조직
Keywords

검색에 일치하는 Keywords이 없습니다

Danish Keywords

검색에 일치하는 Danish Keywords이 없습니다

Dutch Keywords
더 많은 Dutch Keywords 보여주기
German Keywords

검색에 일치하는 German Keywords이 없습니다

Icelandic Keywords

검색에 일치하는 Icelandic Keywords이 없습니다

Place Mentioned

검색에 일치하는 Place Mentioned이 없습니다

Place of Narration
Narrator Gender

검색에 일치하는 Narrator Gender이 없습니다

close
6개 데이터셋을 찾았습니다
Dutch Keywords: kist Place of Narration: De Westereen
As de tried, dêr't it deadshimd mei naeid is, ôfbiten wurdt, falle de tosken út. De kaem dêr't it hier fan it lyk mei kjimd is, kaem mei yn 'e kiste. Brûkten jy dy letter sels, dan foel alle hier út. Dit sei oerbeppe.
Deselde dy't it deadshimd naeide moest de tried net ôfbite, hwant dan foelen de tosken út. As se it hier fan 'e deade útkjimden moesten se dy kaem net wer brûke, hwant dy't dat die, dy foel it hier út. Dy kaem moest by de deade yn 'e kiste.
Oan 'e Boppe-wei, op it plak, dêr't letter altyd de woanweinen stienen, sit in kiste mei jild yn 'e groun. Men hat prebearre dy kiste op to dollen, mar hwat djipper men mei de lodde kaem, hwat djipper dy kiste sakke.
Letter hie Jan Visser nòch sa'n gefal, nou mei syn eigen jonkje. Doe wie er al troud en hy wenne yn Kollum. Dat wie doe't syn jonkje stoar. Hy soe der krekt even op út mei syn mem, dy't by har yn wenne. Sy stienen al yn 'e gong. Doe sei Jan: "Gean even oer side tsjin 'e muorre oan stean." Hja gongen oer side. Der gong in kistje foarby. Jan seach it, syn...
Yn Hurdegaryp, dêr't dokter Bontekoe wenne hat, koe de hekke noait ticht bliuwe. Der roannen froeger faek fékooplju fan 'e Westerein nei Ljouwert ta. Dy moesten by dy hekke lâns. Guon ha sjoen, dat se dêr iderkear deakistjes fan lytse bern dwars oer de wei ta de homeije yndroegen.
Myn man Ringer kom op 'e Jouwer by twa âlde minsken. It mantsje hie handel. Myn man kocht wol gauris hwat by him yn, dat er dan wer útsutele. Hy fortelde us oan Ringer: "Op in kear kom der in mynhear by my. Dy sei: - Jo koenen wol folle mear by de ein ha. Jo koenen de handel wol útwreidzje. - Ik sei: - Dêr haw ik gjin jild foar. - - Kinst wol jild krije...
6