Organizzazioni
Keywords

Non ci sono Keywords che corrispondono a questa ricerca

Danish Keywords

Non ci sono Danish Keywords che corrispondono a questa ricerca

Dutch Keywords
Mostra altro Dutch Keywords
German Keywords

Non ci sono German Keywords che corrispondono a questa ricerca

Icelandic Keywords

Non ci sono Icelandic Keywords che corrispondono a questa ricerca

Place Mentioned

Non ci sono Place Mentioned che corrispondono a questa ricerca

Place of Narration
Narrator Gender

Non ci sono Narrator Gender che corrispondono a questa ricerca

close
9 dataset trovati
Dutch Keywords: fles Place of Narration: Harkema
Doe't ik ûnder tsjinst wie, lieten se dêr wolris in flesse drank komme. Se stjûrden skoppenboer fuort en it earste stealtsje drank út 'e flesse lieten se der út rinne.
Klaes Schievink hie in bern, dat rekke bitsjoend. Doe gong er mei de boerewein nei de duvelbander ta. Doe't hy dêr kom, sei de duvelbander: "Ik wyt wol krekt hwat der by dy oan 'e hân is. Hjir hast in flesfol drank mei. Mar pas op, der komt earst in ding oan, dy springt by dy op 'e wein en dy hat it op 'e flesse bigrepen. Lit dat ding de flesse net brekke...
Yn 'e kroegen is 't wol gebeurd, dat se mei it útstjûren fan in spylkaert (skoppenboer) in flesse drank krigen. It earste romerfol matte se oer 't linker skouder hinne fuortsmite. It mingel drank sweeft earst boven de tafel om.
Heit syn heit mat as jonkje bitsjoend west ha. 't Bern seach der raer út. Doe gong syn heit nei Kûkherne ta, nei de duvelbander. Wopke sei: "Ja, jonge, dû bist krekt op 'e tiid. Even letter, en dan hie 't jonkje wei west." "Hwat mankeart it bern dan?" frege Pake. "Dat siz ik net," antwurde Wopke, "mar ik sil dy in drank klear meitsje. Mar dû mast oppasse....
Ik wie yn Dútslân yn in keet. Wy sieten dêr mei in stik of hwat kammeraden. Doe kom der ien yn en dy sei: "Ik stjûr skoppenboer fuort om in flesfol drank." Doe kom dy flesse fol mei sterke drank werom mei skoppenboer der oan. In oaren-ien út 'e keet nom de flesse oan. De flesse drank sweefde.
It gebeurde wol, dat guon byelkoar sieten en dat se sin hienen oan drank. Dan moesten se hartenhear ûnder yn 'e holte fan 'e flesse dwaen en dêr achterstofoar mei nei de doar ta gean. Hwant sy mochten net sjen hwa't de flesse oankrige. In oaren ien as deselde dy't de lege flesse oerjown hie, moest de folle flesse wer oannimme. Dat moest er ek...
Alde Bouke Schievink stjûrde Skoppenboer faek fuort om in flesse drank to krijen. In oar moest de flesse oannimme. Dat mocht er sels net dwaen. As der net ien wie, dy't de flesse oannimme woe, dan gong 't raer.
Fan heit en dy ha 'k wol heard, dat der wienen froeger wol minsken dy lieten in spylkaert út gean. Dy moest in flesse drank ophelje. Mar o wé, sei heit, as se dy flesse mei drank net oankrigen, dan kommen se der net levend foarwei.
As der in bern siik wier, gong de heit of de mem faek nei F.H. om in drankje. Hja krigen dan altyd de boadskip mei: "Tink der om, it drankje stiif yn de bûse hâlde. Hâld de hân der mar goed op. Ik bin bang, dat jo der net mei thús komme. Giet it goed, dan it bern mar gou hwat jaen en it fleske efter slot.
9