Ik ha wolris heard dat der guon wienen, dy hienen de kweade hân. Dy koenen it fé samar siik meitsje en dan stoaren de dieren op 't lêst.
Aeltsje wenne ek yn Moddergat. It wie in tsjoenster. Sy hie har eigen soan bitsjoend. It bern stoar. Hja hie hiele rare eagen yn 'e kop. Doe't it bern stoar sei se:
Eén uur van onbedachtzaamheid
kan maken dat men jaren schreit.
Hjir tichteby stie in hûs, dêr wennen minsken yn, dy hienen in popke. Dat wie tige siik. Elkenien koe sjen dat it net goed kom. Dat popke rekke wei. Al in pear jounen fan tofoaren gong dêr in âld houn nei dat hûs ta en dy siet dêr de hiele joun foar dat hûs to spookgûlen. Se jagen him fuort, mar even letter wie hy der wer en dan gong 't wer op in...
Ik ha wol ris heard, dat ien syn eigen soan of dochter deatsjoende, oars gong hy der sels oan.