199 datasets found
Place of Narration: Jistrum
Anders Potsje (= A. Reitsma) fan Jistrum koe de huzaren ta de hurddobbe út marsjeare litte.
nl.verhalenbank.34503
In nachtmerje biskôgen se froeger as in fromminske, dat troch 't kaeisgat kom.
nl.verhalenbank.20589
Tsjoensters matte yn sawn jier tiid op syn minst ien deatsjoene. Oars geane se der sels oan. Se foroarje har faek yn in swarte kat. As se sa'n kat in optuter jowe, rint de tsjoenster de oare deis kreupel. As se de krânsen yn 'e koekpanne opbakke, dan hat de tsjoenster it gesicht forbrând.
nl.verhalenbank.37208
As der in houn spûkgûlde yn Feanwâldsterwâl leaude men fêst dat der mei gauwens ien yn 'e buert stjerre soe.
nl.verhalenbank.37220
Doe't myn broer op 'e Iest (yn Jistrum) kom to wenjen, doe hong dêr oeral duveldrek boven de doarren. En ek yn 'e finsterbanken wie duveldrek. Sy mienden dat de duvel dan net yn 'e hûs of yn 't bûthús komme koe. Wy brûkten it foar de keallen en wy hienen 't ek wol yn 'e bargetroch. Wy kochten it yn Drachten, by David Flud (= D. de Vrieze). As wy seinen:...
nl.verhalenbank.22836
Yn 'e Twizeler Mieden wenne froeger Gearte Wekke. (Letter hat Jelke van der Valle yn dat hûs wenne) Wekke seach bigraffenissen fan tofoaren. Sy moest der dan nachts út. Sy koe ûnmooglik lizzen bliuwe. Soms moest se hiele einen fuort om to sjen. As se it dan sjoen hie dan sei se de oare deis soms: "Dy en dy stjert gau. Ik ha de bigraffenis sjoen. En ik haw...
nl.verhalenbank.22765
Der wie in faem, dy wenne yn 'e Twizelermieden, fuort by de Hamsterfeart. Dy moest bifalle fan in bern, mar dat bern hat noait ien sjoen. Letter wienen se oan 't hakjen yn 'e groun, en doe ha se 't bern opgroeven. By 't opdollen rekke de hân der ôf. Men hat de faem der fan biskuldige, dat hja 't bern fan kant makke hie, mar sy koenen 't net biwize, dat sy...
nl.verhalenbank.22759
Sterke Hearke wenne yn 'e Ham. Trije man sochten him op, dy woenen wite hoe sterk hy wie. Doe fregen se in man dy wie op it lân oan 't ploegjen mei in pear hynders. Se fregen him of hy har ek fortelle koe hwer't sterke Hearke wenne. It wie in sturtploech dy't Hearke brûkte. Hy krige de ploege mei ien hantfet beet, tilde him op en sei: "Dêr wennet er, en...
nl.verhalenbank.24499
Japik Ingberts hie allerhande kattekwea úthelle. It gerjocht fan Ljouwert socht om him. Doe ried it gerjocht mei in glêzen wein de Grinzer Strietwei del en sa kommen se by it Boskhûs op Burgumerheide. Doe stie dêr in mantsje op 'e wei, dy frege de koetsier hwer't de reis hinne gong. "Wy sille nei Twizel," seinen se, "hwant wy sille Japik Ingberts sjen to...
nl.verhalenbank.33683
Oene Knoffelder roan mei in kuorke mei snypsnaren by de huzen lâns. Sa moest er oan 'e kost komme. Ik hie ek us in euvel. Oene krige in kopke mei kâld reinwetter, die dêr in bytsje fan oan 'e fingers en struts dêrmei oer it plak hinne. Ik wie klear. Oene hie iiskâlde hannen altyd.
nl.verhalenbank.23123
Sterke Hearke wenne to Droegeham. Hy wie op in kear mei de hynders op 't lân. Hy bistjûrde de ploech. Doe kom der ien by him, dy moest him ha, mar hy koe him net. Dy sei: Hwer wennet hjir Sterke Hearke? Doe hie Hearke de ploech mei ien hân optild en rjochtút stutsen. "Dêr wennet er", hied er sein.
nl.verhalenbank.33456
Yn Twizelerheide wenne in âld minske dat koe har yn in swarte kat foroarje. Hja bitsjoende oare lju. Hja tsjoende krânsen yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.33442
Ik haw yn 't wurk west yn Wikel by in boer, in sekere Atsma. Ik hie in maet by my en wy sliepten togearre yn 't bêdsté yn 't bûthús. Doe sei de boer tsjin ús: "Hearre jim wolris hwat nachts? Us foarige feint woe hjir net langer bliuwe hwant der wienen nachts altiten lûden yn 't bûthús. Mar ik ha jim dêr net oer heard." Doe sei myn maet: "Fannacht haw ik...
nl.verhalenbank.37195
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Neffens de forhalen mat der noait ien leefd ha dy't sa sterk wie. It gebeurde alris, doe wie er op 't lân oan 't ploeijen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him hwer't Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploech beet en stuts him mei de iene hân rjocht foar him út en doe sei er: "Hjir stiet er en dêr wennet er." Hy...
nl.verhalenbank.34488
Hy hat arbeider west by in boer. Der mat it alris gebeurd wêze dat twa sterke hynders in foer dong dat op 'e wein laden wie, net út it skerngat wei krije koenen. Doe hat Hearke de wein der pûr-allinne útlutsen mei dong en al.
nl.verhalenbank.34489
Yn 'e Burgumermar hawwe guon alris ien om 'help' roppen heard. 't Wie in frouljuslûd, fortelde heit. Letter is dêr op dat plak in frommeske fordronken.
nl.verhalenbank.37194
Sterke Hearke wie ris op in kear oan 't ploeijen op it lân. Der kaem in man by him, dy frege him of er ek wiste hwer't Sterke Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploege yn 'e hân, dy stuts er rjochtút en hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.33443
In suster fan my, doe't dat in fanke wie, hie se har foet forknoffele. Doe brocht ús mem har nei Oene Knoffelder ta. (Oene Kempenaar wie syn namme) Hy wenne yn Twizelerheide. Mem wie deabinaud foar him, hwant hy hie fan dy reade egen. Mem doarst him net oan to sjen. "Ik mat hwat reinwetter ha", sei er. Doe die er hwat fan dat kâlde wetter tusken tûme en...
nl.verhalenbank.23122
Der wenne nòch in sterke keardel yn Droegeham. Dat wie Germ de Vries. Dy mjokse mei in houten skytskoffel. Dy die er earst fol stront en dan stuts er him rjochtút.
nl.verhalenbank.33457
In wikseldaelder is in ryksdaelder. Dy kriget men fan 'e duvel. Men mat him noait hielendal útjaen. As hâldt men der mar in dûbeltsje fan oer, dan is 't al goed. Even letter is 't wer in ryksdaelder.
nl.verhalenbank.24498