Organisations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
10 datasets found
Dutch Keywords: kind Place of Narration: Twijzelerheide
As bern froeger to ticht by 't wetter kommen, seinen se: Pas op! De bûzehappert pakt dy! Ek wol: de wettermantsjes. Ek wol: de kikkerts. Ek wol: in rare keardel lûkt dy der yn!
To Hurdegaryp, by 't hûs dêr't froeger dokter Bontekoe wenne, is in hekke, dy koe noait ticht fanwege de berntsjes, dy't dêr formoarde wienen.
Op it Formanjepaed tusken Damwâld en de Falom, dêr sweefden in pear neakene berntsjes om.
As it bern siik wie, woarde it kessen ûndersocht. Founen se dêr krânsen yn, dan wie 't bern bitsjoend. Dan gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie Oene fan Sweagerbosk. Dy joech altyd in drank mei. Dan sei er: "Tink der om dat net ien it drankje sjocht." De krânsen woarden opbrând yn 'e stookpot. Dan moest alles ticht wêze. It bern woarde wer better as...
As der ergens pasgeboaren bern wienen, dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. Dat wie om de tsjoensters to kearen.
Fan 'e tsjoensters mat der om de sawn jier ien dea. Der hat my us in tsjoenster topakken hawn. Ik moest bifalle, ik krige in pop, dat wie in jonkje. Doe sei mem: "Nou hoop ik net dat Tsjallings Gjetsje hjir hjoed komt." (Tsjallings Gjetsje wie in tsjoenster). Dêr hie mem it net op bigrepen. En fordomd, om goed healwei fiven komt se der yn. Sy krijt fuort...
Us pake en dy hienen in helm fan ien fan 'e bern. Dêr wie dat bern mei geboaren. Dy helm koe pake djûr forkeapje. De dokter wie der tige hyt op. Hy sei: "Daar wil ik van der Veen wel veel geld voor geven." Mar pake die't net. Letter hat pake dy helm fuort dien. Dy't sa'n helm yn besit hat is kûgelfrij.
Yn 'e Broek wennen in man en in frou mei bern. Ien fan dy berntsjes wie ûngelokkich. De frou forstoar en de man bleau mei de berntsjes achter. Sy hienen in folkstúntsje. Dat hierden se. Dat moesten dy berntsjes ûnderhâlde. As dy berntsjes dêr oan 't wurk wienen, seagen se har mem. Dat gebeurde sa nou en dan. Sy fortelden it thús, mar har heit woe 't earst...
Tsjoensters tsjoene krânsen yn de kessens fan deselden dy't se bitsjoene. Sa'n krâns sit fan alles yn fan hwat se deis by de ein ha. As der trije foltoaid binne, dan binne de minsken kapoerus. Binne se noch net foltoaid, dan mat men dy krânsen opbrânne. Dan makket de hekse in rare reis. Jeltsje en Lutske fan 'e Houtigehage hienen poppen, dy't se sels...
Yn 'e Houtigehage ha minsken wenne, dy hienen twa berntsjes forlern. Dy berntsjes wienen bigroeven woarn sûnder deakleantsjes oan. Doe kommen dy berntsjes dêr nou en dan to boartsjen mei de oare bern. Dan wienen se alhiel neaken. Doe hat de mem op in joun deakleantsjes dellein op 'e stoel, dy't yn 'e hoeke stie. De oare moarns wienen de deakleantsjes...
10