2 dataset trovati
Dutch Keywords: plotseling Organizzazioni: Meertens Institute Place of Narration: Drachten
In man en in frou - dat wienen skippers - dy bûgelen it skip mei de bûgel fol skulpen foar de kalkbranderij to Drachten. Dat dienen se bûtendyks by Harns (Harlingen). Doe sei de frou ynienen ûnder 't wurk: "Wy matte optslach nei de wâl, hwant der is hwat yn ús famylje gebeurd." Datselde ogenblik wie har heit overleden.
Der wie in joad, dy soe molke siede. Mar hy koe dy molke noait oan 'e soad krije. Op 't lêst, doe wìe 't sa fier, mar doe sea de molke oer alles en alles hinne. Doe makke dy joad gebeartens mei de hannen en rôp: "Genoeg! Genoeg! Genoeg!" Mar hy nom de panne net fan 't fjûr, dat doe sea alles droech. Doe sei dy joad: "Als God geeft, geeft hij in overvloed,...