109개 데이터셋을 찾았습니다
Dutch Keywords: man Place of Narration: Drachten
Op 'e Suderdwarsfeart hjir to Drachten hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest alle bigraffenissen út 'e omkriten sjen. Dêr moest er wit hoe faek om fan bêd ôf.
Der wie in sunige boer, dy hie by de houtforkeaping in persiel beammen kocht. Hy en syn feint prebearren togearre de beammen op 'e wein to krijen, mar dat koenen se net oprêdde. Tafallich kom krekt Sterke Hearke der oan. Dy seach wol dat de mannen yn forlegenheit sieten en dêrom sei er: "Ik sil jim helpe mannen. As ik nou de swiere ein nim en jimme...
Mannetje Tinderlanteen en de frou Isebel wennen ûnder in pispot. It mantsje giet to fiskjen en hy fangt in prachtich moai gouden fiskje, en dat fiskje sjocht him sa oan en smeekt him, dat it wol sa graech wer yn 't wetter, dat hy krijt meilijen en smyt it der wer yn. It fiskje komt wer boven en seit: "As dank meije jo trije winsken dwaen." Mannetje...
Piter de Graaf wie mei de helm geboaren. Hy wenne op 'e Suderdwarsfeart by de âlde sûkerfabryk. Nachts gong hy der faek op út om bigraffenissen to sjen.
Der hat hjir in man wenne, dy sei altyd, hy soe hjir nochris ûnforwacht weireitsje. Op in kear joech er de kij twa ammerfollen wetter. Doe't er dat dien hie soed er wer op 'e mjilling stappe, doe sei er: "Dêr ha jy 't gedonder al." En dea wied er.
Der wie in dûmny, dy hie in grouwe baerch yn 'e skoarstien hingjen. Achter de pasterije stie in âld hûs, dêr wenne in greate húshâlding yn. 't Wie dêr earmoede en de bern gongen faek mei honger op bêd. Doe ûnthelle op in nacht de heit fan dy bern dûmny dy bêste baerch. Dûmny hie wol formoedens hwa't it dien hie, mar hy koe neat biwize. Hy frege it âldste...
Der wie in earm mantsje, dy fong in papegaei, dy't útnaeid wie. Doe sei dy papegaei: "Ik gaf wel honderd gulden als ik mijn baas maar weer had." Doe't dat mantsje dat hearde, tocht er: "Dan bring ik him gau toplak." Hwant hy wist wol fan hwa't de papegaei wie. De baes wie bliid dat er de papegaei wer hie. "Hwat bileanning matte jo ha?" sei er. Doe sei dat...
Ergens stie in slot. De hear en de frou wienen útfanhûs. It personeel wie allinne mar thús en dy moesten op it slot passe. De fijân fan 'e slothear dy wist dat en tocht: nou matte wy ús slach slaen. Doe kaem dêr op it slot in man, dy hie in great pak op 'e rêch. Hy praette mei de faem en frege of dat pak dy nachts wol yn 't slot lizze mocht. De faem sei,...
't Gebeurde yn froeger tiden op in nacht dat in frou allinne de kant fan Beetstersweach út wei kaem. Hja moest nei Drachten ta. Hja wie bang allinne yn 'e nacht, hwant men hearde de lêste tiden fan rare dingen. Yn Drachten wenne in tige biruchte ynbrekker en moardner, dat wie Biesterfeld. Dy wie krekt loskaem út 'e gefangenis. It minske wie bliid doe't...
In man en in frou hienen nei tsjerke ta west. Doomny hie preke oer Job en syn geduld. De preek hie gâns yndruk makke op de beide minsken en ûnderweis praetten se der nochris oer nei. Doe sei de man: "Dû matst hjir even op my wachtsje. Ik mat even út 'e broek." De frou wachte, mar doe hearde se ynienen in freeslik geflok en kettermintsjen achter 'e boskjes...
Heit fortelde: Omke Gjert fan Sumarreheide wie op in nacht op in paed. Doe seach er in neaken berntsje foar him op rinnen. Hy tocht: - hoe komt dat berntsje hjir, ik mei 't wol gau mei nimme - Mar doe't er dat berntsje pakke soe, doe fleach it yn in dobbe. En 't wie wei.
In man en in frou, dy wennen yn in soarte fan hutte yn 'e wâl. Se hienen it och sa earmoedich. De man mocht graech fiskje. Hy sei tsjin 't wiif: "Ik gean der mei de angel op út." "Och, hwat silstû to fiskjen dwaen", sei se. "As ik hwat fang, dan nim ik it mei," sei er, "men kin noait ris wite." Hy fangt in fisk, en dy docht er fan 'e heak. "Sjesa," seit...
Der stie froeger ris in man oan 'e Dwarsfeart en dy wie oan 't fiskjen mei in wjirm oan 'e heak. Doe komt dêr in plysje oan, dy seit: "Mei 'k jou fiskforgunning wolris sjen?" Doe sei dy man: "Ik bin net oan 't fiskjen!" Doe sei de plysje: "Hwat dogge jo dan mei in wjirm oan 'e heak." Doe sei er: "Dy wjirm lear ik it swemmen." Doe sei de plysje: "Dan matte...
Omke Roel (= Roel Deelstra = Swarte Roel) wenne to Aldegea. Dy wie tige sterk. Dy sette samar even it aembeeld by Alle-smid (= A. Welling) út 'e smederij wei op 'e dyk. Mei man en macht moesten se it der wer ynhelje. It forstân gong net lykop mei syn kracht.
Op Stobbehoek, ek wol Teadehoekje neamd, tusken Drachten en Boarnburgum, is froeger in man formoarde woarn, in sekere Teade. Dêr is de namme Teadehoekje fan. De minsken doarsten dêr froeger net lâns omdat it dêr spoeke.
Der wie in bakker, dy bakte altyd to lichte bôllen. Mar hy paste der wol foar op dat it net sjoen woarde. Hy sette dy lichte bôllen altyd achter de goeije. Dy bakker hie ek in papegaei. As er fuort gong sei er altyd tsjin 'e frou: "As de kontroleur komt, achter binne de lichten." Doe kòm de kontroleur. En dy foun neat. De breaën hienen har gewicht, it wie...
It gebeurde dat Minne Simens op in sjerpfet stie to preekjen yn 'e iepen loft. It lid bijoech him en hy sakke der troch. Hy stie midden yn 'e sjerp. Alle gemeenteleden moesten him doe skjinslikje. Doe hat dat folkje foargoed de smaek topakken krige. Nei dy tiid hâlde alle menisten fan swiet. It binne echte swietbekken.
Ik ha froeger as boerefeint yn Goaijingahuzen tsjinne, dat leit tusken Grou en Headammen. Ik hie forkearing mei in faem yn Sumarreheide. Snein-to-jouns gong ik altyd nei de faem ta. Dan moest ik earst mei de boat nei de Headammen ta, hwant dêr wie allinne mar forkear oer 't wetter mooglik. Dêr yn 'e Headammen stie in herberch en dêr kocht ik dan earst...
Biesterfeld wenne op 'e Dwarsfeart. Elkenien wie binaud foar him, hwant hy stie nergens foar. Hy hie ien formoarde en dêr hied er foar yn 'e gefangenis sitten. Op in kear roan ús beppe de jouns let mei in man op. Hja kom fan Olterterp en moest nei de Drachtster Dwarsfeart. Hja praetten oeral oer togearre en sa rekken se ek oer Biesterfeld los. Beppe sei:...
Wytse Hountsje (= W. van der Wal) fan Sumarreheide wie froeger fédriuwer. Op in nacht fan tongersdei op freed, doe't er mei fé nei Ljouwerter merk ta soe, hat er in grouwe swarte houn sjoen, mei greate eagen. In great ketting sleepte achter him oan. Hy hat it my sels forteld. It doogde net mei dy houn.