Iense Boomsma wenne hjir op 'e Boelensloane. Hy wie mei de helm geboaren, seinen se. Hy moest alle lykstaesjes sjen.
Yn Grinzer Pein wennen minsken yn in hûs, dêr spûke it.
Yn 'e kelder hienen se brún-stiennen skiepmelkerskoppen. Dêr woarde altyd op skreaun. It doogde net yn dy kelder. De man dy't dêr wenne, hat yn 'e kelder oan 't graven west, hwant hy tocht dat dêr in deaden yn lei, dy't in bigearte hie, mar hy hat neat foun. Hwat dat west hat mei dat skriuwen binne se noait gewaer woarn.
Yn 'e Harkema wenne in frou, dy foroare har yn in hountsje.
Dat fleach dêr dan bûten om en dan kifte it sa'n hiele joun.
Ik haw ris op in nacht by de hulzene hage (by it Blauhûs) hwat donkers sjoen, dat biweegde, mar hwat it wie, dat wit ik net. Ik ha doe noch in stik út 'e hage weibrutsen, hwant ik woe wite hwat it wie, mar doe wie 't al fuort.
By de hulzenehage tichte by 't Blauhûs, op 'e ein fan 'e Boelenswei roan altyd in wjerwolf mei in dinkje om 'e hals. As jy dy wjerwolf troffen moesten jy dêr út ite, der siet in sleef yn. 't Wie in brijpot.
Ritske Bekkema hat hjir tichteby yn in húske wenne. Dêr wie wol gauris in fremde swarte kat by him om 'e doar hinne. Ritske sei: dat is âlde Jehannes' Wyts.
Wyts wie in tsjoenster. Doe krige Ritske op in joun it gewear en doe skeat er dy kat.
De oare deis hie âlde Jehannes' Wyts in kreupele skonk.
Hearke wie oan 't ploegjen op it lân. Doe kom der in man by him, dy moest nei in sekere persoan ta.
"Kinne jo my ek sizze hwer't dy wennet?" frege er Hearke. Hearke stuts de ploege rjocht foar him út en wiisde dêr mei nei in hûs. "Dan matte jo dêr mar ris sjen", sei er.
Yn Drachtster Kompenije wienen 't froeger allegear bartsjes. Dêr wenne yn dy tiid in man, dy moast der nachts wit hoe faek ôf, dan moast er lykstaesjes sjen. Dan roan er de feart del oer al dy bartsjes hinne. As er it dan sjoen hie gong er wer op hûs ta. Hy wist altyd krekt hwa't der stjerre soe. 't Kom grif út. Even letter stoar deselde dan, dêr't hy de bigraffenisstoet fan sjoen hie. Wy wennen doe ek yn 'e Kompenije.
Hearke hie in dochter Rixt, dy wie ek tige sterk. Dy hat op in kear har frijer deaknypt. Hja hie forkearing mei dy feint hawn. Doe moest se in bern fan him ha. Doe sei se dat tsjin him, en doe makke dy feint it út.
In skoft letter trof se dy feint yn in herberch. Dêr wie doe dounsjen. Hy frege har oft se mei him dounsje woe. Doe rekken se oan 'e gong. Doe sei se tsjin him: "Hwat hâld ik dochs fan dy!" En sy sloech him de hannen om 'e middel hinne. Mar dat kom sa bot oan dat sy knypte syn hiele ribbekast yn elkoar. De feint rekke dea.
Hearke rekke ûnder tsjinst yn den Helder. Dêr kom er wolris yn in herberch. Yn dy herberch kommen ek geregeld mannen fan 'e marine. Dat wienen greate opskeppers en de kastlein hie in soad lêst fan 'e mannen. Doe sei dy kastlein ris in kear tsjin Hearke: "Kinne jo my ek fan dat folkje ôfhelpe?"
Hearke sei: "'k Wol 't wolris bisykje." De oare sneins kom Hearke dêr mei in maet. De marinemannen wienen der ek wer. Hearke gong yn 'e taep stean en syn maet by de útdoar. Doe't de mannen it wer yn 'e kant setten sei Hearke tsjin syn maet by de útdoar: "Klear?" "Ja", sei dy.
Doe krige Hearke sa'n marineman beet by kop en kont en smiet him nei syn maet ta en dy smiet him bûtendoar. Mei de twadde die Hearke krektengelyk en doe wie de herberch samar leech. Alle marinemannen wienen der út.
Se kommen letter net wer. De kastlein wie der fan forlost.
Reade Kees en Gjert woenen ris ien bangmeitsje. Dyselde moest by de tsjerke yn Drachtster Kompenije lâns. Doe gongen se boppe op elkoar tsjin 'e muorre fan 'e tsjerke oan stean mei in wyt lekken om har hinne.
Doe't dyselde dêr lâns kom, sei er: "Ik ha wolris twa boppe op elkoar sjoen, mar noch noait trije."
Doe woarde dy ûnderste sa binaud, dat hy sprong der ûnder wei en doe plofte de oare del.
Se naeiden beide hurd út.
Boardzer Bruining fan Houtigehage wie mei de helm geboaren, dat wie algemien bikend. Dy seach ek altyd lykstaesjes.
Skoanmem wie ris in kear by Arend Bron ûnder Oerterp. Dat wie noch hwat famylje. Wylst mem dêr wie, gong de doar trije kear iepen, sûnder dat der ien wie. Mem die de doar hyltyd wer ticht. De trêdde kear sei se: "Duvel, nou silst ticht bliuwe!"
Doe't se 't wurd 'duvel' brûkt hie, bleau de doar ticht.
