Organisations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
267 datasets found
Place of Narration: Veenwoudsterwal

To Ikkerwâld op in reedtsje, by de beantsjeboer roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dêr wienen de bern froeger fjûrbinaud foar.
Hjir op 'e Wâl, op 'e oare ein, roun èk in fôlle mei in brijpot om 'e hals.

Veenwoudsterwal
Op in kear gebeurde it, doe kaem Jehannes my tomjitte op it wetter, doe wied er oan 't silen. Mar hy hie 't seil rjocht forkeard op 'e kop stean en hy sylde mar raek. 't Wie op 'e Jodenhel. Ik sei: "Kinstû sà wol sile?" "Jawol", sei er. Nou, ik sei: "Dû hast it seil ommers rjocht forkeard der yn."

As in houn spûkgûlde koe men der fêst fan op oan dat der in sterfgefal yn 'e famylje to wachtsjen stie. Us mem hat it faker as ienkear meimakke.

Veenwoudsterwal

Op 'e Hoek, by de wei nei de Hoekswâl wennen mem en dy.
De buorfrou wie siik en lei op bêd.
Doe hearde mem op in joun klopjen. Mar der wie net ien. Doch hie mem it klopjen dúdlik heard.
De oare jouns waerd der wèr kloppe. Mar doe wie 't wòl echt.
"Hwa is der?" sei mem.
Doe wie 't Sibe, de buorman. Hy kaem to sizzen, dat syn frou overleden wie.

Veenwoudsterwal

Op 'e Godleas Singel en by de Skilige piip spokke it.

Veenwoudsterwal

Der binne tsjoensters, dy ha popkes dêr't se yn prippe om guon pine to bisoargjen.

Veenwoudsterwal

Douwe Gosses wie in raer man. Flokke en sûpe en sweare en swetse, dat koed er. Hy wenne op 'e Hoek hjir op 'e Wâl.
Op in kear kom er út 'e herberch. Doe hat de duvel him ûnderweis to pakken hawn. Dy hat him bot ôftichele, doe hie er it net rûm. Letter is Douwe al hielendal foroare.

Veenwoudsterwal

Japik Ingberts wie al in âld man, doe wied er op in joun by in boer to praten dy't tichte by him wenne. Doe't er fuort gong wie sei de boer tsjin syn frou: "De âlde hat sa nei myn raep sjoen dat ik wyt der neat fan, ik mei wol oppasse."
De raep, dat wie in moai horloazje, dat hong oan 'e muorre by 't finster.
De boer bleau yn 'e keamer yn 't tsjuster dy nachts en slepte net. Midden yn 'e nacht kom der hiel tomûk hwat oan. It finster waerd opdien en in hân taestte nei de muorre, mar doe pakte de boer dy hân beet en sei: "Dêr ha 'k dy, âlde smearlap. Ik hie dy forwachte!"

Veenwoudsterwal

Oan 'e ein fan 'e Wâl wie in skûtmakkerije. Dêr farden jouns wolris guon mei in boatsje lâns en dan hearden se dêr wolris saegjen, sûnder dat dêr in minske wie.
Dan gong it de oare deis, of twa dagen letter yn werkelikheit op in saegjen. 't Wie de foarboade fan drokte dy't komme soe.

Veenwoudsterwal

Op in pod moest men noait traepje, hwant dan waerden jy deaslein troch de tonger.

Veenwoudsterwal

Jehannes koe de minsken ek stean litte.

Veenwoudsterwal

Der wienen twa âlde minsken dy sieten op in middei by elkoar. Se soenen krekt oer 't miel gear, dat wienen opbrette jirappels.
Doe kom der in fé by har en dy sei, hja mochten trije winsken dwaen.
Hja woenen har goed bitinke, mar soenen earst mar ris ite.
Doe sei it wyfke sa: "Ik woe wol dat wy der in woarst by hienen, hwant dat is der sa lekker by."
En hja hie 't net sein of der lei in woarst yn 'e jirappelpanne.
Doe woarde man kûgels. Hja hienen ommers in protte jild freegje kind. Dêr hienen se hwat oan hawn togearre. Hwat wie nou in woarst. Hy wie sa hels, dat hy liet him ûntfalle: "Ik woe wol dat de woarst dy oan 'e noas hong."
En dat gebeurde ek, der hong it âlde minske in woarst oan 'e noas.
Doe bleau der noch ien winsk oer. Doe sei 't mantsje, hy woe wol dat de woarst wer fan 'e noas ôf wie. Hwat moest er oars ek al winskje. Syn wyfke koe net altyd omrinnen bliuwe mei in woarst oan 'e noas.
Dat gebeurde en doe wienen se wer krekt like fier as earst.

Veenwoudsterwal
Wy trapen froeger net heal op podden, hwant wy mienden dat it dan bigjinne soe to tongerjen.
Hjir op 'e Langediken wenne in âld minske, dat tsjoene koe. Myn âldste broer en suster dy gongen ris op in kear nei skoalle ta. Doe sei Lammert tsjin har: "Dû mast de mûle goed ticht hâlde, oars wurdst bitsjoend." Dat mienden se froeger echt.

In skatrike mynhear hie in frou dy't siik wie. 't Wie de dochter fan in professor. Dy professor joech har spul dat se ynnimme moest, mar it joech neat. It minske waerd al mar minder. Doe reizge 't minske mei har geselskipsdame nei Kûkherne ta, mei de trein. Hja stapte net út yn Feanwâlden, hwant it ein fan Feanwâlden nei Kûkherne ta to rinnen, dat koe hja net dwaen. Dat dy trein stoppe apart foar har yn Kûkherne, dêr't it minske útstapte en mei har freondin nei Wopke ta gong. Doe joech Wopke har medesinen. Dêr moest se mar geregeld fan brûke, sei er.
Op 'e weromreis hâldde de trein wer yn Kûkherne stil. Dêr stapten de beide dames wer yn.
Al gau wie 't minske genezen. Hja wie o sa bliid. Doe't hja better wie, sei de professor: Sjesa, dat ha wy opret.
Doe sei syn dochter: "Dat ha jo net dien, dat hat Greate Wopke dien."
Letter hat dy professor nei Greate Wopke ta west. Hy sei: "Hwat lieten jo myn dochter ynnimme?" Doe sei Wopke: "Deselde medesinen dy't jo har ynnimme lieten, mar ik socht de krûden moarns fóár de sinne, en jo lieten se sykje troch de dei."

Veenwoudsterwal

Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Hy hie twa hynders foar de ploege. Der kom ien by him, dy woe graech wite hwer't sterke Hearke wenne. Doe stuts Hearke de ploege mei de iene hân foarút en sei: "Sjoch, dêr wennet er, en hjir stiet er."

Veenwoudsterwal

Der binne bern dy wurde mei de helm op geboaren. Dy helm matte se der by de geboarte ôflûke. As se de helm der achter oer ôf lutsen moesten dy bern letter alles sjen. Dienen se 't nei foaren, nei ûnderen, dan wie dat net it gefal.
Sa is in omke fan my mei de helm geboaren. Mar hy kin net foarút sjen. Dêr hat âlde Klaske-kreamheinster yndertiid wol foar soarge.
Oars hied er fan tofoaren de routsjinst gean sjoen. Sa'n man wie der yn Twizelerheide. Dat wie in sekere Veenstra. Dy moest nachts fan bêd ôf om to sjen. 't Kom altyd nei, seinen se.
Hjir yn 'e omkriten wenne net sa'n ien.

Veenwoudsterwal
Us mem wie altyd deabinaud dat wy hwat fan in tsjoenster oannimme soenen en dat opite. Hwant dan wienen wy bitsjoend.

Jehannes tsyske koe ek de turven marsjeare litte.

Veenwoudsterwal

Njonken de meniste tsjerke to Feanwâlden is in slot, dêr reizge altyd in frou om, sawol nachts as deis.
Deis wie se yn 't wyt en nachts yn 't swart. Soms gong se yn 'e berm lizzen. De oare moarns wie se der wei. Hja sei noait hwat. Dêr wienen guon tige binaud foar.

Veenwoudsterwal
277