't ploegjen. Doe kaemen dêr in pear soldaten by him, dy fregen him hwer't greate Pier wenne. Doe krige Pier de ploech mei ien hân beet. Dêr wiisde er mei nei syn hûs wylst er him optilde. Hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.36463
Yn Sumar wenne in greate boer Jan Algra. Dy boer hie altyd swellen yn 'e pleats simmers. Dêr wie er o sa bliid om, hwant syn frou sei: "As dy swellen der net binne, dan brânt de pleats op."
nl.verhalenbank.30562
Der wie in matroas, dy hiet fan Hanne Wouters. Dy matroas fortelde op in kear oer in sémearmin. Dat wie in wezen, heal minske, heal fisk. Op in kear doe't er op it skip wie hied er sa'n sémearmin sjoen. Alle minsken op it skip hienen binaud west. Mar hy, Hanne Wouters, wie nei 't kanon ta gong en doe hied er dy sémearmin deasketten. Doe wie dêr in oare...
nl.verhalenbank.30172
Yn Trynwâlden wenne in man dy liet âlde roeken ta de hurddobbe útkomme. Hy lies dêrby yn in toverboek. As er itselde weromlies gongen de roeken wer ta de hurddobbe yn.
nl.verhalenbank.30173
De tsjoensters dy't op Sumarreheide wennen koenen op in biezemstôk troch de loft fleane, waerd der sein.
nl.verhalenbank.30359
Tsjoensters, dat binne oerdei froulju, mar nachts foroarje hja har yn swarte katten. Men hat sa'n kat wolris rekke, dan wie der de oare deis in frommes kreupel.
nl.verhalenbank.36607